It wurd
fakânsje komt út it midsieusk Latyn (vacantia)
en betsjutte oarspronklik ‘frijstelling’, ‘it net wurksum wêzen’ en hat ferbân
mei it Latynsk wurd vacare dat ‘frij
wêze’ betsjut. Der is ek ferbân mei it wurd fakant,
dat ek ‘frij, ûnferfolle’ betsjut. In gemeente mei in ûnferfolle dûmnysplak is
bygelyks fakant. Yn it Frysk en Nederlânsk komt fakânsje al sûnt de fyftjinde
ieu foar. De oarspronklike betsjutting fan fakânsje yn dy beide talen wie
‘tiidrek, skoft sûnder rjochtsittingen’. Letter wreide dy betsjutting him út
nei skoallen en universiteiten: ‘tiidrek dat gjin les, kolleezje jûn waard’. En
sa kenne wy it wurd fakânsje hjoed-de-dei noch. Dat it begryp fakânsje foaral
mei frij fan skoalle te meitsjen hat kin men ûnder oaren sjen oan de gearstalde
wurden dy't ûntstien binne mei fakânsje as earste of twadde lid: skoalfakânsje,
aaisikersfakânsje, jirpelfakânsje, kachelfakânsje en fakânsjewurk. Ek in
ferbining lykas grutte fakânsje ferwiist nei de liddige tiid op skoalle, dy’t
yn dit gefal fiif of seis wike duorret.
Fakânsje is
fierder populêr wurden yn de tiid dat de wolfeart tanaam en wurknimmers ek mear
frij, dus fakânsje krigen. Meidat it hawwen en trochbringen fan dizze frije
tiid hieltyd mear foar brede lagen fan de befolking beskikber kommen is, binne
ek wurden ûntstien as fakânsjepark, fakânsjebestimming, fakânsjeleafde,
fakânsjetaslach, fakânsjelân en boufakfakânsje. Fierders binne der
dochfakânsjes, fytsfakânsjes, taalfakânsjes en skyfakânsjes. Dy lêste fjouwer
wurden ferwize foaral nei de aktiviteiten dy't men útfiert yn de fakânsje. It
wurd fakânsje doelt neist frij fan skoalle of wurk ek op de reis dy't men
makket yn de fakânsjetiid. Dat docht bliken út wurden as fakânsje-adres,
fakânsjebestimming, fakânsjebuorkerij, fakânsjefile, fakânsjeferkear,
fakânsjefoto, fakânsjegids.
De
betsjutting fan fakânsje as tiid dat eat stil leit, wreidet him ûnderwilens
fierder út. Neist frij fan skoalle of it wurk, kin men ek fan oare
ferplichtings frijsteld wurde. Sa bestiet der de houliksfakânsje, dêr't mei
bedoeld wurdt dat in troud pear in skoftsje frijwillich útinoar giet om de
spanning yn it houlik wat delbêdzje te litten. En in rintefakânsje is in skoft
dat men frij is fan it beteljen fan (hypoteek)rinte, om't jins ynkommen te
leech is. Ek by in tarikkend ynkommen is sa'n fakânsje oars wol noflik.
Dûmnys
hawwe ek fakânsje en net allinnich simmerdeis. Sa waard ris fan in dûmny sein:
Hy is yn ’e grutte fakânsje. Dêrmei waard bedoeld dat er yn de wintermoannen
altyd âlde preken hâlde (en in soad frije tiid hie dus). Foar de gemeente dêr't
dit spile mei men hoopje dat dûmny syn knyntsjedagen gau foarby wienen, itsij
trochdat der nije preken kamen of troch in fakante perioade.
(Friesch Dagblad 21-7-2012)
Geen opmerkingen:
Een reactie posten