No is woekerpolis
in Nederlânsk wurd en dêrom kaam it foar yn in wedstriid dy't ein ferline jier
útskreaun waard troch de Ried fan de Fryske Beweging. Dy wedstriid bestie derút
dat foar woekerpolis, tuigdorp, papadag en
noch in rychje oare wurden Fryske oersettings betocht wurde moasten. Goed 60
minsken stjoerden wurden op en de sjuery fûn bringbrommer foar ‘bezorgbromfiets’ de gaadlikste fynst. Oare moaie
wurden wiene skjinpraatkultuer (‘sorrycultuur’),
heitydei (‘papadag’) en pronkprotter (‘aandachtsjunk’). Foar woekerpolis waarden gâns oersettings
betocht: belizzingsfersekering,
besoademiterfersekering, bloedsûchpoalis, bloedsûgersakkoart,
bloedsûgerspoalis, ferliespoalis, fuortsmeltfersekering, jildpineferdûbeler,
klau-ynpoalis, kostefretter, plôkpoalis, poepebelizzing poepefersekering,
pongluzersfersekering, pongluzerspoalis rûpelpoalis, skobberspoalis,
sneujildpoalis, túchweardepapier, útklaaipapier, útklaaipoalis, útstrûppoalis,
útsûchpoalis, waaks-en-dijpoalis, woekerpoalis, wrot-en-wraamoerienkomst,
wyldgroeipoalis.
It binne prachtige fynsten, mar net altyd brûkber. Polis yn woekerpolis betsjut ‘kontrakt tusken in fersekeringsmaatskippij en
in fersekere persoan’. Dy betsjutting is net werom te finen yn bygelyks akkoart fan bloedsûgersakkoart, yn ferdûbeler
dat yn jildpineferdûbeler stiet, en net yn weardepapier út túchweardepapier.
It wurd woeker betsjut ‘te hege,
ûnwettige, ûnridlike winst of rinte’, en dat moat ek werom te finen wêze yn de
oersetting fan woekerpolis. Yn ferlies fan ferliespoalis, yn poepe
fan poepebelizzing en yn wyldgroei fan wyldgroeipoalis mist dat.
Foar woeker-
keazen de ynstjoerders ek wol bloedsûgers-,
klau-yn-, plôk-, en rûpel-. Dy
wurden binne aardich synonym mei woeker
yn woekerpolis, want it giet hieltyd
om it freegjen fan mear jild as dat
rjochtmjittich is. It ferskynsel woeker
is al net posityf, en de neamde foarmen hawwe suver noch in ekstra ûngeunstige
lading. By de synonimen bloedsûgerspoalis,
klau-ynpoalis, plôkpoalis en rûpelpoalis
wurdt it ferkearde fan woekerjen sa noch folle ferkearder!
By dy ynstjoerings siet in wjergader dy't de lading ek dekt: woekerpoalis. It is neat net slim dat it in streekrjochte oersetting fan it Nederlânske woekerpolis is. De wurden woeker, woekerje en poalis hawwe ommers al lang in plakje yn ús Fryske taalhûs krigen en dêrom kin woekerpoalis ek gewoan yn it Frysk bestean. Al is it fansels foar alle minsken dy't yndertiid sa'n ding ôfsletten hawwe wol te hoopjen dat woekerpoalis sa gau as mooglik wer út de taal ferdwynt.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten