Okkerwyks wie yn it nijs dat de Dútske
dielsteat Mecklenburg-Vorpommern besletten hie om it 63 letters tellende wurd Rindfleischetikettierungsüberwachungs-aufgabenübertragungsgesetz
út syn wetsteksten te skrassen. Om sa'n wurd te begripen moatte sels Dútsers it
mear as ien kear lêze en wy net-Dútsers stammerje der alhielendal in moai skoft
op om. It wurd tsjut op in wet oangeande de delegaasje fan it tafersjoch op
ettikettearring fan kowefleis. It giet hjir om in steapeling fan gearstalde
wurden dy't amper of net yn de gewoane omgongstaal brûkt wurdt en alhielendal
net yn it wurdboek stiet. As men op it ynternet sneupt fynt men ek Nederlânske
wurden fan wol 60 letters, mar dat binne allegear betochte wurden dy't net yn
de gewoane taal funksjonearje. It programma Lingo kaam jierren lyn alris mei it
langste Nederlânske wurd: kindercarnavalsoptochtvoorbereidingswerkzaamhedencomitéleden.
Dit is grif net it langst mooglike wurd, want mei wat kreativiteit kinne je dêr
ek noch wat efter plakke, bygelyks verjaardagspartij
en dan krije je: kindercarnavalsoptochtvoorbereidingswerkzaamhedencomitéledenverjaardagspartij.
Moai betocht, mar it wurdt fierder net brûkt en stiet net yn it wurdboek. It
langste wurd dat wol yn Van Dale stiet, is meervoudigepersoonlijkheidsstoornis.
De langere wurden yn 'e wurdboeken binne faak gemyske ferbinings as wetterstofsyanide en natriumwetterstofkarbonaat. Dat binne
mear formules as echte omgongswurden. Yn it Ingelsk is oait sa'n formulewurd
makke dat sá lang is, dat it wol 15 minuten kostet om it te sizzen. It begjint
sa: Methionylalanyl ... en hâldt sa
op: ... glycylprolylprolylprolylleucine.
Op papier beslacht it fyftjin A4’kes.
De langste Fryske wurden dy't yn it
Frysk Hânwurdboek steane binne arbeidsûngeskiktheidsfersekering
en rioelwettersuveringsynstallaasje.
Foardat josels oan it tellen slagge: se hawwe elk 32 letters. Oare lange wurden
yn it Frysk binne minderweardichheidskompleks,
ûnderwiisbegeliedingstsjinst, postkonsintraasjekampsyndroom en libbensfersekeringsmaatskippij. Yn de
Taaldatabank fan de Fryske Akademy (in databank mei 24 miljoen wurden) telle de
langste wurden sa'n 26-27 letters. Dat binne faak gewoane wurden as frijwilligersorganisaasje en finansieringsmaatskippij. Mar ek ûngewoane
gelegenheidswurden as bûtengenedestruktuerlik
en amerikareisiepenbiering komme
foar.
In aardige fraach yn dit ferbân is oft
Fryske wurden gemiddeld like lang, langer of koarter binne as Nederlânske
wurden. Om dêr in goed antwurd op jaan te kinnen, freget aardich wat
rekkenderij. Mooglik dat de wurden yn it Frysk gemiddeld wat langer binne as dy
yn it Nederlânsk. Oanwizings dêrfoar kinne wêze dat it Frysk mear
bylûdkombinaasjes hat fan trije letters (bygelyks skr, skj, dzj en zje). It Frysk
hat boppedat ek mear wurden mei lange, twa- en trijelûden dy't hieltyd mei twa
of trije letters skreaun wurde. Ek by ien-op-ien oersettings yn wurden as veiligheidsdienst/feilichheidstsjinst of
maansverduistering/moannefertsjustering
brûkt it Frysk gauris mear letters as it Nederlânsk.
Ta beslút: by al dat lettergeweld yn lange drege wurden is der ien
treast: de measte en gewoanste Fryske wurden binne ienfâldich: noas, gers, wurd, mûts. En se binne
koart: ik, de, op, en, yn.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten