maandag 7 maart 2011

Wêr geane jo hinne?


,,De minsken wolle ornaris wêze wêr’t se net binne”, seit in tegeltablo op it stasjon yn Ljouwert en der binne hiel wat plakken dêr’t in minske hinne kin. Mei help fan it wurdsje ‘nei’ kin oanjûn wurde dat jo yn de rjochting fan sa’n plak geane, lykas ‘ik gean nei Berltsum’.
Yn de taal kin men ek figuerlik nei plakken gean. Sa kinne jo nei Meppel ta om te kopkearen. Jo geane dan net letterlik nei Meppel. En it is ek net mooglik om jo holle dêr keare te litten, it leit alteast net foar de hân. De betsjutting is dus figuerlik, it wurdt sein as immen in stomme set úthellet. Bygelyks ,,grutte sûch, gean nei Meppel ta te kopkearen.” Of tsjin immen dy’t der min útsjocht: ,,Wat sjochsto der slûch út, do meist wol nei Meppel te kopkearen!”
In oar foarbyld fan figuerlik reizgjen is de siswize ,,Nei Jeruzalim gean om sjippe”. As men dat letterlik nimt wurdt it djoere sjippe. De figuerlike betsjutting is ‘te’n ûnder gean’, ‘teloar gean’. De siswize ‘om sjippe gean’ is al âld en giet mooglik werom op de reizen dy’t skippen eartiids nei it Middellânske Seegebiet makken om sjippe yn te keapjen en hjir hinne te farren. Fan sa’n fiere, nuodlike reis kamen de keaplju net altyd werom. It skip koe fergean of men kaam op in oare wize om. ‘Om sjippe gean’ waard dus synonym mei ‘omkomme’. Neffens de skriuwer Waling Dykstra moatte wy sels werom nei de tiid foar 1300: ‘Ten tijde der kruistochten brachten de ridders, die uit het heilige land terugkeerden, wel Jeruzalemsche zeep mee naar huis. Maar de meesten keerden nooit terug.’
Noch in pear fan sokke plakken dêr’t jo hinne kinne om net libben wer wei te kommen: ‘Nei gychem gean’, ‘nei de bar(re)bysjes gean’. Net allinnich persoanen geane nei gychem of de barbysjes, ek saken: ‘Troch de opkomst fan ynternet geane de kranten nei gychem,’ of: ‘Myn achterbân is nei de barbysjes.’ Gychem is in net-besteand plak. It wurd barbysjes giet werom op de namme fan de rivier Berbice yn Brits Guyana, dêr’t in ferskriklik klimaat hearsket.
Hjirboppe stiet dat men letterlik nei Berltsum gean kin, mar neffens it Wurdboek fan de Fryske taal kin it ek figuerlik. As in bern nijsgjirrich freget ‘wêr giet mem hinne’, kin it antwurd fan mem wêze: ‘nei Berltsum te ierdbei-iten’. Itselde dus as ‘boerefinne’, ‘futsjefinne’ of ‘kûtsjefinne’. Witte jo ek sa’n soarte fan siswize mei in plaknamme deryn, dan kinne jo dat opstjoere nei it Friesch Dagblad. Of melde op it webloch.

Ferskynd yn Friesch Dagblad 5-3-2011