zaterdag 26 april 2014

Lawabbels en hingelmatten



Yn ien fan syn ferhalen skriuwt de njoggentjinde-ieuske auteur Joast Halbertsma: ‘ Noch ferachtliker neamden se him lawabbel, omdat er net by de man stie lykas de spekstro, of de earte en beane.’ Dêr stiet ien wurd yn dat net misstien hie yn it Grut Frysk Diktee fan 16 april: lawabbel. Giet it hjir miskien om in persoan? Mar dan is de ferbining mei spekstro (spekpankoeken), earte en beane wat nuver. Nee, in lawabbel is in ierappel. Halbertsma ferbasteret it wurd ierappel op humoristyske wize om goed útkomme te litten dat ierappels sa streksum net binne as spekstro, earte en beane.
It wurd ierappel is foarme út ierde en appel. Yn it Frysk is ierappel yn 'e rin fan 'e ieuwen ferbastere ta foarmen as earappel, earpel,  jerappel, rjappel en ierpel. It aparte is dat elke hoeke fan Fryslân syn eigen útspraak fan ierappel hat.

Der binne yn it Frysk en Nederlânsk mear wurden dy't sa ferbastere binne, dat jo net mear sjen kinne wat it oarspronklike wurd west hat. By ierappels’ tinkt men net mear oan ‘appels’ út de ‘ierde’ en dêrom is yn 'e rin fan de ieuwen de útspraak sa feroare dat men it oarspronklike wurd net mear werom ken. Sa sjogge jo oan lawabbel net dat it in ferfoarming fan ierappel is. En wat soenen jo meitsje fan ferbasteringen as tusearte, stynske weet, leghorn, gouden lyskes of titelroas? Yn en om Drachten sizze de minsken tusearte foar (griene) beantsjes. Dat komt fan Turkse earte. Stynske weet is mais en komt fan Eastynjeske weet (‘Oostindische tarwe’). ‘Leg’ yn it Nederlânske ‘leghorn’ hat neat mei ‘leggen’ (lizze, aaien lizze) te meitsjen, nee it hinneras ‘leghorn’ is in ferbastering fan de Italiaanske plaknamme Legorno (hjoed-de-dei bekend as Livorno). Gouden lyskes binne appels fan it ras golden delicious. En titelroas (‘narcis’) komt fan ‘tideloas’ dat wer fan it Nederlânske ‘tijloos’ komt (fgl. ‘herfsttijloos’).

Yn leghorn, gouden lyskes en titelroas komme wy yn leg-, lyskes en -roas bekende wurddielen tsjin. Mar dy hawwe dus neat te krijen mei it tiidwurd ‘leggen’, de namme ‘Lyske’ of mei ‘roazen’. Dy bekende wurden of wurddielen binne ûntstien omdat de minsken eartiids de oarspronklike wurden ‘legorno’, ‘delicious’ en ‘tideloas’ net (mear) begriepen. Dêrnei binne se yn it gewoane taalgebrûk ferbûn mei wurden dy't wol bekend wienen: leg-, lyske en -roas. En hjoed-de-dei tinke wy by leghorn, gouden lyskes en titelroazen dat it om ‘leggen’, ‘Lyske’ of ‘roazen’ giet. Mar sa sit it dus net!
Noch sa’n gefal is it Nederlânske ‘hangmat’. Dat komt net fan ‘hang’ en ‘mat’, mar fan it Spaanske ‘hamaca’, dat ûntliend is oan it Taino, de taal fan de Arawak-yndianen op Haïty. It betsjut ‘hingjend sliepplak’. It moaiste is noch dat ‘hangmat’ dêrnei yn it Frysk oerset is ta ‘hingelmatte’. Joast Halbertsma ferbastere yn syn tiid as grap de ierappel ta lawabbel. De taalpuristyske, hyperkorrekte ‘hingelmatte’ is lykwols perfoarst gjin grap: it is as serieus wurd opnommen yn de Fryske wurdboeken. Lawabbels en hingelmatten moatte wy mar mei in kerreltsje sâlt nimme.

