zaterdag 26 mei 2012

Ien omballing?


In eigenskip fan haadwurden (zelfstandige naamwoorden) is dat se in meartal hawwe kinne. Men kin ien krante of twa kranten keapje. Troch efter in haadwurd bygelyks in -n of -s te setten jout men oan dat it om mear as ien fan it neamde wurd giet. Sa ek yn dizze foarbylden: ien wurd, twa wurden; ien kompjûter, twa kompjûters; ien museum, twa musea; ien molke, twa molken; ien finânsje, twa finânsjes. By de earste trije wurdpearen sille jo meistimme dat it om ien of mear giet, mar by de lêste twa foarbylden moat de twivel wol taslaan. Kin dat: Ien molke, twa molken? Molke as ‘wite floeistof’ kin net teld wurde, krekt as ‘goud’ en ‘izer’. Dat binne saneamde stofnammen en dy kinne gjin meartal hawwe. En kin dat, ien finânsje en twa finânsjes? Ferlykje de folgjende sinnen mar ris: ‘De minister fan finânsje’, en ‘hja hat har beide finânsjes regele.’ Nee, finânsjes bestiet allinnich as meartal en finânsjes kin ek net teld wurde:‘ien, twa finânsjes’ kin net.

Ek harsens, manufaktueren, notulen en wetterpokken kinne allinnich mar yn it meartal stean. Besykje mar ris in sintsje te meitsjen mei sa’n wurd yn it inkeltal: ‘Hokker notúl bedoele jo?’, ‘Hoe krije jo it yn ’e harsen?’ It wol net en it kin net. Sa’n wurd dat allinnich mar yn it meartal stiet, neame taalkundigen in plurale tantum, in term dy’t út it Latyn komt.
In skift fan wurden dêr’t sokke meartallen faak by foarkomme, is dat fan lichemsdielen en organen: harsens, urinewegen, luchtwegen, genitaliën. It Nederlânsk hat by dit skift ek ingewanden en hurken. Hurken komme allinnich foar yn de fêste ferbining: ‘op z’n hurken zitten.’ Yn it Frysk hawwe wy foar hurken: de hoksen. Dat wurd komt krekt as de hurken ek yn in fêste ferbining foar: ‘yn ’e hoksen sitte’. Mar oars as it Nederlânsk kin it yn it Frysk wol frij (net yn ferbining) en yn it inkeltal brûkt wurde: ‘de linker hokse jokket my.’ Yn it Nederlânsk kin ‘mijn linker hurk jeukt’ út noch yn net. Neist lichemsdielen besteane der ek sykten dy’t allinnich as plurale tantum foarkomme: mûzels en wetterpokken.
Der binne ek wurden dy’t wol yn it inkeltal steane, mar yn ien fan syn betsjuttings perfoarst yn it meartal moatte. Ferlykje marris: ‘Grutte wâlden mei miljoenen beammen’ en: ‘Burgum en Eastermar lizze yn de wâlden.’ It earste wâlden kin wol yn it inkeltal (‘in grut wâld’), mar it twadde net. ‘Burgum leit yn it wâld’ is net goed, of it moat wêze dat de sprekker bedoelt dat Burgum yn in wâld mei beammen (in bosk) leit. Mar dat is besiden de wierheid.

Neist de al neamde pluralia tantum, besteane der noch folle mear soksoarte meartalswurden:  Avesearskuon, kosten, klean, innen en oanen. En fierder noch wurden as babbelegûchjes, gibeltsjes, kluchten, grysjes, tûkelteammen, omballingen. Dát binne saken dêr’t je soms fan woenen dat der mar ien fan bestie, mar dat kin spitigernôch net ...

