Yn it Frysk
sprekke wy de namme fan de ivige stêd út as Jeruzalim, mei de klam op de u. De
namme fan de haadstêd fan Israel is yn ús taal al hiel lang bekend en dêrom
jouwe dy skriuwwize en útspraak gjin swierrichheden. De Israeliërs sizze yn har
taal sokssawat as Jeroesjalajim, mei de klam op de twadde a en se skriuwe it
mei hiele oare lettertekens as wy. Sa'n foarm yn de eigen taal (Jeruzalim) foar
in bûtenlânske ierdrykskundige namme (Jeroesjalajim) wurdt in eksonym neamd. Oare foarbylden fan
eksonimen yn it Frysk binne Berlyn en Parys.
Yn de
neamde gefallen giet it om eksonimen dy't yn it Frysk al bekend binne.
Jeruzalim is ta ús kommen troch de Bibel en it kristendom. Nammen as Aken en
Wenen binne troch histoaryske kontakten ek al sûnt ieuwen bekend. It brûken
derfan is ek hiel gewoan, gjinien sjocht jo der raar om oan as jo Fryske
eksonimen as Berlyn of Parys brûke.
De
definysje fan eksonym hat it oer ‘bûtenlânske ierdrykskundige nammen’, mar it
is miskien better om dat te ferfangen troch ‘oarstalige ierdrykskundige
nammen’. Want is it net sa dat wy yn it Frysk ek eigen Fryske foarmen foar
Nederlânsktalige nammen hawwe? Tink mar oan Grins, Grinslân, Drinte, Stienwyk,
Sânhuzen, Bloksyl, Gruttegast, de Isel, Oerisel. En fanâlds besteane nammen fan
stêden as Deventer, Swolle en Utrecht yn it Frysk as Dimter, Swol en Utert.
Foaral by
nammen dy't in Nederlânsk elemint yn har hawwe bestiet de oanstriid om dat
elemint te ferfryskjen. As bygelyks in lân- of provinsjenamme op -land útgiet,
meitsje wy dêr -lân fan: Gelderlân, Ruslân. By Duitsland meitsje wy fan de ui
ek noch in ú (krekt as yn in persoansnamme as Bruinsma-Brúnsma). En in lange oo
wurdt yn ferfryske nammen oa: Polen-Poalen, Noorwegen-Noarwegen. Ek it elemint
'wijk' lit him maklik ferfryskje sûnder dat men daliks in ‘hyperfryske’ foarm
kriget: Koatwyk, Hurderwyk. Miskien komt dat omdat der ek Fryske nammen binne
mei -wyk: Haulerwyk, Langewyk. Ek Hurder- foar Harder- yn de namme Harderwijk is
om dy reden grif net frjemd, want wy hawwe in soartgelikens elemint yn
Hurdegaryp.
Mar hoefier
kin soks gean? Kin men alle oer te setten eleminten ek oersette om in Frysk
eksonym te krijen? Kinne dan hoog en veen yn Hoogeveen ferfryske wurde om it
eksonym Hegefean te meitsjen? En burg, dat yn it Frysk boarch is, kin dat brûkt
wurde om Limboarch of De Boarch (Den Burg op Tessel) te foarmjen? En Zandvoort,
is dat dan Sânfurd? As dat dien wurdt, dan moat der wol om tocht wurde dat net
elk elemint is wat it liket te wêzen. Haar yn Haarlem is net hier (‘Hierlim’).
Ham yn Hamburg is net Skinke (‘Skinkeboarch’). En Os yn Oslo is net Okse
(‘Okselo’). Om it mar net te hawwen oer Riermûle (Roermond), Brûsboarch
(Doesburg) en Moardrjocht (Moordrecht). It brûken fan dat soarte fan
frjemdfoarmingen is ôf te rieden. Al wie it allinnich al omdat kaart- en
navigaasjeprogramma's jo by it yntypen fan de namme fan sokke oarden by Dokkum
om nei Nergenshuizen-Nearnehuzen stjoere.
(Friesch Dagblad 15-9-2012)
Geen opmerkingen:
Een reactie posten