zaterdag 29 maart 2014

Lêzbere foroaringen

‘Moi sunder wergea benna da walden: / Smoekscadjend beamtegrien oerol yn 't rund.’ Sa bigjint it bikende liet ‘De Wâldsang’ fan de dichter Harmen Sytstra, mar sa stiet it tsjintwurdich net yn de lietebondel ‘Fryslân sjongt’. Sa't it hjir stiet is it de oarspronklike ferzje út 1848. Yn de tiid fan Sytstra, de njoggentjinde ieu, stie de Fryske stavering noch net fêst en der wiene forskillende taelkundigen en skriuwers dy't in systeem fan staveringsregels úttocht hiene. De skoalmaster Harmen Sytstra ûntwurp in systeem fan regels dat syn oarsprong foun yn it Aldfrysk, it Frysk fan foar 1500. Dat er nei dat âlde Frysk seach is to sjen oan wurden as benna (binne) en rund (roun). Yn dy âlde tiid waerd it sa skreaun en sein. Yn de tiid fan Sytstra like it sprutsen Frysk lykwols folle mear op ús Frysk fan hjoed-de-dei as op it Aldfrysk. Hy skreau dus in Frysk dat sa al ieuwen net mear útsprutsen waerd. En soms wie it al ûnlêzber foar de minsken fan syn tiid en alhielendal foar ús. Wat meitsje jo bygelyks fan dit sintsje yn dat pseudo-Aldfrysk út 1855: ‘Prîsgia hin hierum but-hullan, det forguldath den rimer lîk as en kranse fon buterblummon den kinkel.’

Gelokkich is dizze frjemde stavering net neifolge. Tiidgenoaten fan Sytstra hiene al better foar it forstân dat as jo de minsken oan it Frysk-lêzen krije wolle, dat de stavering dan ienfâldich wêze moat. Yn 1879 kaem der in earste beregeling fan de Fryske stavering. Dy staveringsregels hawwe it oant 1945 ta úthâldden en liket noch wol aerdich op hoe't wy yn diztiid it Frysk skriuwe. In pear fan de greate forskillen tusken de stavering fan 1879 en fan 1945 binne to sjen yn dit sintsje: ‘Wy scille (sille) det (dat) wirk (wurk) fen (fan) dy man yn stikken skûrre (skuorre).’ Tusken heakjes stiet de foarm neffens de regels fan 1945. Dit is al better nei te kommen as it pseudo-Aldfrysk fan Harmen Sytstra.
Miskien binne jo aerdich bitûft yn it Frysk-lêzen: jo lêze elke dei in stikje út de Fryske Bibel, alle wiken in Frysk boek en fansels alle moannen dizze rubryk. Soenen jo dan in boek fan Reinder Brolsma, Ulbe van Houten of Simke Kloosterman mei wurden as ‘wirk’, ‘fen’, ‘scille’ ‘hjar’, ‘skûrre’ en ‘det’ net neikomme kinne? Miskien moat it earst wol wat wenne, mar as it in goed boek is, dan lêst it nei forrin fan tiid grif al flotter.

Yn 1980 is de Fryske stavering noch in kear foroare en fierder forienfâldige. Inkelde wizigingen  binne dat de ou yn wurden as joun en goune feroare yn û ( jûn, gûne) en dat de ae yn bygelyks aep en baen no aa (aap, baan) waerd. For- en bi- yn wurden as foriening en bigeanber waerd wizige yn fer- en be- (feriening en begeanber). De h foar hwer fordwoun en to waerd te. Oft it foar ús, lêzers út 2014, no ek dreech wurden is om teksten yn de âlde stavering fan foar 1980 te lêzen? As jo dit stikje goed neikomme kinne, hawwe jo it antwurd.

zaterdag 1 maart 2014

Karen Bies skriuwt Grut Frysk Diktee 2014

Woansdei 16 april wurdt de finale fan it tolfde Grut Frysk Diktee hâlden. It evenemint fynt lykas wenst plak yn de Steateseal fan it Provinsjehûs yn Ljouwert. Tekstskriuwer en foarlêzer is dit jier Omrop  Fryslânpresintatrise Karen Bies. Oaninoar of los, Haadletter of net, û of oe, f of v, streekje of gjin streekje, hjerring of hearring, frjemde of âlde wurden? Karen sil de dielnimmers útdaagje om op har iepenst te wêzen foar dat soarte fan tûkelteammen en ûnferwachte ynstjonkers. It diktee is stavere neffens de jildende regels foar de Fryske stavering.
Meidwaan oan de finale
Wat moatte jo dwaan om kâns te meitsjen op in finaleplak by it Grut Frysk Diktee? Streekje de flaters yn ûndersteand kwalifikaasjediktee oan en set efter elke sin hoefolle flaters oft jo yn dy sin fûn hawwe. Tel dêrnei alle flaters op en skriuw ek it totaal op. Stjoer it kwalifikaasjediktee mei jo namme, adres, telefoannûmer (en e-mailadres) nei: Diktee 2014, p/a Fryske Akademy, Postbus 54, 8900 AB Ljouwert. De bêste 40 ynstjoerders wurde útnoege om mei te dwaan oan de finale op 16 april. Jo ynstjoering moat foar 25 maart ynkommen wêze. Finalisten krije yn ‘e wike dêrnei berjocht.
  1. De omslag dy’t revolúsjes tewei bringe kinne somstiden de wrâld sadanich yn disoarder bringe dat neitiid, as der wêr wat oarder yn de gaös kommen is, de wrâld amper mear werom te kinnen is.
  2. Der binne refolten dy’t mei gewelt en fordrukking minskerjochten teskuorre en tegnjidzje; en der binne revolúsjes dy’t sûnder houwerij de boel ûnderstboppe keare.
  3. De Yndustriele Revolúsje mei de feroaring fan de agraryske maatskippij nei de mear megansyke maatskippij mei massaproduksje en kapitalisme makke oarsoartiche slachtoffers as de Russyske Revolúsje, wêr’t geweren en bommen de sfeer bepaalden.
  4. De útfining fan de boekdrukunst is ek sa’n omkear dy’t in sadanigen impakt op de wrâldskiednis hawn hat dat wy, de minsken fan dêrnei, ús amper of net yntinke kinne hoe’t it dêrfoar west hat.
  5. De digitale revolúsje sette út ein mei de útfining fan de kompjoeter, mar de trochbraak kaam mei de yntroduksy fan ynternet, mei de yntree fan apensturt en epost, mei it yndrukken fan ctrl+alt+delete, en mei sms-kes, Whattsapp-en, de snoadfoan en it tablet.
  6. Mei spionnearjende Amearikaanske websneupers en oeral big brother-eftige gnúfkamera’s as moderne strúnjagers is jins privasy net mear feilich.
Oplossings oer de e-mail rjochtsje oan: fryskdiktee@fryske-akademy.nl

zaterdag 1 februari 2014

Great, greuter, greotst



Yn Berltsum roint it, yn Drachten reint it en yn Twizelerheide reent it. Yn Koudum smarre se buter op 'e bôle, yn Damwâld bûter en yn Easternijtsjerk buotter. Binnen it Frysk besteane farianten dy't dialekten neamd wurde. De dialekten dy't it grutste gebiet beslane binne de Wâlden en de Klaai, lytsere dialekten binne it Dongeradielster Frysk,  it Súdhoeks en it Súdwesthoeks. Dat is sawat rûchwei de yndieling, de grinzen binne net skerp en hjir en dêr binne noch wer lytsere ‘enklaves’ dêr't se it noch krekt wer oars sizze. Dat der Fryske dialekten besteane is net útsûnderlik, it Nederlânsk hat ek sa syn dialekten.
It Nederlânsk hat in standerttaal, in taal dy't neist de dialektfarianten stiet en foaral as algemiene omgongs- en skriuwtaal brûkt wurdt. Dy standerttaal is troch de skiednis hinne ûntstien omdat er yn it ûnderwiis en de media, troch de oerheid en de tsjerke brûkt waard. Fierder is dy standerttaal yn wurdboeken en grammatika's fêstlein. Yn dy standerttaal spylje de dialekten amper of gjin rol: de dialektútspraak ‘teveul’ wurdt net yn de gewoane taal skreaun en stiet net yn it wurdboek, de standertfoarm ‘teveel’ dêrfoaroer wol.

Mei it Frysk is dat oars: yn de skriuwtaal komme fan in hiel soad wurden skriuwfoarmen foar út twa of mear dialekten. De û/o wiksel yn bûnt/bont en hûndert/hondert binne dêr foarbylden fan. Oare fariantepearen binne de ie/ee yn giel/geel, de a/e yn hawwe/hewwe. Dat soarte fan wurden steane hieltyd ek beide yn it wurdboek. Is der fan alle farianten dan in Fryske skriuwfoarm gongber? Nee, want neist lizze skriuwe wy net leze, neist neaken gjin nêken, neist keapje net keepje. En bealch, dat ek útsprutsen wurdt as beolch hat net de skriuwfoarm beolch. It wurd heit wurdt útsprutsen as heit, hait en hoit, mar wy skriuwe allinne heit. En wy skriuwe ‘ik kaam thús’ en net ‘ik kâm thús’. Om it mar net te hawwen oer woarst/wjarst of fuort/ fjort. En wat te sizzen fan grut: greut, greot (en earder great) wurdt ek sein, mar der is hjoed-de-dei mar ien staveringsfoarm: grut.

