It kin wêze
dat dizze collumn jo sa foldocht dat jo him nochris lêze wolle. Yn it
Nederlânsk soe foar ‘nochris lêze’ it wurd herlezen
brûkt wurde: ‘De collumn herlezen,’ of: ‘ze hebben haar gevraagd om alle
3000 dossiers te herlezen.’ Mei it
wurdsje of foarheaksel her- wurdt yn
it Nederlânsk oanjûn dat in hanneling nochris of opnij útfierd wurdt. Herlezen: in collumn lêze en dan nochris
lêze. Soms feroaret of wiziget der by dat opnij útfieren wat. Yn ‘hij herziet
zijn mening’ foarmet immen syn miening nochris, mar hy feroaret dy miening
tagelyk ek. En her- kin ek brûkt
wurde om eat yn de oarspronklike tastân werom te bringen: yn ‘de fyts herstellen’ wurdt de stikkene fyts wer
yn syn oarspronklike tastân werombrocht.
It
foarheaksel her- komt al hûnderten
jierren yn it Nederlânsk foar. Neist dat it al âld is, is it ek produktyf: it
kin brûkt wurde om nije wurden mei te foarmjen. Herlezen en herstellen besteane
al lang, nijere wurden mei her- binne
bygelyks herbevolking, herneembaar,
herevalueren, herprioriteren of herintreden.
Yn it Frysk komt
her- fanâlds net foar. Der bestiet
in algemien gefoel of idee dat it gjin goed Frysk is en dat wurden mei her- yn it Frysk net kinne. Mar it Frysk
hinget by it foarmjen fan nije wurden tige fan it Nederlânsk ôf. In Nederlânsk
wurd as heractiveren kinne wy ek
brûke, mar it moat dan noch wol efkes oerset wurde nei it Frysk. En omdat wy
fine dat her- eins gjin goed Frysk
is, brûke wy wer-, want dat betsjut
ommers krekt as her- ‘noch in kear,
opnij’. En sadwaande ferskine yn Fryske teksten wurden as werstelle, werlibje, wersjen en werrinnerje foar herstellen,
herleven, herzien en herrineren.
Foaral yn de media, mar ek op weblogs, Twitter of Facebook komt men soksoarte
nijfoarmingen oates en toates tsjin yn sinnen as: ‘De Amsterdamske band sil
Johnny Cash werlibje litte’, ‘Ik werinnerje my de diskusjes yn de gemeenteried’
en ‘de foarsitter is foar trije jier werbeneamd’.
En dochs,
dy foarmen mei wer- lykje wol Frysk,
mar it fielt lang net altyd goed. It hat faak wat keunstmjittichs, it is soms
kramtriedderich. Meastal kin it mei in oar wurd of in omskriuwing krekt wat
liniger en moaier sein wurde, bygelyks mei opnij: herbeginnen - opnij begjinne, herboren
- opnij berne (sa bgl. yn de Bibel, Johannes 3:4). In oare opsje is oer-: herstemmen - oerstimme, herdopen - oerdope. Nederlânsk herkennen wurdt omset ta werkenne: ‘ik
werkende him daliks’. Mar Frysker is fansels: ‘ik koe him daliks wer’. Fan herkauwen en hernemen kin wjerkôgje en wjernimme makke wurde.
Dochs kin
men soms net om wer- hinne. Herverkiezing is net opnij ferkiezing of
sa, mar werferkiezing. Wy soenen her- fansels
ek liene kinne, en gewoan as ‘her-wurden’ yn it Frysk opnimme? De tsjerke is op
't lêst ek al ieuwen ‘herformd’ en net ‘werfoarme’. En op televyzje sjogge wy
leaver de herhelling fan dy moaie goal as de werhelling? En dizze collumn,
foldocht er sadanich, dat jo him leaver herlêze as werlêze?
Geen opmerkingen:
Een reactie posten