zaterdag 5 februari 2011

Us deistich brea


Bûter, brea en griene tsiis. Jo as oprjochte Fries kinne dit sechje sûnder muoite ôfmeitsje. It wurd brea yn dit sintsje stiet foar in baksel fan rogge, wetter, soerdaai, besmard mei bûter en belein mei griene tsiis. Yn it Frysk hawwe wy neist brea ek bôle. As yn de bibel sprutsen wurdt fan ‘ús deistich brea’, wêr soe it dan om gean, om roggebrea of om bôle? Tiid om brea en bôle op ’e snijplanke te lizzen en ris neier te priuwen wêr’t it om giet.

It wurd brea komt yn oare talen foar as: brood (Nederlânsk), Brot (Dútsk), bread (Ingelsk) of Bröd (Sweedsk). En yn de Fryske dialekten: braid (Skiermuontseach), braa (Hylpen), bruar/bruad (Noard-Frysk). Yn it Âldfrysk bestie it as brād of brēd. Yn it Nijfrysk betsjut it foaral ‘iten bakt fan daai, benammen roggebrea’. In twadde betsjutting is: ‘poarsje daai bakt yn in beskate foarm, benammen roggebrea’. De earste betsjutting is in algemiene namme foar allegear soarten fan daai bakt iten. By de twadde giet it om it iten sa’t jo dat by de bakker helje: in pakje of stikje brea. En dan giet it yndied om roggebrea. Yn it Nederlânske giet it by brood lykwols om alle (riisde) fan daai bakte itensprodukten: bôle en (rogge)brea.

Bôle is de algemiene namme foar ‘iten fan riisd en dêrnei bakt (weet)daai’. It wurd is famylje fan it Nederlânske wurd bol. Bol is net de algemiene namme foar ‘iten fan riisd en dêrnei bakt (weet)daai’, mar foar in soarte fan bôle, nammentlik bôle dy’t in rûne foarm hat en fan boppen bol riisd is. Bygelyks in tarwebol of in mueslibol. It Fryske wurd bôle is dus wól de algemiene namme foar wat fan daai bakt  is en kin boppedat élke foarm hawwe: bol, rûn of lang. Hy kin foarkomme mei rjochte, hege sydkanten fan in bus of blik, mar ek as bol as er op ’e flier fan de oven bakt is. It docht der dus net ta hoe’t it bakt is of wat de foarm is: flierbôle, stokbôle, trompkebôle, kantbôle, plaatbôle, krintebôle, peaskebôle, it is allegear bôle.

Yn it Frysk is der noch in ferskil tusken brea en bôle. Brea is de namme foar wat jo konkreet by de bakker keapje: in pakje brea, in heal brea. It is ek in algemiene namme foar fan moal bakt iten, yn bygelyks ‘yt nou earst dyn brea mar op’ of yn de bea ‘jou ús hjoed ús deistich brea’. Yn dizze bea fan Jezus kin brea útlein wurde as ‘iten yn it algemien’. En noch in stapke fierder is, dat brea ek ‘libbensûnderhâld, kost’ betsjut: ‘Wat dogge jo foar jo brea?’, ‘wrotte foar in sober stikje brea.’
Bôle bliuwt konkreet en hat dy lêste brede betsjutting net. Men kin net sizze: ‘wat dogge jo foar jo bôle’. En as Jezus bidden hie: ‘jou ús hjoed ús deistige bôle’, dan gong it foaral oer bôle en net oer iten yn it algemien. Mar dochs jildt foar bôle en brea dat wy it deistich nedich hawwe.

Ferskynd yn Friesch Dagblad 5-2-2011

Geen opmerkingen:

Een reactie posten