zaterdag 30 april 2011

Hjoed-de-dei Keninginnedei


Moat 'Keninginnedei' hjoed-de-dei mei in haadletter skreaun wurde of net?  En 'hjoed-de-dei', moat dat no los, fêst of  mei streekjes (hjoed de dei, hjoeddedei, hjoed-de-dei)? As lêzer fan dizze rubryk krije jo no in opdracht: pak jo Frysk wurdboek en sykje ris op 'hjoeddedei'. Der is in kâns dat jo it net fine kinne omdat it sa't it liket der net yn stiet. Foardat jo no it wurdboek by it âld papier smite, moatte jo earst efkes fierder lêze. Der binne ferskillende Fryske wurdboeken: guon yn de saneamde âlde stavering (spelling) en guon yn de nije stavering. Der binne wurdboeken Frysk-Nederlânsk en Nederlânsk-Frysk. En der binne tinne en tsjokke wurdboeken. Fierder is der noch it grutte Wurdboek fan de Fryske taal (24 dielen!) en it ientalige wurdboek: it Frysk Hânwurdboek út 2009.

Wurdboeken kinne brûkt wurde om de stavering fan wurden op te sykjen. De regels foar de Fryske stavering binne fêststeld troch de Provinsjale Steaten. Dan giet it oer saken as 'aa' of 'ae', 'forkeapje' of 'ferkeapje' en 'ûre' of 'oere'. Mar regels om wurden oaninoar of los te skriuwen of oer haadletters of lytse letters, dêr hawwe de Provinsjale Steaten neat oer sein. It gefolch is dat wurdboekmakkers dêr sels in beslút oer nimme moatte en dy besluten falle net altyd gelikens út. Yn guon âldere wurdboeken wurdt hjoed-de-dei los skreaun (hjoed de dei) en dan stiet it by it wurd 'hjoed'. Yn oare wurdboeken stiet it hielendal oaninoar as 'hjoeddedei'. Eartiids seagen wurdboekmakkers nei âldere wurdboeken en grammatika's om in skriuwwize fêst te stellen. Mar sa't al sein is, in oantal saken binne net dúdlik regele en âldere wurdboeken komme der soms yn om.
It nije Frysk Hânwurdboek fan 2009 skriuwt 'hjoed-de-dei', mei keppelstreekjes. De makkers fan  dat wurdboek hawwe foar saken as keppelstreekjes, los- of oaninoar en haadletters de regels foar it Nederlânsk oernommen fanwege de ûndúdlikheid fan eartiids. Dy Nederlânske regels binne fêstlein yn de 'Woordenlijst Nederlandse Taal', it saneamde 'Groene boekje'. Alles wat yn dat boek stiet is offisjeel fêststeld troch it Nederlânske en Belgyske regear.
Dy Nederlânske regels binne hiel goed ta te passen op it Frysk. 'Hjoed-de-dei' is in saneamde gearkeppeling (samenkoppeling) fan wurden en sokke gearkeppelings komme yn it Nederlânsk en Frysk foar. De regel is dat sokke wurden mei streekjes skreaun wurde. In pear Nederlânske en Fryske foarbylden binne 'kruidje-roer-mij-niet', 'heen-en-weer', 'ferjit-my-net' en 'stek-yn-'e-bûse'.

It Nederlânsk hat it 'Groene Boekje' dat staveringsregels jout en in list mei tûzenen wurden yn de offisjele stavering. Foar it Frysk soe it ek goed wêze dat der sa'n boekje komt. Alle staveringsregels soenen deryn stean moatte en fan elk wurd in standertfoarm. Sa kin foar besteande ûndúdlikheden in oplossing jûn wurde. Yn dat boekje soe grif stean dat Keninginnedei hjoed-de-dei mei in haadletter skreaun wurdt, want krekt as yn it Nederlânsk krije de nammen fan feestdagen in haadletter oan it begjin.

 Publisearre yn Friesch Dagblad, 30 april 2011

1 opmerking:

  1. Moai dat der mear oandacht is foar in 'grien boekje'. Hjoed-de-dei is wat ûngemaklik as foarbyld, want de Nederlânske wjergader heden ten dage wurdt net mei keppelstreekjes skreaun, likemin as vandaag de dag.
    Spitich dat yn it nije wurdboek keninginnedei net mei haadletter stiet. Der is dus yndie ferlet fan in deeglike staveringslist.
    Is der al sicht op, wannear't it 'griene boekje' taret wurdt?

    BeantwoordenVerwijderen