De lêste moanne fan it jier, desimber,
wurdt de wintermoanne neamd, mar de earste beide moannen fan it jier binne
gauris kâlder as de lêste moanne. It wurd ‘winter’ wurdt assosjearre mei kjeld,
gjin wûnder dat yn de wurdboeken krekt dat skaaimerk yn de
betsjuttingsomskriuwing werom te finen is. Sa seit it Frysk Hânwurdboek oer
winter: ‘fjirde tiid fan it jier, fan 21 desimber oant 21 maart, de kâldste
tiid fan it jier’. Oare wurdboeken jouwe dêr noch by dat it de meast tsjustere
tiid fan it jier is.
De winter as bringer fan kâld en
ûnlijich waar hat wol yndruk makke, wat bliken docht út nammen dy't oan de
winter jûn binne. Ut ûntsach neame de minsken him Kening Winter, in kening
dêr't men jin mar ûnder del te jaan hat. Oare nammen binne Jûkelburd en
Rûchburd, soms ek yn kombinaasje mei kening: Kening Rûchburd, Kening Jûkelburd.
De namme Tsjalf (Thialf) wurdt ek wol yn ferbân brocht mei Kening Winter, mar
dat doocht net, want Tsjalf is de feint fan de Germaanske tongergod Donar
(Thor) en gjin kening en wintergod.
Yn de sin ‘wy hawwe yn fjouwer jier
gjin winter hân’ liket it as kin de winter oerslein wurde en soe it jier ek út
allinnich maitiid, simmer en hjerst bestean kinne. Dat is astronomysk net mooglik:
de syklus fan de ierde om de sinne soarget needsaaklik foar in seizoen dat it
yn it noarden kâld en tsjuster is. Yn de neamde sin hat winter in oare
betsjutting, nammentlik ‘rite mei froastich waar’. Yn dat gefal duorret de
winter ek gjin trije moanne, mar meast mar in pear wike en dan is it wer
foarby. Yn de betsjutting, ‘kâlde tiid fan it jier’, kin winter ek net as
ferlytsingswurd ‘winterke’ bestean. By winter as ‘froastige rite’ kin dat wol:
‘wy hienen dizze winter in pear winterkes’. Winter kin ek noch in synonym (oar
wurd) wêze foar froast, yn in sin as: de winter hat der oer west. Soks wurdt
ûnder oaren sein fan boerekoal en sprútkoal, dy't earst lekker, brosser, wurde
as se beferzen west hawwe (neffens in sitaat út it Wurdboek fan de Fryske Taal).
De foarm ‘winter’ is in echte âlde
Germaanske foarm. Yn âldere taalfazen bestie it as winter (Aldfrysk) en wintar,
wintra, went(e)re (Middel- en Ald-Nederlânsk). Yn hiel wat talen út de
Germaanske taalfamylje komt it foar: winter (Dútsk, Ingelsk, Nederlânsk),
vinter (Deensk, Noarsk, Sweedsk), vetur (Iislânsk). Sels de keunsttaal
Esperanto hat it Germaanske wurd winter liend yn de foarm fan vintro. Yn it Goatysk (in
East-Germaanske taal fan sa'n 1500-2000 jier ferlyn) wie it wintrus.
(Publisearre yn Friesch Dagblad, 5-1-2013)
Geen opmerkingen:
Een reactie posten