Geef Frysk is net wichtich of belangryk, wie in pear wike lyn in diskusjestelling by Omrop Fryslân. Genôch reden dus foar fûle striidpetearen oer de kwaliteit fan it Frysk. Sille wy al dy Hollanismen derút kneppelje en sa de taal suver hâlde? Of moatte wy it mar moai gewurde litte, want it is gewoan in taalferoaring.
It is soms lestich om út te meitsjen wat al of net echt (geef) Frysk is. ‘Suver Frysk’ bestiet net, gjin inkelde taal is ‘suver’, want talen dy't kontakt mei-inoar hawwe, beynfloedzje inoar oer en wer. Sa lient it Frysk al mear as fiifhûndert jier Nederlânske wurden en it Nederlânsk hat ek wolris wat út it Frysk liend. De iene fynt dat slim, al dy lienwurden, foaral as der wol goede Fryske wurden foar besteane. En in oar seit, och lit mar gewurde, at de minsken my mar begripe, want dêr giet it op 't lêst om.
Yn it moderne Frysk wurde mear en mear Nederlânske wurden brûkt. Hjir binne in pear foarbylden fan sinnen mei wurden deryn dy't streekrjocht út it Nederlânsk komme: We krije iten fan de ‘voedselbank’. Dan is it ‘over en uit’. We ‘hure in wenning’. Der ‘binne’ genôch ‘kijkers’ west. Ik kom fannemiddei wer ‘even in besoekje bringen’.
It is foaral de sprektaal dy't gefoelich is foar Nederlânske lienwurden. Dat leit ek wol foar de hân, want men heart in soad Nederlânsk om jin hinne en wit net altiten wat it goede Fryske wurd is. Betink sa gau mar ris it Fryske wurd foar ‘juichen’ yn in sin as ‘we moeten niet te vroeg juichen’. As men gewoan in praatsje hat, is der gjin tiid om dêr oer nei te tinken en dan seit men sa'n sin hast letterlik yn it Nederlânsk: we moatte net te ‘froech juiche’.
As it der net mear ta docht oft men Hollanismen yn de de sprektaal brûkt, dan komt ek de fraach op hoe't je dy dan skriuwe moatte. Moatte se oanpast wurde oan de Fryske skriuwregels of moatte se mar yn it Nederlânsk skreaun wurde. Is it dan ‘foedselbank’ of ‘voedselbank’ (yn it Frysk begjinne de wurden net mei in v). En as in Fryskprater ‘huren’ seit en dat ek skriuwe wol, hoe moat dat dan: ‘ik huer in hûs’ of ‘ik huur in hûs’. En hoe moat it Nederlânske ‘ergens’ yn it Frysk, skriuwe je dat as ‘erges’, wat men hjir en dêr wol sjocht? As de stomme n dêr net skreaun wurdt, moat dan de stomme r yn bygelyks fee-arts dan ek net weilitten wurde: ‘de fee-ats hat Bijke litte ynsliepen’.
As geef Frysk dan net sa belangryk mear is, dan moatte de foarstanders fan dy stelling har wol realisearje dat de skriuwwize fan dat nije Frysk fragen opropt: de Hollanismen gewoan mar oernimme of oanpasse oan de Fryske skriuwwize. Wy kinne ek besykje om dochs goed en fersoarge Frysk te skriuwen. It skreaune Frysk mei allegear Hollanismen, ergens liket it nergens nei!
zondag 8 december 2013
woensdag 27 november 2013
Woordeboek fan 't Bildts
Yn Fryslân wurdt troch de measte minsken Frysk praat. Dêrneist hawwe wy ûnder oaren noch it Nederlânsk, it Stellingwerfsk en it Stedfrysk. Yn de noardwesthoeke fan de provinsje fine wy it Bilts. Dy streektaal is nei fyftjinhûndert ûntstien yn it ynpoldere part fan de Middelsee dat hjoed-de-dei de gemeente It Bilt foarmet. Lju út it doetiidske Hollân krigen konsesjes om de krite tusken Stiens en Berltsum yn te polderjen en oan te meitsjen. Yn it nije lân ûntstienen letter doarpen as ‘Onze Lieve Vrouwenparochie’ en ‘Sint Jacobiparochie’. It (Súd-Hollânsk) komôf fan de Biltkers fine wy werom yn nammen as Kuik, (van) Kuiken, Wijngaarden en Wassenaar.