zaterdag 28 april 2012

In spannende episoade út de taalskiednis



Twa sinnen oer in Dútske televyzjesearje mei  Oberinspektor Derrick yn 'e haadrol: ‘Herbert Reinecker war für die Drehbücher sämtlicher 281 Episoden verantwortlich,’ en ‘All 281 60-minute episodes were written by veteran screenwriter Herbert Reinecker.’ Ek al kenne jo amper of gjin Dútsk of Ingelsk, jo lêze daliks bekende wurden dy't lykje op wurden dy't wy yn it Frysk ek hawwe. Yn de earste sin steane bygelyks für (foar) en verantwortlich (ferantwurdlik) en yn de twadde all (alle) en by (by, betsjut  hjir: troch). Dy wurden litte sjen dat it Frysk, Dútsk en Ingelsk besibbe binne en in mienskiplike Germaanske oarsprong hawwe. Earder stienen de talen tichter byinoar, mar yn 'e rin fan de tiid binne se wat sinsbou, útspraak en betsjutting fan de wurden oangiet gâns útinoar groeid.

Dútsk en Nederlânsk lykje ek wol wat opinoar, dêrom sizze guon minsken (foaral Dútsers) dat it Nederlânsk in dialekt fan it Dútsk is, mar dat moat wy mar ‘mit einem Körnchen Salz’ nimme. De beide talen binne wol famylje, mar hawwe elk dúdlik in eigen, aparte histoaryske ûntjouwing hân. It Ingelsk en it Frysk binne ek op dy wize besibbe en hawwe elk ek in aparte histoaryske ûntjouwing hân. De oerienkomsten tusken Frysk en Ingelsk kinne noch fûn wurde yn wurden as tsjerke - church ,of tsiis - cheese. Yn beide wurdpearen is de oarspronklike k oan it begjin feroare yn in ts(j)-lûd, wylst  yn it Nederlânsk kerk, kaas en Dútsk Kirche, Käse de k noch wol stiet.
It Ingelsk en Frysk hienen earder folle mear oerienkomsten as no. It moderne Ingelsk hat bygelyks foar pols (as oergong tusken ûnderearm en hân) it wurd wrist. Yn it Aldfrysk bestie wrist ek, bygelyks yn hondwrist en fôtwrist, dat hjir ‘gewricht’ (hân-, foetgewricht) betsjut. It Aldfrysk koe ek it tiidwurd bera foar ‘drage’ en ‘berne wurde’. Yn it Ingelsk komt noch foar to bear, dat ‘drage’ en ‘bern krije’ betsjut, likernôch itselde dus as yn it Aldfrysk. It Nederlânsk hat  noch it besibbe wurd baren (‘in bern op 'e wrâld bringe’). Yn ús Frysk is dat bernje, dêr’t it wurd bern fan ôflaat is, dat yn it Aldingelsk as bearn (no yn it Ingelsk: child) foarkaam en noch yn it Skotsk as bairn bestiet. Ek it Ingelske wurdsje with (mei), bestie yn it Aldfrysk as with (fan wither, Nijfrysk wjer-, Nederlânsk weder) mei doetiids as betsjutting û.o. ‘tsjin, tsjinoer’. Oare Aldfryske wurden dy’t yn ús Frysk net mear foarkomme, mar noch wol yn it moderne Ingelsk binne sella (to sell, ferkeapje), wrîta (to write, skriuwe), wita (witness, tsjûge), lêva (to leave, efterlitte, neilitte), klenzia (to clean, himmelje), lok  (lock, slot).

Yn de Dútske en Ingelske begjinsin stie it wurd episode. Dat wurd komt ek yn it Frysk foar, mar episode is net oarspronklik in Germaansk, mar in Frânsk wurd. Dat sit wer hiel oars as bgl. mei wrîta of bera. Efter sokke taalhistoaryske oerienkomsten en ferskillen sit noch in hiel ferhaal dat in soad neispeuring en ûndersyk freget, wat grif wol 281 spannende ‘episoden’ of ôfleveringen fan dizze rubryk opsmite sil.

zaterdag 31 maart 2012

­Mei tomme en wiisfinger

Ien dy't by de pinken is wit dat hast alle minsken mei fiif fingers berne wurde. De earste wurden dy't in bern leart, binne de beneamings foar de dingen dy't flak by him binne: mem, heit, hân. Soms hat in pjut it besteande wurd noch net leard en dan betinkt er sels wat. Sa stie okkerwyks yn de rubryk Snypsnaren yn dizze krante, dat in berntsje de fingers beneamde neffens de pink: de lytse pink, de grutte pink, de middelpink ensfh. Guon minsken tinke miskien dat sa'n bern in taalefterstân hat, mar it binne gewoan kreative fynsten foar wat yn de standerttaal pink, ringfinger, middelfinger, wiisfinger en tomme hjit. En dy basiswurden leart ús pjutsje noch gau genôch.

De pink wurdt yn it Frysk ek wol lytse finger neamd, krekt as yn it Dútsk (Kleiner Finger), Ingelsk (little finger) en it Sweeds (Lillfinger). Foar de oare fingers besteane nammen as foarste finger foar wiisfinger, grutte finger foar middelfinger en ringeling foar ringfinger. Yn it Hollânsk komt ringeling foar yn it rymke ‘Naar bed, naar bed zei duimelot ...’ mei dêryn neist duimelot en ringeling, ek de fingernammen likkepot, lange Jaap en kleine ding. De njoggentjinde-ieuske Fryske skriuwer Joast Halbertsma notearret foar it Frysk ek sa’n rychje: lytse pink, gouden ring, âldemoer, potslikker, luzeknipper. Opfallend is dat beide talen foar de wiisfinger in namme hawwe dy't ferwiist nei it mei de finger slinen út potten en pannen mei lekkers. Taal is sa moai, men soe jin de fingers der by ôfslikje.
De ringfinger hjit sa om't de trouring om dy finger dien wurdt. Eartiids waard dat dien omdat de minsken tochten dat der in streekrjochte bloedtafier fan it hert nei de ringfinger rûn. It hert as teken fan leafde waard sa ferbûn mei de trou dy't troch de ring symbolisearre waard en noch altyd wurdt. Yn oare talen hjit de ringfinger ek wol ‘finger sûnder namme’ (bgl. it Sineesk en it Sanskrit).
De oerlevere Aldfryske nammen (fan foar it jier 1500) foar de fingers binne û.o. ‘thî grâta finger’ (de middelfinger), ‘thî litika finger’ of ‘sluter’ (lytse finger, pink). Foar tomme brûkten de âlde
Friezen neist ‘thuma’ ek it wurd ‘halder’ (Nijfrysk: hâlder). Dy oantsjutting hat miskien wat te meitsjen mei it feit dat men de tomme brûkt om wat mei beet te hâlden (te omsluten).

It wurd finger heart mei de nammen fan oare lichemsdielen by de âldste grûnwurden fan ’e taal. Soksoarte wurden krije yn in taal al gau mear betsjuttings, siswizen en fêste ferbiningen: immen op de fingers tikje; de tomme derop hâlde, it yn ’e fingers hawwe; immen by de tomme heine; it is op 'e fingers nei te tellen; immen in finger jaan, dy't dan de hiele hân nimt; as ik har yn 'e fingers krij!
It lichem mei syn lidden hat de taal hiel wat mooglikheden en rykdom jûn. Dat is op 'e fingerseinen wol nei to gean en dat haw ik jo yn dit stikje mei tomme en finger oantsjut.

(Publisearre yn Friesch Dagblad 31-3-2012)

zaterdag 3 maart 2012

Mooi ien ut Friesk twitterje


Yn ’e foarige ôflevering fan ‘Wurden’ seagen wy dat it Frysk in (beskieden) plakje op Twitter hat, mar de fraach wie oft dat genôch is om te sizzen dat it Frysk in libbene taal is. Dêrom noch mar ris in stikje oer Twitter, om te sjen hoe’t dêr oan Frysk dien wurdt. De Fryske twitterders skriuwe sels berjochtsjes of antwurden op dy fan oaren. Dy eigen berjochten binne Frysktalich, de antwurden binne of Frysk of Nederlânsk. Frysk wurdt brûkt tsjin minsken dy't yn it Frysk twitterje, Nederlânsk tsjin Nederlânsktalige twitterders. Dy twatalichheid slút hielendal oan by de wizânsje yn it mûnlinge taalferkear yn Fryslân. De measte Friezen prate dêr ûnderinoar Frysk en skeakelje daliks oer nei it Nederlânsk as se dêr yn oansprutsen wurde. Sit dêr noch altyd it idee achter dat de oar jo net ferstiet of jo stikje net lêze kin? It giet der by kommunikaasje op 't lêst om dat in oar jo begrypt en dan kiest men foar alle wissichheid leaver foar it Nederlânsk.

De Fryske skriuwers staverje it Frysk gauris fonetysk (neffens de útspraak): ‘Dan mat we ek eefkes om skwon sjen’. Ek komt moai foar it ljocht as in twitterder yn in Frysk dialekt skriuwt: ‘... en don harre we t wer hoan fjar disse wieke!’ De skeanprinte wurden binne typysk Wâldfrysk. Neffens de útspraak opskreaun is ek de folgjende meidieling: ‘vemidje ryde?’ Offisjeel heart it ‘fan ’e middei ride?’ te wêzen. Mar tweets wurde meast mei in mobyltsje of ‘smart phone’ makke en dy hawwe lytse toetskes om mei te typen en dat is lestich. Dan moat it sa koart as mooglik, bygelyks ‘wrm net’ (wêrom net). Je kinne de wurden ek ferkoartsje troch sifers te brûken of de klank fan letters. Dat skeelt yn it oantal lettertekens as jo mar 140 brûke meie. Foarbylden dêrfan binne ‘Dr88’ (Drachten) en ‘wist ut no cker’? (seker). By dat gebrûksgemak past ek dat der gjin dakjes en streekjes brûkt wurde. Yn ‘Mat alinne om 5oere wolwer thus wese’ moat thus ‘thús’ wêze en in dakje op de e yn wese (wêze).
Geregeld wurde de staveringsregels ferkeard tapast. Yn ‘vemidje ryde?’ stiet ride mei in y yn stee fan in i. Deselde twitterder skriuwt ek: ‘joen te rieden?’, ride no ynienen dus mei ie. Yn de folgjende sintsjes noch inkelde foarbylden fan wurden dy't neffens Nederlânske regels skreaun binne: ‘ik ha jet fan moarn mar wit net zeker’, ‘dan kin we mij us centsjes die we vertsjinne ha mij 'skyscraper' mooi een my little pony hus keapje’, ‘volgens mij ol.’ De stomme h foar in j (jir) mist wol gauris en der stiet ek wol in h dêr't it net moat: ‘Hjoen wer lekker frikandelbroodjes’.

It binne meast jonge minsken dy’t it Frysk ‘yn libben’ hâlde op Twitter. It is allinnich spitich dat se hast allegear de staveringsregels net tapasse. Komt dat om’t hjir sprake is fan in ûnderwiisefterstân? Dan leit der in moaie taak foar it Frysk ûnderwiis.

zaterdag 4 februari 2012

320.000 Fryske tweets


Op it sosjale medium Twitter steane koarte berjochten fan maksimaal 140 tekens. Dêrby giet it om nijtsjes, stellingen, aktiviteiten of oare, soms nijsgjirrige, meidielings. Offisjele ynstânsjes en media ‘sitte’ op Twitter, mar ek de gewoane man kin syn aai dêr kwyt. As dat 'twitteraai' der dan ien kear is, kinne oaren der wer op reagearje. Twadde Keamerleden dogge ek mei en it liket wol dat  dy faker op twitteraaien sitte te brieden as dat se op har keamerstoel sitte. Yn Nederlân binne mear as ien miljoen twitterders en sa'n 2000 dêrfan dogge dat ek yn it Frysk. Mei-inoar binne dy oant no ta ferantwurdlik foar sa'n 320 tûzen Fryske twitterberjochten. Watfoar rol spilet it Frysk op in medium as Twitter?

Fierwei de measte Fryske twitterberjochten op ynternet komme fan nijstsjinsten as Omrop Fryslân en It Nijs. De oare grutte media yn Fryslân (FD en LC) twitterje amper of net yn it Frysk. Politisy út Fryslân hawwe Twitter ek ûntdutsen en dan foaral de FNP-ers dêrûnder. De measte rieds- en steateleden fan oare partijen brûke komselden Frysk. Fierder skriuwe minsken út de Fryske kulturele wrâld ek wol yn 'e memmetaal op Twitter. Hiel, hiel inkeld komt it foar dat saken en bedriuwen in Frysk berjochtsje efterlitte op Twitter.
Dy Fryske ‘twitterders’ binne om sa mar te sizzen ‘beropsfriezen’ dêr't men it fan ferwachtsje kin dat se Frysk brûke. Mar de ‘gewoane’ Fries twitteret ek Frysk! In lyts blomlêzinkje út de berjochten fan sa'n twitterbrûker: "hmm na zit te tinken ist net sa dast ast seist ik wol marketing dwan, dan mast dus ek marketing as spec. course dien ha". "Ja mast die bachelorprogramma goed litte keure ofsa. En spoartskoalle is een nee". "Sa ek alwer een productiefe moarne han. No een pizza ien de oven." "Better is it om helfe ienen al even droeg. Ik mat verdorie op it fietske nei burgum". It giet foaral oer it gewoane hús-tún-en-keukenlibben fan in studint dy't foeteret, skelt en oare emoasjes op Twitter dielt mei 145 folgers; en guon dêrfan foeterje, skelle en skriuwe yn it Frysk werom. En de measte ‘gewoane’ Nederlanners twitterje ek sa: "Goeiemorgen allemaal!!! Oh Ik heb schandalig lekker uitgeslapen met mijn dochtertje".
De ‘gewoane’ Fryske twitterders skriuwe meast twatalich, dan wer Frysk en dan wer Nederlânsk. Soms brûke se beide talen trochinoar. Us studint fan hjirboppe hat mei-inoar 8500 twitterkes skreaun en sa'n 900 dêrfan (hast 10%) binne yn it Frysk. Stavering en ynterpunksje binne net geweldich, en sa is it by de measten; mar hawar, net seure, it is yn it Frysk!

It Frysk hat in (beskieden) plakje op Twitter, Facebook, Hyves en oare sosjale netwurken. It is foar in taal in teken fan fitaliteit as der yn alle domeinen en oer alle ûnderwerpen yn kommunisearre wurdt. Om it wat skerper te sizzen: In taal dêr't net yn twittere wurdt, is op stjerren nei dea. Bliuwt it Frysk troch Twitter in libbene taal of is dêr mear foar nedich?

Ynformaasje oer it gebrûk fan minderheidstalen op Twitter is te finen op: http://indigenoustweets.com/

zaterdag 7 januari 2012

Hikke en tein

Op de website fan de gemeente Tytsjerksteradiel stiet by de bekende ynwenners in stikje oer in ferneamd topmodel dat hikke en tein is yn Eastermar. Dizze bekende filmstjer en ambassadrise foar it Frysk is, om it yn it Nederlânsk te sizzen, geboren en getogen yn de Wâlden, dêr’t alles moai sûnder wjergea is. De ferbining hikke en tein is tige bekend. As jo it op ynternet opsykje, dan binne der tûzenen plakken dêr’t minsken sizze dat se earne hikke en tein binne. Mar wat betsjut no krekt it wurd hikke en wat is tein?

Hikke komt fan it yn ûnbrûk rekke tiidwurd hikje, dat ek yn oare talen foarkomt. Yn it Dútsk is it hecken, dat ‘bernje, útbriede’ betsjut. It Ingelsk hat it as to hatch en dat betsjut ek ‘út it aai komme litte, útbriede’. Beide kearen hat it dus te meitsjen mei ‘jongen krije’. Ek ús Fryske hikje hat in betsjutting dy’t der op liket: ‘mei skokjes trochbrekke, útkomme (fan in aai)’. Hikje hat dus te meitsjen mei ‘te wrâld komme, berne wurde’, mar fan âlds ek mei ‘oansette, winne’ (Ned.: verwekken). De dichter Gysbert Japiks brûkt it yn syn beriming fan psalm 139 sa: Mijn bient’ wier naet uwt Jon eag-micke, / Da ’k ijn ’t oerschuwll teyn’ wirde’ in hicke (Myn biente wie foar jo net ferburgen, doe’t ik yn it ferburgene makke waard). De konklúzje kin dus wêze dat yn hikke en tein, it earste wurdsje ek ‘verwekt’ betsjutte kin.
It twadde part fan de ferbining is tein. Dat wurdsje komt fan tsjen, dat as betsjutting hat: ‘(op wei) gean (nei)’ en ‘lûke’. It Aldfrysk hie it al yn de foarm fan tiân, mei as betsjutting û.o. ‘grutbringe, opfiede’. Yn de ferbining hikke en tein soe tein dan ‘opbringe’ betsjutte, krekt as yn it Nederlânske geboren en getogen. It lêste wurd komt fan tijgen, dat krekt as tsjen ek ‘trekken’ betsjut. Hikke en tein kin dan omskreaun wurde mei ‘berne en grutbrocht’.
Mar der is in twadde oplossing mooglik foar wat tein betsjut. Tein komt sa’t wy seagen fan tsjen, dat ek noch, krekt as by hikje, ‘oansette, winne’ betsjut. Yn it Frysk fan nei 1800 wurdt it dan foaral sein fan bisten, mar mooglik yn earder tiden ek fan minsken. By dizze mooglikheid soe de ferbining hikke en tein bestean út twa wurden dy’t itselde betsjutte: ‘verwekken’. Yn de oanhelling fan Gysbert Japiks hjirboppe soe dat ek wolris sa bedoeld wêze kinne. Yn de ûnberime psalm 139 stiet yn fers 15: Myn lichem wie Jo net ferburgen, doe’t ik yn it ferhoalene makke bin as keunstich weefwurk yn ’e djipten fan ’e ierde. Dêr wurdt dus allinnich mar it wurd makke neamd, dat Gysbert dichterlik ferwurdet yn de ferbining teyn’ ... in hicke’.

Fansels wurdt hikke en tein hjoed-de-dei ynterpretearre as ‘berne en opgroeid’ en dan folget mei wissichheid it plak dêr’t men jins jonge jierren trochbrocht hat. Mar yn dy twadde, miskien oarspronklike útlis kin men mei folle minder wissichheid  it plak neame dêr’t men hikke en tein is.

Klik op hikke en op tein om te sjen wat it Wurdboek fan de Fryske taal seit
[set in finkje yn de fakjes efter subbetekenissen | citaten om it hiele artikel te besjen]


Literatuer:
  • J.H. BROUWER, De Pompeblêden 1964, s. 110-113. 
  • T. HOFSTRA, Us Wurk 1972-1973, s. 81-86.


Publisearre yn Friesch Dagblad, 7-1-2012.

zaterdag 10 december 2011

In wurd is in wurd

Yn de foarrige ôflevering fan ‘Wurden’ gong it oer it Wurdboek fan de Fryske Taal (WFT). Wat makket dat wurdboek no sa bysûnder? Wêrom binne der 25 dielen nedich (krapoan in meter oan boeken) fan wat by in oar wurdboek yn ien bân kin? It antwurd is ‘wiidweidichheid’. De beskriuwing fan it wurd wurd makket dat dúdlik. Yn diel 25 fan it WFT nimt it artikel wurd 13 fan de 582 siden yn. Fan wurd wurdt ynformaasje oer de betsjutting en oer de foarm jûn. By foarm giet it derom hoe't it skreaun wurdt; wat de útspraak is (‘wöt’, de /r/ wurdt net sein) en wat it meartal en de ferlytsingfoarm is: wurden (mei notaasje dat de útspraak fan de /t/ yn /d/ feroaret), wurdsje, wurdke (de lêste foarm is ferâldere). Fierder jout it WFT oan hoe't wurd yn de taal fan Hylpen (wòrd), Skylge (wêd) en Skiermuontseach (wes) bestiet. By de rubryk etymology (de oarsprong fan wurd) steane ferwizings nei de oerienkommende foarmen yn it Nederlânsk, Dútsk en Ingelsk: woord, Wort, word. It part oer de foarm wurdt ôfsletten mei in ferwizing nei in taalkundich artikel oer de etymology fan wurd.

Dan is it ta oan it wichtichste fan in wurdboek: de betsjuttingen. Miskien sizze jo ‘in wurd is in wurd’, mar dat tinke wurdboekskriuwers net. Dy sykje om mear betsjuttings. De grûnbetsjutting fan wurd is: ‘kleinst isoleerbaar geheel van spraakgeluiden met een zelfstandige betekenis; de zichtbare (geschreven, gedrukte) voorstelling van het genoemde taalelement als samenstel van letters.’ In formele Nederlânske omskriuwing, mar it giet om it gewoane wurd ‘wurd’ sa't jo dat útsprekke (‘wöt’) of opskriuwe as it ‘samenstel’ fan letters: w-u-r-d’. Mar wurd betsjut ek: ‘bevel; opdracht’ (yn ‘Wy sille dwaan neffens jo wurd’). Of: ‘mondelinge toezegging, belofte’ (yn ‘ik jou myn wurd, ik gean net by dy wei’). En yn: ‘de Zoon van God, Jezus Christus’ (‘En it Wurd is minske wurden en Hy hat ûnder ús wenne’). Wurd telt yn it WFT fjirtjin betsjuttings, yn it gewoane wurdboek trije.

Neist dat in wurd ien of mear betsjuttings hat, kin it ek foarkomme yn ferbining mei oare wurden: yn gewoane sinnen, yn siswizen, útdrukkings en sprekwurden. Yn it WFT-artikel wurd  stiet dy ynformaasje oanjûn. By de betsjutting ‘toezegging, belofte’ fan wurd stiet: jins wurd brekke; jins wurd jaan; jins wurd hâlde;  op myn wurd; op immens wurd fan eare. En siswizen: immen oan syn wurd hâlde; immen fan jins wurd wêze; eat mei in wurd fan wierheid sizze. En dan noch sprekwurden: in man in man, in wurd in wurd; de wurden binne goed, mar de hin leit aaien (‘men heeft meer aan daden dan aan woorden’). Oan it slot fan de trettjin siden wurd steane sa'n 250 mooglikheden om mei wurd oare wurden te foarmjen: bibel + wurd = bibelwurd, boek + wurd is boekewurd, wurd + boek = wurdboek ensfh.
Wolle jo wat witte oer wurden, pak it Wurdboek fan de Fryske taal. Dat is de kaai dy't past op de Fryske wurdskat.

It WFT is ek oer it ynternet te rieplachtsjen: www.fryskwurdboek.nl.
Klik op wurd, foar it artikel wurd (en set in finkje yn de hokjes efter subbetekenissen  | citaten)