Beatrix’ soan klimt sûnder kroan op de
Nederlânske troan. Trije wurden dy’t rymje en te meitsjen hawwe mei in bysûnder
barren: de troanwiksel fan tiisdei 30 april. De Nederlânske foarst wurdt net
kroane, mar de kroan bestiet likegoed wol yn Nederlân. It wurdboek seit fan
kroan: ‘krânsfoarmich, metalen sieraad op ’e holle, as teken fan foarstlike
weardichheid.’ En fan de troan seit it wurdboek dat it de staasjesit foar in foarst
is, en ek de keninklike hearskippij fan in foarst. De wurden troan en kroan
binne út it Latyn wei yn it Frysk opnommen. De oarspronklike Latynske foarmen
binne thronus en corona en it Latyn hat se liend fan it Gryks. De foarm thronus
hat geandewei syn -us útgong ferlern en de foarm corona is troch reduksje syn
earste o en lêste a kwytrekke. De beide wurden binne yn it Frysk al hiel âld:
yn it Aldfrysk bestienen se as trôn en krône (beide útsprutsen mei lange oo).
Yn de santjinde ieu komt yn it Frysk noch de foarm krone mei e-útgong foar en
tsjintwurdich noch yn in namme as Ferd Crone. It lange ienlûd oo is yn de
lettere ieuwen feroare yn it twalûd oa.
Soan liket wat lûding oangiet op kroan
en troan, en men soe tinke kinne dat soan dan ek in wurd út it Latyn is, en
hûnderten jierren lyn dêrútwei yn it Frysk telâne kommen is, mar dat is net sa.
Soan is in eigen Frysk wurd út it âlde Germaansk, dat ek yn it Ingelsk (son),
Dútsk (Sohn) en Nederlânsk (zoon) foarkomt.
Yn it Aldfrysk wie sunu (útsprutsen as
soenoe) it wurd foar soan en ek yn oare âlde taalfoarmen as it Aldingelsk,
Aldsaksyks en Aldheechdútsk wie it sunu. It noch âldere Goatysk hat sunus. Yn
de rin fan de midsieuwen komme yn dy talen ek foarmen mei in o-lûd op. It
Middelnederlânsk hat sone en ek it Aldfrysk hat yn de fyftjinde ieu al de foarm
sôn (sprek út as soon). It Etymologisch Woordenboek van het Nederlands fan 2009
jout oan dat ús Nijfryske soan oan it Nederlânsk ûntliend is. Mar is dat wol
sa? It komt yn de taalskiednis fan it Frysk wol mear foar dat in u foar in n
feroaret yn in o. Soks is ek bard by foarmen as tunge-tonge en hunger-honger en
it kin dêrom ek by sunu en sôn it gefal wêze. De feroaring fan sunu, fia sôn
nei soan kin dus ek likegoed in eigen Fryske ûntjouwing wêze. By de de feroaring
fan it u-lûd fan sunu kaam it net allinnich foar dat it in lange o waard, mar
ek wol in e, ee, i en aa. Ut
it Aldfrysk binne ús ek foarmen as senne, sen, seen, sin, sinne en sane foar
soan oerlevere.
Kroan en troan binne oarspronklik
Gryks en Latyn en soan is nei alle gedachten Frysk, ek al is elk it dêr net oer
iens. Mar
Beatrix har soan stamt ôf fan de Fryske Nassaus. Dý soan is dus wol Frysk!
[ek publisearre yn Friesch Dagblad 27-4-2013]
Geen opmerkingen:
Een reactie posten