De taal dy't de Hollânske polderjonges sprieken, kaam yn kontakt mei it Frysk fan de omlizzende gritenijen en der ûntstie in nije fariant, it Bilts. Yn dy taal fine wy ynfloeden dy't op it Frysk tebek geane, mar ek it Nederlânsk is der yn werom te kennen. Yn in sin as ‘’t is soa hyt dat de protters doad fan 't dak fâle’ is dat sichtber. ‘Protters’ is bygelyks dúdlik Frysk en ‘doad’ wiist op it Nederlânsk.
Bilts wurdt troch in pear tûzen minsken op it Bilt praat en der wurdt ek yn skreaun. As it op it skriuwen fan it Bilts oankomt moat hjir it Woordeboek fan 't Bildts neamd wurde. Dat boek kaam foar it earst yn 1996 út. Pionier op it mêd fan de Biltse taalkunde en grûnlizzer fan it wurdboek wie Hotze Sytzes Buwalda. Hy en syn frou Tytsy Buwalda-Veenbaas hawwe by harren libben in fracht oan Bilts materiaal sammele oer ûnder oaren keatsen, lânbou, faktaal en bernespultsjes. It materiaal waard fierder oanfolle en bewurke troch Sytse Buwalda, soan fan Hotze en Tytsy. Ek gâns oare Biltkers droegen by oan it gehiel. Yn de njoggentiger jierren waard op de Fryske Akademy it materiaal troch Anne van der Burg ferwurke ta in mânsk wurdboek. Al rillegau rekke de earste edysje (oplage 750 eksimplaren) útferkocht. Dêrmei waard it Bilts wurdboek it bêst ferkochte streektaal-wurdboek fan Nederlân. Der wie noch altyd fraach nei it wurdboek en dêrfandinne dat der no in twadde edysje ferskynt. Sytze Buwalda hat de tekst fan de earste edysje bewurke en oanfolle mei trije tûzen nije wurden. It boek telt no sa’n ienentweintich tûzen trefwurden. De ynhâld is op de Fryske Akademy nochris neigien troch Hindrik Sijens. Fierder is it staveringsboekje ‘Hoe skrive wy ’t in ’t Bildts’, dat Hotze Buwalda yndertiid skreaun hat, ek opnommen yn it nije wurdboek.
Efteryn yn it wurdboek stiet in yndeks Nederlânsk-Bilts. Dy is opnaam ta geriif fan de net-Biltse brûkers. As men dêryn bygelyks siket op it Nederlânske ‘geit’, fynt men as oersetting: ‘bok’. It Biltse ‘met ’e bok na de ram gaan’ betsjut dus dat men de geit dekke lit troch in bok. Bok is hjir in saneamde ‘falske freon’. As men dat net wit, sjit men dêr op It Bilt seker in rare bok!
De nije edysje fan it ‘Woordeboek fan ’t Bildts’ is op 15 novimber ferskynd en is yn de boekwinkels te krijen. It kostet € 38,95.

maandag 14 oktober 2013
Wivepraat
De oare
kear gong it der yn dizze rubryk oer dat it sprekwurd ‘it bêste stik húsried is
in goed wiif’ út de tiid is. It wurd wiif yn dat sprekwurd is hjoed-de-dei ek
net mear sa brûkber. Wiif wie earder in neutrale oantsjutting foar frou yn it
algemien, sûnder in negatyf gefoel. Dat kinne wy ús no hast net mear yntinke.
Ferfang yn de sin ‘der rûn in frou foar it terras lâns’ it wurd frou mar ris
troch wiif en jo begripe daliks dat ‘wiif’ foar frou net mear kin.
Neist ‘frou
yn it algemien’ betsjut wiif ek ‘frou dêr’t ien mei troud is’. Al yn it Ald- en
Midfrysk kaam dy betsjutting foar. It Nederlânsk hat wijf en it Dútsk Weib. Yn
dy beide talen betsjut it ek ‘frou’ en krekt as yn it Frysk, foaral mei in negatyf
gefoel. Yn neamde talen betsjut it ek
‘frou dêr't men mei troud is’. Dy lêste betsjutting is sa stadichoan ek yn it
neigean rekke. Hjoed-de-dei sizze wy net mear sokssawat as ‘Klaas en it wiif
komme jûn ek’. Yn it Nederlânsk is wijf as ‘echtgenote’ al mear as 200 jier út
de graasje. It Frysk hat lang oan wiif as troude frou fêsthâlden, mar nei 1950
is dy betsjutting hieltyd mear yn ûnbrûk rekke. Yn it Ingelsk is ‘wife’ foar
troude frou noch wol gewoan.
Hoe soe it
komme dat wiif (en wijf) tsjintwurdich sa’n negative gefoelswearde hawwe? In
oarsaak is miskien dat it eartiids neist yn de algemiene betsjutting ek brûkt
waard foar prostituee. Dy betsjuttingsútwreiding komt al foar yn it Nederlânsk
fan de trettjinde ieu. Yn dat saneamde Middelnederlânsk besteane al ferbiningen
as ‘licht wijf’ en ‘ghemeen wijf’. By beide kombinaasjes hawwe wy te krijen mei
in prostituee. Mooglik dat de negative gefoelswearde dy't ferbûn is mei
prostitúsje en alles wat dêrby heart, oergien is op de algemiene, ‘neutrale’
betsjutting dy't wijf (wiif) hie. Nei 1500 komme wy wijf en wiif hieltyd faker
tsjin yn negative sin. It wurdt dan brûkt yn kombinaasje mei negative
eigenskippen: rabberich, oanstellerich, rûzje meitsjend: in âld wiif, in kwea
wiif, in frjemd wiif. Mei ‘dat’ derfoar kriget men itselde negative
gefoelseffekt: ‘dat wiif moat hjir net wer komme’. Hjir leit ek in ferbining
mei it Fryske wurd frommes, dat ek negative gefoelens oproppe kin: ‘dat frommes
ek altyd te seuren’.
Hiel oars
is it mei de ferlytsingsfoarm wyfke. Dat ropt, lykas ferlytsingsfoarmen dat
gauris dogge, meast positive, ‘fertederjende’ gefoelens op. Dat is sa yn ‘toe
mar wyfke, jou heit mar in hân’. Mei in eigenskipswurd derfoar, lykas yn ‘it
âld wyfke rûn achter de rollator’ ferdwynt it negative ek. Mar kin noch sein wurde
‘Klaas en it wyfke komme jûn ek’? It is almeast feroare yn ‘Klaas en de frou’
en sels dat wurdt sa stadichoan ferfongen troch ‘Klaas en syn partner’. En
omdat alles hieltyd mear Ingelsktalich wurdt, fine wy it skielk miskien wol hiel
gewoan dat Klaas en ‘his wife’ ek komme.
Ek ferskynd yn Friesch Dagblad 12-10-2013
zaterdag 14 september 2013
In bêst stik húsried?
Der sille grif huzen wêze dêr't in tegeltsje mei de spreuk 'it bêste stik húsried is in goed wiif' oan 'e muorre hinget. Neffens it Frysk Hânwurdboek fan 2008 betsjut dat sprekwurd 'yn in húshâlding sûnder frou rint alles yn it hûndert', en ek 'in sunige húsfrou is beskiedend foar de wolstân fan in húshâlding'. Net elk sil hjoed-de-dei like wiis wêze mei krekt dit sprekwurd. It is 'tegeltsjewiisheid' út it perspektyf fan de man wei, dy't de frou dêr't er mei troud is foaral sjocht as húshâldster. Yn ús tiid fan lykweardichheid fan man en frou, is it byld fan de frou oars as yn earder tiden.
It wurd 'húsried' betsjut 'alles wat by de ynrjochting fan it hûs heart'. It komt al foar yn it Aldfrysk en ek yn it Middelnederlânsk. Yn in tekst út Limboarch fan it jier 1240 stiet it as 'husrat'. It twadde lid 'ried' betsjut safolle as 'wat nedich is, helpmiddel'. It komt ek foar yn 'foarried', en yn de ferbining 'foar eat riede' dat 'foar eat soargje', 'rêde mei eat' betsjut. It Dútsk hat it wurd ek yn de foarm 'Hausrat' mei deselde betsjutting as yn it Frysk en Nederlânsk.
Neist de letterlike betsjutting fan húsried komme der yn 'e rin fan de tiid ek figuerlike betsjuttingen op. Foaral de persoanen dy't yn 'e hûs wenje wurde mei húsried ferlike. In minske kin bygelyks in raar of ûnnut stik húsried wêze. En it kin sawol op manlju as op froulju slaan, mar it falt wol op dat in frou faker as húsried beneamd wurdt as in man. Dat komt miskien omdat de frou eartiids meast it hûs as ferbliuwsplak hie. Dat in frou oerdrachtlik sjoen waard as hearrend by it hûs komt foar yn in sitaat as: 'Zaon stik huisree is net te heeg te agtjen' (sa'n stik húsried kin net te heech oanslein wurde) út 1802. Hjir wurdt it posityf bedoeld, mar it kin ek oarsom. Yn in ferhaal fan de Halbertsma's út 1834 fine wy dat 'in kwea frommes in min stik húsried' is.
De spreuk 'it bêste stik húsried is in goed wiif' giet troch foar écht Frysk, mar soe dat wol sa wêze? Yn it wurk fan de santjinde-ieuske skriuwer Jacob Cats fine wy it al yn it Nederlânsk fan dy tiid: 'Een goet wijf is een goet stuck huysraets'. En it Dútsk hat ek farianten fan it sprekwurd yn 'e foarm fan 'Eine gute Hausfrau ist der beste Hausrat', en in bytsje oars: 'Es ist der beste Hausrat, der ein fromm Weib hat'. 'Vader' Cats wurdt wol oanmurken as de betinker fan it sprekwurd, mar omdat it Dútsk it ek hat, is it bêst mooglik dat it yn syn tiid al in gewoane spreuk wie dy't ûnder it folk húsriem wie. Anno 2013, 400 jier letter, wurdt it minder op priis steld dat it wiif as in bêst stik húsried sjoen wurdt. Ofwaskmasine, stofsûger en magnetron binne der foar yn 't plak kommen.
(Ek publisearre yn Friesch Dagblad 14-9-2013)

zaterdag 17 augustus 2013
Himelsk harplûd
Fyftich-plussers
dy't kristlik ûnderwiis folge hawwe heucht it noch wol dat hja psalmferskes út
'e holle leare moasten. Bekende psalms sitte der noch goed yn: ‘’t Hijgend hert
der jacht ontkomen’. Wol spitich dat it almeast de Hollânske psalms wienen, yn
de âlde of nije beriming, en net de Fryske. Yn dy taal hie like goed kinnen,
want ek yn it Frysk binne de psalms berime. Se steane gewoan yn it Lieteboek
foar de tsjerken. De santjinde-ieuske dichter Gysbert Japix hie yn syn tiid ek
al in oantal psalms berime en yn syn sammele wurken út 1668 wurde dy psalms
‘Hymmilsch Harp-luwd’ neamd. De Gysbert-psalms kinne songen wurde op de gewoane
wizen, mar de teksten binne foar ús moderne Friezen minder goed nei te kommen:
‘Az in Hert wirt toarst-hiet jachtge, / Graeyt in kierm't ney kieltme' in
focht; / Allijck gâlt mijn siel, forsmachtge / Ney God’ (toarst-hiet = hjit fan
toarst, jachtge = opjage, Graeyt = gûlt, kieltme = koelte, gâlt = ropt).
It wurd
psalm komt út it âlde Gryks en betsjut ‘liet dat by de harp of siter songen
wurdt’. It is dus gjin oarspronklik Frysk wurd en dat kin men sjen oan de ps-
oan it begjin fan it wurd, want dy komt net foar oan it begjin fan gewoane
Fryske wurden. Allinnich frjemde wurden as pseudo en psyche hawwe dy ps-.
Mooglik dat dêrom ek yn âlder Frysk en Nederlânsk de p foar de s ek wol
weilitten waard. Dan seinen (en skreaunen) de minsken ‘salm’. Yn in Aldfryske
tekst út 1570 stiet: ‘... dij 23 salm
song er in zyn siocht’ (de 23ste psalm song er doe't er siik wie). En yn in
Middelnederlânske tekst út de trettjinde ieu stiet: ‘In Moysess wet ende in den
propheten ende in den salmen’.
zaterdag 20 juli 2013
Smoarch fanke
Begjin july wie yn it nijs dat in Japanner de Japanse omrop foar it rjocht daget omdat er fynt dat dy tefolle Ingelske lienwurden yn 'e programma's brûkt. As âldere man kin er de programma's net mear folgje, want hy ken gjin Ingelsk. Dêrom easket er in skeafergoeding fanwege it emosjoneel leed dat him oandien wurdt. Dit foarfal lit sjen dat taal in tige hechte ferbining mei de minske hat: jins taal is in part fan jinsels en is middel om jin te uterjen en om kennis fan de wrâld ta jin te nimmen. Omdat de Japanner fanwege frjemd taalgebrûk behindere wurdt yn syn funksjonearjen, spant er in saak oan.
Taal is wol faker reden om in rjochtsaak te begjinnen, net allinnich omdat men mient tekoart dien te wêzen, mar ek yn it strafrjocht. Fanwege it Frysk hawwe der ek wol rjochtsaken west. Ien fan de bekendste foarbylden is de saak tsjin Fedde Schurer. Hy waard yn 1951 dage om't er in offisier fan justysje misledige hawwe soe dy't minachtsjend oer it Frysk praat hie yn in rjochtsaak. De rjochtsaak tsjin Schurer dêroer, op freed 16 novimber 1951, rûn út op reboelje. Dy dei hjit sûnt Kneppelfreed.
In oar justisjeel gefal dêr't it Frysk in rol yn spile, is in saak út 1892-'93. Kastlein Koert Nijland fan Haulerwyk hie op in gearkomste fan wurkleaze arbeiders sprutsen en besleat syn ferhaal neffens de krante mei de wurden ‘... en zelfs ons smerig Koninginnetje werkt niet en die geeft men daarvoor dagelijks vierdehalf duizend gulden'. Dat ‘smerig Koninginnetje' foel net goed en waard sjoen as mislediging fan de foarstinne. De kastlein moast foar it rjochter ferskine en de fraach wie doe oft hjir wol sprake wie fan majesteitsskeining. Fûn Nijland dat de keninginne ‘smerig' wie yn de betsjutting fan aaklik, ferfelend, mislik (‘rot op, smerig mens'), of bedoelde er ‘smerig' mei as strekking ‘noch net folwoeksen', sa't it yn it Frysk foarkomt. Wilhelmina wie doe ommers noch mar tolve jier, ‘noch mar in smoarch fanke' dus! Yn dy tiid koenen de Friezen minder goed Nederlânsk as hjoed-de-dei en Nijland hie Nederlânsk praat en koe dy taal net sa goed dat er wist dat ‘smerig' yn it Nederlânsk net de betsjutting fan ‘net folwoeksen' hat. De rjochter wie lykwols net gefoelich foar dat argumint. Nijland waard foar ‘majesteitsschennis' feroardiele en moast in moanne sitte, yn dy tiid in gewoane straf foar majesteitsskeining.
Sokke taalmisbegripen wurde falske freonen neamd en komme wol faker foar, meast tusken twa talen dy't in soad mei-inoar te meitsjen hawwe en opelkoar lykje. Hiel bekend is fansels it foarbyld fan ‘it kin net' dat yn it reklamefilmke foar bearenburch troch ûnwittende Hollanders ynterpretearre waard as ‘het kan net'. Dêrnei stapten se op it net-fertroude iis en sakken dertroch. Sy koenen de humor der wol fan ynsjen en dit misbegryp einige yn it kafee ynstee fan yn 'e rjochtbank. Mar yndertiid wie dat oars mei it ‘smerig Koninginnetje', dat ek noch in ‘valse vriend' wie...
Literatuer:
Bastiaan van der Velden, ‘Waar gaan wij heen met het Fries?'. Nijmegen 2004, pp. 48-57.

maandag 24 juni 2013
Lange wurden
Okkerwyks wie yn it nijs dat de Dútske
dielsteat Mecklenburg-Vorpommern besletten hie om it 63 letters tellende wurd Rindfleischetikettierungsüberwachungs-aufgabenübertragungsgesetz
út syn wetsteksten te skrassen. Om sa'n wurd te begripen moatte sels Dútsers it
mear as ien kear lêze en wy net-Dútsers stammerje der alhielendal in moai skoft
op om. It wurd tsjut op in wet oangeande de delegaasje fan it tafersjoch op
ettikettearring fan kowefleis. It giet hjir om in steapeling fan gearstalde
wurden dy't amper of net yn de gewoane omgongstaal brûkt wurdt en alhielendal
net yn it wurdboek stiet. As men op it ynternet sneupt fynt men ek Nederlânske
wurden fan wol 60 letters, mar dat binne allegear betochte wurden dy't net yn
de gewoane taal funksjonearje. It programma Lingo kaam jierren lyn alris mei it
langste Nederlânske wurd: kindercarnavalsoptochtvoorbereidingswerkzaamhedencomitéleden.
Dit is grif net it langst mooglike wurd, want mei wat kreativiteit kinne je dêr
ek noch wat efter plakke, bygelyks verjaardagspartij
en dan krije je: kindercarnavalsoptochtvoorbereidingswerkzaamhedencomitéledenverjaardagspartij.
Moai betocht, mar it wurdt fierder net brûkt en stiet net yn it wurdboek. It
langste wurd dat wol yn Van Dale stiet, is meervoudigepersoonlijkheidsstoornis.
De langere wurden yn 'e wurdboeken binne faak gemyske ferbinings as wetterstofsyanide en natriumwetterstofkarbonaat. Dat binne
mear formules as echte omgongswurden. Yn it Ingelsk is oait sa'n formulewurd
makke dat sá lang is, dat it wol 15 minuten kostet om it te sizzen. It begjint
sa: Methionylalanyl ... en hâldt sa
op: ... glycylprolylprolylprolylleucine.
Op papier beslacht it fyftjin A4’kes.
De langste Fryske wurden dy't yn it
Frysk Hânwurdboek steane binne arbeidsûngeskiktheidsfersekering
en rioelwettersuveringsynstallaasje.
Foardat josels oan it tellen slagge: se hawwe elk 32 letters. Oare lange wurden
yn it Frysk binne minderweardichheidskompleks,
ûnderwiisbegeliedingstsjinst, postkonsintraasjekampsyndroom en libbensfersekeringsmaatskippij. Yn de
Taaldatabank fan de Fryske Akademy (in databank mei 24 miljoen wurden) telle de
langste wurden sa'n 26-27 letters. Dat binne faak gewoane wurden as frijwilligersorganisaasje en finansieringsmaatskippij. Mar ek ûngewoane
gelegenheidswurden as bûtengenedestruktuerlik
en amerikareisiepenbiering komme
foar.
In aardige fraach yn dit ferbân is oft
Fryske wurden gemiddeld like lang, langer of koarter binne as Nederlânske
wurden. Om dêr in goed antwurd op jaan te kinnen, freget aardich wat
rekkenderij. Mooglik dat de wurden yn it Frysk gemiddeld wat langer binne as dy
yn it Nederlânsk. Oanwizings dêrfoar kinne wêze dat it Frysk mear
bylûdkombinaasjes hat fan trije letters (bygelyks skr, skj, dzj en zje). It Frysk
hat boppedat ek mear wurden mei lange, twa- en trijelûden dy't hieltyd mei twa
of trije letters skreaun wurde. Ek by ien-op-ien oersettings yn wurden as veiligheidsdienst/feilichheidstsjinst of
maansverduistering/moannefertsjustering
brûkt it Frysk gauris mear letters as it Nederlânsk.
Ta beslút: by al dat lettergeweld yn lange drege wurden is der ien
treast: de measte en gewoanste Fryske wurden binne ienfâldich: noas, gers, wurd, mûts. En se binne
koart: ik, de, op, en, yn.
zaterdag 25 mei 2013
Bôle, brea, smoar en bûter
It pinksterfeest wie oarspronklik it
feest dêr’t it bêste fan ’e earste fruchten as jefte oan God brocht waard. Dat
wienen de earste fruchten fan de druve- en olivebeam en fan it nôt. Fan de
oliven waard oalje makke en fan it nôt waard bôle bakt. Bôle waard eartiids
iten yn kombinaasje mei oare gerjochten. It wie doe net it luftige produkt dat
wy hjoed-de-dei ite. It wie wol riisd, mar dan mei help fan soerdaai. Wy keapje
almeast in snijde bôle, mar de âffaars brutsen it brea of snienen der in hompe
ôf. Yn de Bibel fine wy dat brekken werom yn Hannelingen 2, dêr stiet dat de
leauwigen alle dagen it brea brutsen ta betinking fan it offer fan Jezus. Brea
of bôle waard dipt yn (olive)oalje en it wie wat it Nederlânsk sa moai seit
‘toespijs’ by fisk of bret fleis.
Yn Europa waard bôle of brea fanâlds mei
bûter, smoar of rizel iten. Smoar is in algemien wurd foar fet en rizel is
foaral it fet fan ’e baarch. Bûter is in fetprodukt dat fan rjemme makke wurdt.
Hjoed-de-dei is bûter foaral te keap as roomboter.
Yn it Frysk wurdt dat net oerset as rjemmebûter, mar as boerebûter. Oant let yn
de njoggentjinde ieu waard bûter op ’e pleats makke, dêrnei foaral yn it
bûterfabryk. Dat waard dan fabryksbûter neamd en bûter fan de pleats wie
boerebûter. De folkstaal hat it oer bûter as it giet om bôlebesmarren; om it te
ûnderskieden fan keunstbûter (margarine, halvarine of ‘dieet-light’) wurdt ek
wol boerebûter sein.
‘It giet de froulju as de tsiis: hoe âlder hoe
skerper.’
In oar suvelprodukt dat yn kombinaasje mei
brea of bôle iten wurdt, is tsiis. Earder iet men mear in stik, hompe of timpe
tsiis by de bôle. Yn ús tiid wurdt tsiis meast yn lapkes (gjin plakjes!) snien
en op de bôle lein. Tsiis wurdt wol beneamd neffens de tiid fan rypjen:
belegere tsiis is tsiis dy’t al wat hurder is, farske tsiis is jonge tsiis.
Alde tsiis smakket skerper en dat brocht yndertiid Joast Halbertsma der ta
dizze opmerking te meitsjen: ‘It giet de froulju as de tsiis: hoe âlder hoe
skerper.’
Der bestiet ek swietmolkentsiis, dat is
tsiis fan farske, net-pasteurisearre molke. Yn it Nederlânsk wurdt dat rauwmelkse kaas neamd (bgl. de eardere
Kollumer tsiis fan Frico). Tsiis wurdt ek wol bewurke troch it te ranen en der
sâltferbinings oan ta te foegjen. It produkt dat dan ûntstiet, wurdt smartsiis
neamd. Nageltsjetsiis is tsiis mei krûdnagels (net krûdneils!) dertroch. Der is ek tsiis dêr’t komynsied troch sit, dy
hjit yn it Frysk kominetsiis, mar ek wol krûdsjetsiis.
(Publisearre yn Friesch Dagblad 25-5-2013)
Abonneren op:
Posts (Atom)