Lang net elke dialektfoarm wurdt dus skreaun. Dat guon foarmen net (mear) skreaun wurde, hat grif te meitsjen mei it feit dat it Frysk him stadichoan ûntwikkelet yn ’e rjochting fan in standerttaal mei meast ien skriuwfoarm foar in wurd. In soarte fan boppe-regionaal Frysk dat krekt as de Nederlânske standerttaal oanleard wurdt yn it ûnderwiis, brûkt wurdt troch media en oerheid en dat yn wurdboeken en grammatika’s fêstlein is. Tsjinstanners fan sa'n soarte fan standerdisearring fan it Frysk sizze dat minsken dan har eigen dialekt net mear skriuwe kinne, omdat dy foarmen ferkeard rekkene wurde soene. Lykwols, gjinien skriuwt syn eigen dialekt: it Frysk hat al in soarte fan standerttaal en in hiel soad dialektfoarmen wurde hielendal net skreaun.
Net omdat se net goed binne, mar fanwege it gemak fan in standert (ien skriuwfoarm leare en net trije). De kar tusken farianten as great, greuter, greotst is al lang makke: de standert is grut, grutter, grutst.

(Friesch Dagblad 1-2-2014)

zaterdag 4 januari 2014

Fuort dermei

Yn ’e lêste moanne fan it krekt ôfsletten jier 2013 kamen wer allegear ferkiezings fan it moaiste wurd of taalferskynsel yn it nijs. Op de website fan Utjouwerij Van Dale koe men kieze foar it ‘woord van het jaar’. Van Dale hie al in foarseleksje makke mei dêryn wurden as socialbesitas, sletvrees, participatiesamenleving en selfie. Dat lêste wurd keazen de stimmers ta wurd fan it jier. Van Dale kaam der hiel faak mei yn it nijs en dat is fansels moaie fergeze reklame foar sa’n útjouwerij. Mar der binne mear wurden fan it jier. It genoatskip Onze Taal rôp participatiesamenleving út ta wurd fan it jier, in wurd dat by Van Dale ek meidie, mar it dêr net helle. Selfie is fansels in stik hipper as participatiesamenleving. It lêste wurd ropt miskien mear negative gefoelens op, want it wurdt al gau assosjearre mei besunigings en krisisellinde en dat kin in reden wêze om it wurd dan mar net mear sa moai te finen.

Der koe fierder stimd wurde op de moaiste ‘onjuiste’ spaasje. Wurden dy’t oaninoar skreaun wurde moatte, mar dat net binne en dy’t dêrtroch in (grappich) misferstân feroarsaakje. Der koe ûnder oaren keazen wurde út ‘weer updates’ (= weerupdates), ‘bronstige hertenimitator’ (= bronstigeherten-imitator) en noch fjouwer oare mispleatste spaasjewurden (of is it mispleatstespaasje-wurden?)

Dan wie der de ferkiezing fan de moaiste siswize fan 2013: Hee hef ooner ’n droad hen vretten, in siswize ‘oet Twente’ dy't betsjut dat er it mei in oare frou as syn eigen oanlein hat; de ferkiezing fan ‘de slechtste slogan van het jaar’: ‘It’s de Cock that makes the man’, fan kleanwinkel Jan de Cock yn Tilboarch, en de ferkiezing fan it anglisisme fan it jier. Dat wie ‘akward’, en dat betsjut pynlik (wêrom’t akward sein wurde moat as pynlik bedoeld wurdt, is my net alhiel dúdlik).

Foar it Frysk hat de Ried fan de Fryske beweging de wedstriid ‘Moaiste wurd 2013’ útskreaun: Tolve wurden ferfryskje, mei dêrby wer selfie en sletvrees, mar ek afhaakman, knuffelcrimineel, kauwdrug en scheefwerken.
De aardichste wurdferkiezing fan 2013 wie dy fan it Instituut voor Nederlandse Lexicologie: Weg met dat woord! Dêr moasten de stimmers oanjaan hokker wurd sa gau as mooglik út it Nederlânsk ferdwine moast. Men koe wer op selfie en participatiesamenleving stimme, mar dy waarden net útkeazen. Dat koe hast ek net oars, want dy wienen krekt by Van Dale en Onze Taal keazen ta it wurd fan 2013! It fuort te smiten wurd waard ‘kids’. Wy hawwe blykber ús nocht fan de kids en prate leaver wer oer de bern (of ‘kinderen’). Sa sjogge jo mar wer dat moadewurden soms mar in koart libben hawwe. As se faak en oant ferfelens ta brûkt wurde, krije wy ús nocht en begjinne wy sokke wurden te mijen.
 
Foar it Frysk is sa’n list fan wurden dy’t wy ‘as kyspijn misse’ kinne ek wol wat. Hokker wurden sizze jo fan: Fuort dermei! Hjir is myn top 10: ‘leuk’, ‘oant moarn’, ‘foedselbank’, ‘bêstgenôch’, ‘mienskip’, ‘hoihoi’, ‘erch’, ‘De Friese Meren’, ‘hokker’, ‘welke’.
Jou yn de kommentaar-opsje oan hokker/welk wurd(en) om jo wol fuort kinne.

zondag 8 december 2013

Skriuwe wy ergens yn it Frysk?

Geef Frysk is net wichtich of belangryk, wie in pear wike lyn in diskusjestelling by Omrop Fryslân. Genôch reden dus foar fûle striidpetearen oer de kwaliteit fan it Frysk. Sille wy al dy Hollanismen derút kneppelje en sa de taal suver hâlde? Of moatte wy it mar moai gewurde litte, want it is gewoan in taalferoaring.
It is soms lestich om út te meitsjen wat al of net echt (geef) Frysk is. ‘Suver Frysk’ bestiet net, gjin inkelde taal is ‘suver’, want talen dy't kontakt mei-inoar hawwe, beynfloedzje inoar oer en wer. Sa lient it  Frysk al mear as fiifhûndert jier Nederlânske wurden en it Nederlânsk hat ek wolris wat út it Frysk liend. De iene fynt dat slim, al dy lienwurden, foaral as der wol goede Fryske wurden foar besteane. En in oar seit, och lit mar gewurde, at de minsken my mar begripe, want dêr giet it op 't lêst om.

Yn it moderne Frysk wurde mear en mear Nederlânske wurden brûkt. Hjir binne in pear foarbylden fan sinnen mei wurden deryn dy't streekrjocht út it Nederlânsk komme: We krije iten fan de ‘voedselbank’. Dan is it ‘over en uit’. We ‘hure in wenning’. Der ‘binne’ genôch ‘kijkers’ west. Ik kom fannemiddei wer ‘even in besoekje bringen’.
It is foaral de sprektaal dy't gefoelich is foar Nederlânske lienwurden. Dat leit ek wol foar de hân, want men heart in soad Nederlânsk om jin hinne en wit net altiten wat it goede Fryske wurd is. Betink sa gau mar ris it Fryske wurd foar ‘juichen’ yn in sin as ‘we moeten niet te vroeg juichen’. As men gewoan in praatsje hat, is der gjin tiid om dêr oer nei te tinken en dan seit men sa'n sin hast letterlik yn it Nederlânsk: we moatte net te ‘froech juiche’.
As it der net mear ta docht oft men Hollanismen yn de de sprektaal brûkt, dan komt ek de fraach op hoe't je dy dan skriuwe moatte. Moatte se oanpast wurde oan de Fryske skriuwregels of moatte se mar yn it Nederlânsk skreaun wurde. Is it dan ‘foedselbank’ of ‘voedselbank’ (yn it Frysk begjinne de wurden net mei in v). En as in Fryskprater ‘huren’ seit en dat ek skriuwe wol, hoe moat dat dan: ‘ik huer in hûs’ of ‘ik huur in hûs’. En hoe moat it Nederlânske ‘ergens’ yn it Frysk, skriuwe je dat as ‘erges’, wat men hjir en dêr wol sjocht? As de stomme n dêr net skreaun wurdt, moat dan de stomme r yn bygelyks fee-arts dan ek net weilitten wurde: ‘de fee-ats hat Bijke litte ynsliepen’.

As geef Frysk dan net sa belangryk mear is, dan moatte de foarstanders fan dy stelling har wol realisearje dat de skriuwwize fan dat nije Frysk fragen opropt: de Hollanismen gewoan mar oernimme of oanpasse oan de Fryske skriuwwize. Wy kinne ek besykje om dochs goed en fersoarge Frysk te skriuwen. It skreaune Frysk mei allegear Hollanismen, ergens liket it nergens nei!

woensdag 27 november 2013

Woordeboek fan 't Bildts

Yn Fryslân wurdt troch de measte minsken Frysk praat. Dêrneist hawwe wy ûnder oaren noch it Nederlânsk, it Stellingwerfsk en it Stedfrysk. Yn de noardwesthoeke fan de provinsje fine wy it Bilts. Dy streektaal is nei fyftjinhûndert ûntstien yn it ynpoldere part fan de Middelsee dat hjoed-de-dei de gemeente It Bilt foarmet. Lju út it doetiidske Hollân krigen konsesjes om de krite tusken Stiens en Berltsum yn te polderjen en oan te meitsjen. Yn it nije lân ûntstienen letter doarpen as ‘Onze Lieve Vrouwenparochie’ en ‘Sint Jacobiparochie’. It (Súd-Hollânsk) komôf fan de Biltkers fine wy werom yn nammen as Kuik, (van) Kuiken, Wijngaarden en Wassenaar.
De taal dy't de Hollânske polderjonges sprieken, kaam yn kontakt mei it Frysk fan de omlizzende gritenijen en der ûntstie in nije fariant, it Bilts. Yn dy taal fine wy ynfloeden dy't op it Frysk tebek geane, mar ek it Nederlânsk is der yn werom te kennen. Yn in sin as ‘’t is soa hyt dat de protters doad fan 't dak fâle’ is dat sichtber. ‘Protters’ is bygelyks dúdlik Frysk en ‘doad’ wiist op it Nederlânsk.
Bilts wurdt troch in pear tûzen minsken op it Bilt praat en der wurdt ek yn skreaun. As it op it skriuwen fan it Bilts oankomt moat hjir it Woordeboek fan 't Bildts neamd wurde. Dat boek kaam foar it earst yn 1996 út. Pionier op it mêd fan de Biltse taalkunde en grûnlizzer fan it wurdboek wie Hotze Sytzes Buwalda. Hy en syn frou Tytsy Buwalda-Veenbaas hawwe by harren libben in fracht oan Bilts materiaal sammele oer ûnder oaren keatsen, lânbou, faktaal en bernespultsjes. It materiaal waard fierder oanfolle en bewurke troch Sytse Buwalda, soan fan Hotze en Tytsy. Ek gâns oare Biltkers droegen by oan it gehiel. Yn de njoggentiger jierren waard op de Fryske Akademy it materiaal troch Anne van der Burg ferwurke ta in mânsk wurdboek. Al rillegau rekke de earste edysje (oplage 750 eksimplaren) útferkocht. Dêrmei waard it Bilts wurdboek it bêst ferkochte streektaal-wurdboek fan Nederlân. Der wie noch altyd fraach nei it wurdboek en dêrfandinne dat der no in twadde edysje ferskynt. Sytze Buwalda hat de tekst fan de earste edysje bewurke en oanfolle mei trije tûzen nije wurden. It boek telt no sa’n ienentweintich tûzen trefwurden. De ynhâld is op de Fryske Akademy nochris neigien troch Hindrik Sijens. Fierder is it staveringsboekje ‘Hoe skrive wy ’t in ’t Bildts’, dat Hotze Buwalda yndertiid skreaun hat, ek opnommen yn it nije wurdboek.
Efteryn yn it wurdboek stiet in yndeks Nederlânsk-Bilts. Dy is opnaam ta geriif fan de net-Biltse brûkers. As men dêryn bygelyks siket op it Nederlânske ‘geit’, fynt men as oersetting: ‘bok’. It Biltse ‘met ’e bok na de ram gaan’ betsjut dus dat men de geit dekke lit troch in bok. Bok is hjir in saneamde ‘falske freon’. As men dat net wit, sjit men dêr op It Bilt seker in rare bok!
De nije edysje fan it ‘Woordeboek fan ’t Bildts’ is op 15 novimber ferskynd en is yn de boekwinkels te krijen. It kostet € 38,95.