Van Dale is mei in nije edysje fan syn
wurdboek útkommen. No wie in nije Dikke Van Dale earder in reden om daliks nei
de boekwinkel ta te draven en dan dat trijedielich pak wurdboeken te keapjen.
Tink ris ta: mear as 4000 bledsiden taalgenot. Mar by de oankundiging fan dizze
nije Van Dale soe dat in fergese loop west hawwe: de edysje 2012 is allinnich
mar oer ynternet yn te sjen en it is noch mar de fraach of de Dikke Van Dale
oait wol wer yn boekfoarm útkomt.
It is gjin nijs dat troch de komst fan
kompjûter en ynternet de wrâld feroare is. Hast alles wat earder skriftlik dien
waard, kin (en moat) no elektroanysk: it belestingpapier ynfolje, de
meterstannen trochjaan, krantlêze. It skriuwen fan teksten (tink oan stikjes yn
wykkrantsjes, bijdragen foar weblogs, eamelstikjes op Twitter) wurdt hast altyd
digitaal dien. Dit elektroanysk tiidrek hat ek foar wurdboeken in omslach
teweibrocht. In trijedielich wurdboek as dat fan Van Dale nimt 30 sintimeter
plak yn in boekekast yn en weaget 3 kilo. Op in kompjûter, webserver of
usb-stick nimt in digitaal wurdboek amper of gjin plak yn en mei in app op de
smartphone kinne je der altyd by. It opsykjen giet folle flugger en makliker.
Yn it papieren wurdboek sykje jo alfabetysk nei in trefwurd, yn in digitalenien
sykje jo troch de hiele tekst hinne, ek yn de betsjuttingen, de foarbylden,
siswizen en sprekwurden.
Van Dale anno 2012 is útwreide mei wol
1500 nije wurden. Dat binne wurden as ‘grexit’ (Grikelân dat fuortgiet út de
Euro), ‘graaibonus’ en ‘poenpakker’, dy't soms wol grappich binne, mar no net
daliks in wichtige tafoeging oan de Nederlânske taal binne. Om yn Van Dale te
kommen moat in wurd sawat trije jier frekwint yn it Nederlânsk foarkomme. It
falt te betwiveljen oft it wurdboek foar alle wurden dat kritearium brûkt hat.
Sa is yn 2010 it wurd ‘voetbalueel’ tafoege. As men dat wurd op Google opsiket,
komt it mar fiif kear foar. Mar nije wurden as ‘Spaanse griep’, ‘wordfued’ en
‘ontvrienden’ binne wol de muoite wurdich om no op te nimmen.
Klik hjir foar mear ynfo oer VanDale
Geen opmerkingen:
Een reactie posten