In eigenskip fan haadwurden (zelfstandige
naamwoorden) is dat se in meartal hawwe kinne. Men kin ien krante of twa kranten keapje. Troch efter in haadwurd bygelyks in -n of -s te setten jout men oan dat it om mear as ien fan it neamde wurd
giet. Sa ek yn dizze foarbylden: ien wurd, twa wurden; ien kompjûter, twa
kompjûters; ien museum, twa musea; ien molke, twa molken; ien finânsje, twa
finânsjes. By de earste trije wurdpearen sille jo meistimme dat it om ien of
mear giet, mar by de lêste twa foarbylden moat de twivel wol taslaan. Kin dat:
Ien molke, twa molken? Molke as ‘wite floeistof’ kin net teld wurde, krekt as
‘goud’ en ‘izer’. Dat binne saneamde stofnammen en dy kinne gjin meartal hawwe.
En kin dat, ien finânsje en twa finânsjes? Ferlykje de folgjende sinnen
mar ris: ‘De minister fan finânsje’, en ‘hja hat har beide finânsjes regele.’
Nee, finânsjes bestiet allinnich as
meartal en finânsjes kin ek net teld
wurde:‘ien, twa finânsjes’ kin net.
Ek harsens, manufaktueren, notulen en
wetterpokken kinne allinnich mar yn
it meartal stean. Besykje mar ris in sintsje te meitsjen mei sa’n wurd yn it
inkeltal: ‘Hokker notúl bedoele jo?’, ‘Hoe krije jo it yn ’e harsen?’ It wol
net en it kin net. Sa’n wurd dat allinnich mar yn it meartal stiet, neame
taalkundigen in plurale tantum, in
term dy’t út it Latyn komt.
In skift fan wurden dêr’t sokke meartallen faak by foarkomme, is dat fan
lichemsdielen en organen: harsens,
urinewegen, luchtwegen, genitaliën. It Nederlânsk hat by dit skift ek ingewanden en hurken. Hurken komme
allinnich foar yn de fêste ferbining: ‘op z’n hurken zitten.’ Yn it Frysk hawwe
wy foar hurken: de hoksen. Dat wurd komt krekt as de hurken ek yn in fêste ferbining foar:
‘yn ’e hoksen sitte’. Mar oars as it Nederlânsk kin it yn it Frysk wol frij
(net yn ferbining) en yn it inkeltal brûkt wurde: ‘de linker hokse jokket my.’
Yn it Nederlânsk kin ‘mijn linker hurk jeukt’ út noch yn net. Neist
lichemsdielen besteane der ek sykten dy’t allinnich as plurale tantum
foarkomme: mûzels en wetterpokken.
Der binne ek wurden dy’t wol yn it inkeltal steane, mar yn ien fan syn
betsjuttings perfoarst yn it meartal moatte. Ferlykje marris: ‘Grutte wâlden mei miljoenen beammen’ en:
‘Burgum en Eastermar lizze yn de wâlden.’
It earste wâlden kin wol yn it
inkeltal (‘in grut wâld’), mar it twadde net. ‘Burgum leit yn it wâld’ is net
goed, of it moat wêze dat de sprekker bedoelt dat Burgum yn in wâld mei beammen
(in bosk) leit. Mar dat is besiden de wierheid.