De oare kear gong it yn Wurden oer de ynternetferzje fan de
Dikke Van Dale. Mar hoe sit it eins mei de Fryske wurdboeken, binne dy al yn
digitale foarm te rieplachtsjen? Sa foar en nei binne der by de Fryske Akademy
aardich wat Fryske wurdboeken makke en by oare útjouwerijen kamen ek wurdboeken
út. De meast brûkte binne de twatalige wurdboeken Nederlânsk-Frysk (1985) en
Frysk-Nederlânsk (1984). Yn 2008 ferskynde it ientalige Frysk hânwurdboek en yn
de jierren 1984-2011 seach ek noch it mânske meardielige Wurdboek fan de Fryske
taal (WFT) it ljocht. Al dy wurdboeken binne echte papieren wurdboeken: tûzenen
bledsiden fol wurden, mei oersettingen, betsjuttingen, foarbylden en útlis,
stevich ynbûn yn in hurd kaft. De wurdboeken Frysk-Nederlânsk en
Nederlânsk-Frysk binne op ynternet te finen, by it Frysk hânwurdboek is in
cd-rom makke en it WFT stiet ek hielendal online. Fierder binne der apps om
wurdboeken op de mobile telefoan te brûken.
Binne de Fryske wurdboeken dan no it
papier foarby? Dy fraach mei ja te beantwurdzjen, dat giet wat te stoef, mar de
oergong nei it digitale wurdboek is wol ynset. Minsken dy't in wurdboek brûke
om teksten te skriuwen of om wat oer te setten, hawwe der baat by dat se maklik
antwurden fine kinne op fragen as 'hoe sizze je dat ek al wer yn it Frysk?',
'is it no stoef of stûf?', 'hoe sette je overschrijden yn it Fryske oer?', 'wat
is no krekt in wipperke en hat wipperke ek synonimen?'. Yn it papieren
wurdboek moatte jo fan trefwurd nei trefwurd blêdzje; dêrfoaroer kinne jo yn it
digitale wurdboek troch de hiele tekst hinne sykje. De antwurden op boppeneamde
fragen fine jo troch digitaal yn de oersettingen, betsjuttingen, foarbyldsinnen en synonimen te
sykjen.
Foar de Fryske wurdboeken wurdt de
takomst hieltyd mear digitaal. De Fryske Akademy is dwaande om de besteande
wurdboeken sadanich te keppeljen en op ynternet te setten, dat mei ien
sykfraach yn alle wurdboeken socht wurdt, net allinnich op trefwurd, mar yn de hiele
tekst. Dat jout mear mooglikheden en alternativen by it oersetten en opstellen
fan teksten. Wa't dan om 'wipperke' siket, wurdt suver dronken as al dy
synonimen oer it skerm rôlje.
Oant no ta giet it noch om wurdboeken
dy't earst op papier ferskynden en letter digitalisearre binne. Nije wurdboeken
(wurdBOEK, is dat dan noch wol in goede namme?) sille alderearst op it ynternet
stean. By it meitsjen fan sokke 'wurdboeken' sil de brûker sintraal stean: wat
wol dy opsykje, hoe wol er it opsykje, wêr wol er it opsykje en mei watfoar
apparaat wol er sykje? Dy brûker wol alles
opsykje en it moat sa maklik mooglik te finen wêze. Hy moat oeral op 'e
wrâld by it wurdboek kinne, mei smartphone, tablet, laptop of pc. En ek
wichtich: it mei eins neat kostje. In papieren wurdBOEK foldocht net oan dy
easken en dêrom hat it digitale 'wurdboek' de takomst. Is oer in jier as
fyftjin it papieren wurdboek hielendal foarby?
(Friesch Dagblad 8 desimber 2012)
Geen opmerkingen:
Een reactie posten