Hikke komt fan it yn ûnbrûk rekke tiidwurd hikje, dat ek yn oare talen foarkomt. Yn it Dútsk is it hecken, dat ‘bernje, útbriede’ betsjut. It Ingelsk hat it as to hatch en dat betsjut ek ‘út it aai komme litte, útbriede’. Beide kearen hat it dus te meitsjen mei ‘jongen krije’. Ek ús Fryske hikje hat in betsjutting dy’t der op liket: ‘mei skokjes trochbrekke, útkomme (fan in aai)’. Hikje hat dus te meitsjen mei ‘te wrâld komme, berne wurde’, mar fan âlds ek mei ‘oansette, winne’ (Ned.: verwekken). De dichter Gysbert Japiks brûkt it yn syn beriming fan psalm 139 sa: Mijn bient’ wier naet uwt Jon eag-micke, / Da ’k ijn ’t oerschuwll teyn’ wirde’ in hicke (Myn biente wie foar jo net ferburgen, doe’t ik yn it ferburgene makke waard). De konklúzje kin dus wêze dat yn hikke en tein, it earste wurdsje ek ‘verwekt’ betsjutte kin.
It twadde part fan de ferbining is tein. Dat wurdsje komt fan tsjen, dat as betsjutting hat: ‘(op wei) gean (nei)’ en ‘lûke’. It Aldfrysk hie it al yn de foarm fan tiân, mei as betsjutting û.o. ‘grutbringe, opfiede’. Yn de ferbining hikke en tein soe tein dan ‘opbringe’ betsjutte, krekt as yn it Nederlânske geboren en getogen. It lêste wurd komt fan tijgen, dat krekt as tsjen ek ‘trekken’ betsjut. Hikke en tein kin dan omskreaun wurde mei ‘berne en grutbrocht’.
Mar der is in twadde oplossing mooglik foar wat tein betsjut. Tein komt sa’t wy seagen fan tsjen, dat ek noch, krekt as by hikje, ‘oansette, winne’ betsjut. Yn it Frysk fan nei 1800 wurdt it dan foaral sein fan bisten, mar mooglik yn earder tiden ek fan minsken. By dizze mooglikheid soe de ferbining hikke en tein bestean út twa wurden dy’t itselde betsjutte: ‘verwekken’. Yn de oanhelling fan Gysbert Japiks hjirboppe soe dat ek wolris sa bedoeld wêze kinne. Yn de ûnberime psalm 139 stiet yn fers 15: Myn lichem wie Jo net ferburgen, doe’t ik yn it ferhoalene makke bin as keunstich weefwurk yn ’e djipten fan ’e ierde. Dêr wurdt dus allinnich mar it wurd makke neamd, dat Gysbert dichterlik ferwurdet yn de ferbining teyn’ ... in hicke’.
Fansels wurdt hikke en tein hjoed-de-dei ynterpretearre as ‘berne en opgroeid’ en dan folget mei wissichheid it plak dêr’t men jins jonge jierren trochbrocht hat. Mar yn dy twadde, miskien oarspronklike útlis kin men mei folle minder wissichheid it plak neame dêr’t men hikke en tein is.
Klik op hikke en op tein om te sjen wat it Wurdboek fan de Fryske taal seit
[set in finkje yn de fakjes efter subbetekenissen | citaten om it hiele artikel te besjen]
Literatuer:
- J.H. BROUWER, De Pompeblêden 1964, s. 110-113.
- T. HOFSTRA, Us Wurk 1972-1973, s. 81-86.
Publisearre yn Friesch Dagblad, 7-1-2012.