Fyftich-plussers
dy't kristlik ûnderwiis folge hawwe heucht it noch wol dat hja psalmferskes út
'e holle leare moasten. Bekende psalms sitte der noch goed yn: ‘’t Hijgend hert
der jacht ontkomen’. Wol spitich dat it almeast de Hollânske psalms wienen, yn
de âlde of nije beriming, en net de Fryske. Yn dy taal hie like goed kinnen,
want ek yn it Frysk binne de psalms berime. Se steane gewoan yn it Lieteboek
foar de tsjerken. De santjinde-ieuske dichter Gysbert Japix hie yn syn tiid ek
al in oantal psalms berime en yn syn sammele wurken út 1668 wurde dy psalms
‘Hymmilsch Harp-luwd’ neamd. De Gysbert-psalms kinne songen wurde op de gewoane
wizen, mar de teksten binne foar ús moderne Friezen minder goed nei te kommen:
‘Az in Hert wirt toarst-hiet jachtge, / Graeyt in kierm't ney kieltme' in
focht; / Allijck gâlt mijn siel, forsmachtge / Ney God’ (toarst-hiet = hjit fan
toarst, jachtge = opjage, Graeyt = gûlt, kieltme = koelte, gâlt = ropt).
It wurd
psalm komt út it âlde Gryks en betsjut ‘liet dat by de harp of siter songen
wurdt’. It is dus gjin oarspronklik Frysk wurd en dat kin men sjen oan de ps-
oan it begjin fan it wurd, want dy komt net foar oan it begjin fan gewoane
Fryske wurden. Allinnich frjemde wurden as pseudo en psyche hawwe dy ps-.
Mooglik dat dêrom ek yn âlder Frysk en Nederlânsk de p foar de s ek wol
weilitten waard. Dan seinen (en skreaunen) de minsken ‘salm’. Yn in Aldfryske
tekst út 1570 stiet: ‘... dij 23 salm
song er in zyn siocht’ (de 23ste psalm song er doe't er siik wie). En yn in
Middelnederlânske tekst út de trettjinde ieu stiet: ‘In Moysess wet ende in den
propheten ende in den salmen’.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten