zaterdag 2 april 2011

Voedselcrisis: nei hokker bank?


Sa’n tsien jier ferlyn waard yn Nederlân de earste ‘voedselbank’ oprjochte, in ynstelling dy’t iten ynsammelet en dat fergees útdielt oan minsken dy’t it finansjeel krap hawwe. ‘Voedselbank’ is in Nederlânsk wurd en sa’t it giet mei hast alle wurden út it Nederlânsk, sa giet it hjir ek mei: yn it Frysk sizze en skriuwe wy meast ‘voedselbank’. In wurd dêrfoar yn de eigen taal meitsje dogge wy net sa gau, want wy fine sa’n eigen en echt Frysk wurd al gau oerdreaun.
Mar al dy pakken rys en makaroany, dy oalje en blikgriente, sizze wy dêr yn it Frysk wol ‘voedsel’ tsjin?  Mei oare wurden, is ‘voedsel’ yn ‘voedselbank’  wol in goed  Frysk wurd? De fraach stelle is de fraach beäntwurdzje: nee, it is gjin geef Frysk. Dat is net allinnich it oardiel fan de ‘gelearden’ fan de Fryske Akademy; jo as ‘gewoane’ Fries fiele ek wol oan dat it net doocht. Mar jo witte miskien ek net rjocht watfoar Frysk wurd der dan wol foar brûkt wurde moat. Dy ûnwissichheid oer ‘voedselbank’ bestiet lyksa yn de Fryske media. As men bygelyks op it webstee fan Omrop Fryslân de berjochten neigiet mei nijs oer it ferskynsel ‘voedselbank’, dan sjocht men dat se it meast ‘voedselbank’ of ‘foedselbank’ brûke. In inkelde kear skriuwe se ‘fiedselbank’ en ien kear hienen de Omrop-Fryslânlju it oer de ‘itensbank’. Mar meastal nimme se dus it Nederlânske wurd gewoan oer, soms skriuwe se dat dan noch al mei in f oan it begjin (foedselbank) om it wat Frysker lykje te litten.  In inkelde kear sette se ‘voedsel’ oer as ‘fiedsel’ en komselden brûke se it wurd ‘iten’ foar ‘voedsel’.

Voedsel is yn it Frysk fiedsel. Dat klinkt in bytsje as boekjefrysk en as fiedsel brûkt wurdt yn gearstallings as fiedselbank, fiedselallergy, fiedselpakket of fiedselkrisis, dan kin dat wat stiif oerkomme. Dêrom skytskoarje de minsken fan Omrop Fryslân der nei alle gedachten tsjinoan om it wurd fiedselbank te brûken en dêrom kieze se dan mar foar voedselbank (of sabeare ferfryske: foedselbank). Mar docht men de taal en de taalbrûkers wol rjocht as de taal net goed brûkt wurdt? It sjoernalistike fakmanskip bestiet derút dat men dúdlike taal brûkt. Dúdlike taal is ek dat men de taal op krekte wize brûkt. Dat jildt foar sjoernalisten dy’t yn it Nederlânsk skriuwe mar likegoed  foar  sjoernalisten dy’t berjochten yn it Frysk skriuwe. Dêrby kin op syn minst besocht wurde om ta in bettere Fryske oplossing te kommen foar dizze ‘voedselbankcrisis’.
Der wurde twa al wat Fryskere wurden brûkt op it webstee fan Omrop Fryslân: fiedselbank en itensbank. It beswier fan stivens, formelens by fiedselbank kin út de wei gien wurde troch de fariant itensbank te brûken. Iten is in goede, gongbere oersetting foar voedsel. Yn dizze tiden fan kredytkrisis en jildkrapte is by de gewoane banken amper mear jild te lienen. Foar de minsken dy’t earm binne en gjin jild hawwe om iten te keapjen, besteane der yn Fryslân lokkigernôch itensbanken. 

Klik op de link om te sjen wat it Wurdboek fan de Fryske taal  seit oer fiedsel en iten 
(Set om it hiele artikel te besjen in finkje yn de hokjes 'Toon ook: subbetekenissen | citaten') 

Publisearre yn Friesch Dagblad, 2 april 2011

Geen opmerkingen:

Een reactie posten