Hoefolle Culex pipiens hawwe jo fan't simmer yn
jo sliepkeamer deaslein? En hawwe jo ek argewaasje fan de Bellis perennis dy't it egale grien fan jo bleekje fersteurt? Giet
it hjir om eksoatyske bisten en planten dy't troch it opwaarmjen fan it klimaat
ús kontreien opsykje? Net hielendal, de Culex
pipiens is de stekneef (Nederlânsk
mug) en de Bellis perennis hjit gewoanwei koweblomke
(madeliefje). Beide útwrydske wurden
binne de saneamde wittenskiplike namme foar dy ynsekte- en plantesoarten.
Biologen en oare leafhawwers oer de hiele wrâld witte by it gebrûk fan dy
nammen wêr't it oer giet. Se steane los fan de nammen dy't bisten of planten yn
de lâns- of streektaal hawwe.
Noch in
reden om in wittenskiplike namme te kiezen, is dat yn in taal faak mear nammen
foar ien en deselde soarte brûkt wurde. En sa'n namme wurdt soms ek noch wer
foar oare planten of ynsekten brûkt
Tsjin de al neamde stekneef wurdt
yn it Frysk bygelyks ek wol langpoat sein.
Mar de namme langpoat is ek wer de
namme foar in net-fleanend spineftich bist dat ek wol heawein hjit. En it is in namme foar in ûnbehelperich fleanend
ynsekt mei poaten fan wol 3-4 sintimeter (Tipula maxima). En dat lêste bist hat
wol wer tsien oare Fryske nammen: joustermerkefeint,
langbonk, langpoatmich, langskonke mich, langskonkmich, rienster, rienstermerke, rienstermerkeman,
rienstermerkemich, rienstermerkereizger en skriele hâns.
Dat der
sa'n fariaasje oan nammen foarkomt hat faak as reden dat elk plak of gea syn
eigen namme jout. Dat kin bygelyks sjoen wurde oan de al neamde joustermerkefeint. Dy namme sil grif yn
de omkriten fan 'e Jouwer ûntstien wêze en net yn Kollumersweach of Drachten.
Foar it koweblomke besteane ek gâns
Fryske farianten, faak allinnich gongber yn in beskate hoeke fan Fryslân: skieppeblom meast yn it súdwesten, teeblomke yn de Lege Midden, finneblom yn it noarden en koweblom yn it sintrale en eastlike part
fan Fryslân. Yn it Nederlânsk hat dit plantsje ek mear as ien namme. De meast
bekende is wol madeliefje, mar
dêrneist besteane oantsjuttingen as meizoentje,
meibloem, weidebloem, koebloem, landbloem, margriet, paasbloem en meelzoet. Foaral it easten fan Nederlân
(Oerisel, Gelderlân) brûkt meizoen. Madelief(je) is gongber yn it westen
(Hollân, Utert) en ek yn Drinte. Yn Drinte sizze de lju ek meibloem, dat dêrneist ek foarkomt yn de oare eastlike provinsjes
fan ús lân. De neamde nammen binne dan de meast frekwinte, mar pleatslik
besteane der tsientallen oare farianten: bleekbloem,
boddelief, boterbloem, brinkbloem, dijkbloem, goddelief, grasbloemetje,
kerkhofbloem ensfh.).
En om it
noch dreger te meitsjen: ús koweblom is
yn it Frysk èk noch de namme foar reade en
wite klaver en foar see-gers. En see-gers is wer de namme foar de gersanjelier, foar kweldergers
en de see-aster. En mei fûgels is
it oangeande de nammen net oars: de bûnte
lyster hjit ek wol grauklyster, gastlyster, oastmantsje, sjonglyster,
túnlyster. Yn Amsterdam is it
makliker, dêr ûnderskiede se mar twa soarten fûgels: sijsies en drijfsijsies.
Soks mei dan wittenskiplik net ferantwurde wêze, mar dúdlik is it wol.
Mear ynformaasje:
D. Franke en D.T.E. van der Ploeg, Plantenammen yn Fryslân. Ljouwert 19842
Wurdboek fan de Fryske taal: koweblom
Dialectkaart Meertensinstituut: madelief
Geen opmerkingen:
Een reactie posten