Yn in taal komme wurden foar dy't út in oare taal liend binne. Soms binne sokke lienwurden sa gewoan wurden dat je net iens mear sjogge dat it wurden út in oare taal binne. Yn it nijste boek fan de Nederlânske taalkundige Nicoline van der Sijs, Nederlandse woorden wereldwijd, giet it oer de wurden dy't it Nederlânsk útliend hat oan oare talen. Foar 138 talen hat se neigien hokker Nederlânske wurden yn dy talen opnommen binne. Baas is it wurd dat it meast oan oare talen útliend is. Van der Sijs konkludearret dat Nederlanners en Flamingen blykber graach oeral baasspylje of baasspilen – oan board fan skippen, op plantaazjes, ensfh. De hege frekwinsje fan baas hinget miskien ek gear mei it feit dat baas net allinnich in beropoantsjutting is, mar ek in oansprekfoarm.
Oan it Frysk hat it Nederlânsk ek wurden útliend. Dat moat ek hast wol, want dêr't twa talen sa ticht neistinoar steane, hawwe se altyd ynfloed opinoar. Wy binne twatalich: Frysk en Nederlânsk hawwe jo en ik beide aardich yn 'e macht, dus oer en wer slûpt der wol ris in wurdsje yn, as wy ien fan beiden brûke. Dêr komt by dat it Nederlânsk foaral de taal is fan bestjoer (de bazen!), ûnderwiis, media en tsjerke. Wurden dy't foar it earst yn it Nederlânsk brûkt wurde, nimme wy al gau oer. Mei oare wurden: wy liene dy wurden fan ús buormanstaal. Tink dêrby oan avondmaal, ferwend en toetje. Mar ek wurden dêr't wy net mear sa by stilstean dat se út it Nederlânsk komme, binne dochs lienwurden út dy taal: baas, gas, buis, krante. Soms passe wy lienwurden wat oan. In wurd as moederbedrijf wurdt dan memmebedriuw en schoonvader sette wy oer ta skoanheit, mar it bliuwe ûntlienings.
Hat it Frysk ek wurden oan it Nederlânsk útliend? Yn in earder boek (it Leenwoordenboek, 2005) beskriuwt Nicoline van der Sijs de Fryske ynfloed op it Nederlânsk. Dy ynfloed is net botte grut en ûnder oaren werom te finen yn foarnammen. Yn it Nederlânsk populêre Fryske nammen binne bygelyks Nynke, Femke, Sietse en Douwe. Al langer lyn liende it Nederlânsk wurden as terp, krioelen, sjokken. Guon wurden foar skippen komme ek út it Frysk: tjalk en tjotter. It wurd skûtsje is liend, mar dan allinnich foar it Fryske platboaiem skipke (sels hat it Nederlânsk schuit foar in wat lytser (fracht)skip). Guon sporten wurde yn it Nederlânsk ek mei in Frysk wurd neamd: fierljeppen en sjoelen. En dan klunen dat al yn 1941 yn in Nederlânsk krantesitaat neamd wurdt.
En bearenburch, ús Frysk nasjonaal slokje, dat se oer de Oflsútdyk ek wol drinke, hat it Nederlânsk dat ek fan it Frysk liend? Nee krekt oarsom, want de Amsterdamske krûdeman Hendrik Beerenburg levere yn de achttjinde ieu al krûden mei syn namme deroan ferbûn en yn de njoggentjinde ieu distillearren Amsterdamske jeneverstokers in drankje mei beerenburger krûden. Dat bearenburch hjoed-de-dei mei Fryslân ferbûn wurdt, is foaral in tûke marketingtrúk. Wy hawwe de bearenburch liend mar jouwe him net werom!
Ferskynd yn Friesch Dagblad - 27-11-2010