maandag 14 oktober 2013

Wivepraat



De oare kear gong it der yn dizze rubryk oer dat it sprekwurd ‘it bêste stik húsried is in goed wiif’ út de tiid is. It wurd wiif yn dat sprekwurd is hjoed-de-dei ek net mear sa brûkber. Wiif wie earder in neutrale oantsjutting foar frou yn it algemien, sûnder in negatyf gefoel. Dat kinne wy ús no hast net mear yntinke. Ferfang yn de sin ‘der rûn in frou foar it terras lâns’ it wurd frou mar ris troch wiif en jo begripe daliks dat ‘wiif’ foar frou net mear kin.

Neist ‘frou yn it algemien’ betsjut wiif ek ‘frou dêr’t ien mei troud is’. Al yn it Ald- en Midfrysk kaam dy betsjutting foar. It Nederlânsk hat wijf en it Dútsk Weib. Yn dy beide talen betsjut it ek ‘frou’ en krekt as yn it Frysk, foaral mei in negatyf gefoel. Yn neamde  talen betsjut it ek ‘frou dêr't men mei troud is’. Dy lêste betsjutting is sa stadichoan ek yn it neigean rekke. Hjoed-de-dei sizze wy net mear sokssawat as ‘Klaas en it wiif komme jûn ek’. Yn it Nederlânsk is wijf as ‘echtgenote’ al mear as 200 jier út de graasje. It Frysk hat lang oan wiif as troude frou fêsthâlden, mar nei 1950 is dy betsjutting hieltyd mear yn ûnbrûk rekke. Yn it Ingelsk is ‘wife’ foar troude frou noch wol gewoan.

Hoe soe it komme dat wiif (en wijf) tsjintwurdich sa’n negative gefoelswearde hawwe? In oarsaak is miskien dat it eartiids neist yn de algemiene betsjutting ek brûkt waard foar prostituee. Dy betsjuttingsútwreiding komt al foar yn it Nederlânsk fan de trettjinde ieu. Yn dat saneamde Middelnederlânsk besteane al ferbiningen as ‘licht wijf’ en ‘ghemeen wijf’. By beide kombinaasjes hawwe wy te krijen mei in prostituee. Mooglik dat de negative gefoelswearde dy't ferbûn is mei prostitúsje en alles wat dêrby heart, oergien is op de algemiene, ‘neutrale’ betsjutting dy't wijf (wiif) hie. Nei 1500 komme wy wijf en wiif hieltyd faker tsjin yn negative sin. It wurdt dan brûkt yn kombinaasje mei negative eigenskippen: rabberich, oanstellerich, rûzje meitsjend: in âld wiif, in kwea wiif, in frjemd wiif. Mei ‘dat’ derfoar kriget men itselde negative gefoelseffekt: ‘dat wiif moat hjir net wer komme’. Hjir leit ek in ferbining mei it Fryske wurd frommes, dat ek negative gefoelens oproppe kin: ‘dat frommes ek altyd te seuren’.

Hiel oars is it mei de ferlytsingsfoarm wyfke. Dat ropt, lykas ferlytsingsfoarmen dat gauris dogge, meast positive, ‘fertederjende’ gefoelens op. Dat is sa yn ‘toe mar wyfke, jou heit mar in hân’. Mei in eigenskipswurd derfoar, lykas yn ‘it âld wyfke rûn achter de rollator’ ferdwynt it negative ek. Mar kin noch sein wurde ‘Klaas en it wyfke komme jûn ek’? It is almeast feroare yn ‘Klaas en de frou’ en sels dat wurdt sa stadichoan ferfongen troch ‘Klaas en syn partner’. En omdat alles hieltyd mear Ingelsktalich wurdt, fine wy it skielk miskien wol hiel gewoan dat Klaas en ‘his wife’ ek komme.

Ek ferskynd yn Friesch Dagblad 12-10-2013