zaterdag 15 oktober 2011

Juffershûntsje


It sil jo mar sein wurde dat jo it juffershûntsje (schoothondje) fan it kabinet binne. Of immen makket jo út foar âld nút, splyteach of manwiif. Soksoarte fan skelpartijen binne oer it generaal net ferheffend en foar deselde dy't de nammen neijûn kriget binne se misledigjend of kwetsend. Neffens it Frysk hânwurdboek is skelle: ‘misledigjende, kwetsende taal op rûge, fûle wize uterje’. Dy omskriuwing seit neat oer de reden wêrom't skelwurden brûkt wurde. Hiel faak is dat om jinsels boppe oaren te ferheffen ta skea fan in oar persoan. As men immen ferliket mei in juffershûntsje seit men dêrmei eins fan jinsels dat jo dat net binne. De oar hat de ferachte eigenskippen fan sa'n hûntsje of it ûngeunstich uterlik, mar jo net. As minsken begjinne te skellen wurde der gjin arguminten mear brûkt, it komt allinnich  noch oan op it rippetwaar oan skelwurden dat men hat en de ‘kreativiteit’ om yn in situaasje it meast gaadlike wurd te brûken.

Minsken wurde om ferskate redenen útskeld. It kin wêze om't immens uterlik of foarkommen jin net oanstiet. Dan komme der wurden as fjoertoer, brillejoad of strykplanke. It binne faak dingen dêr't sa'n persoan neat oan dwaan kin. Ek it uterlike oansjen lykas smoargens ropt ôfkear op dy't mei in skelwurd utere wurdt: aap, drint, podde, heiden, jakhals, fodze, kealkop.
It aparte, ôfwikende hâlden en dragen fan in persoan kin ek reden ta it brûken fan skelwurden wêze. Minsken dy't ûndogens, sloarderich, ferfelend, seurderich, ûnakseptabel, ûnfatsoenlik, ûnfoech, neibauwerich of âldsk dogge, krije wurden as bavianekop, bêdmiger, hûnelul, meubel, nút, rotsek of teanpluzer nei de holle slingere.
It ferûnderstelde minne karakter fan immen kin yn skelwurden ôfstraft wurde. Lju dy't kwea, dom, ferfeelsum, ferfelend, noartsk,  ûnsympatyk, ferachtlik, aaklik, bang, gemien, sleau of slûch binne, krije as label mei: ûngelok, boer, boerehufter, droechskiter, farken, hûn, huorrejong, ymbesyl, kaffer, kloat, koekje, kring, sekreet, tsjoarbolle, skytlak, dropke.
Lju mei in (ôfwikende) oertsjûging of oanhingers fan de oare partij krije der soms ek fan lâns. Yn sa'n gefal binne it finen, readen, swevers, geitehierren sokdragers, papen of heidenen.
Beroppen en funksjes kinne ek negative gefoelens oproppe dy't utere wurde yn skellerij. Immen op kantoar wurdt inketslabber neamd. In bouboer is in klútskopper, in dûmny is in preekrôt, in bakker in boltsjekniper. Amtners binne lânopfretters en doarwarders wurde útskeld foar dûbeltsjeman en griper.

Skellerij wurdt oer it algemien net akseptearre. Foaral as der grouwélige en ûnfoege wurden brûkt wurde, hoecht men net op ynstimming te rekkenjen. It brûken fan bistenammen foar minsken, it neamen fan aaklike sykten of slimme taboewurden stiet maatskiplik net yn oansjen. Troch de bank nommen wurdt skellen sjoen as ûnfatsoenlik en as bewiis fan ûnfermogen. Dochs is der blykber in maatskiplik ferlet om inoar útskelle te kinnen. Ek yn de Twadde Keamer is dat ferlet waarnimber, wat bliken docht út it brûken fan termen as juffershûntsje. It bliuwt fansels in fraach oft it brûken fan sokke wurden falt ûnder de neamer ‘doch normaal’.

(Friesch Dagblad 15-10-2011)

1 opmerking:

  1. Skelle meie wy faaks net normaal fine, benammen net as it by it ûnfoege om't ôf is, mar de mooglikheid om skelle te kinne, wolle wy dochs net misse. Men kin jin al ôffreegje wêrom't wurden as 'boer', 'koekjebakker' of 'dropke' brûkt wurde kinne as skelwurd. Dat moat fan de kontekst ôfhingje.
    Sa is it faak ek mei spot en dêr wol ik in foarbyld fan jaan:
    By ús op it doarp wurdt in man, dy't oerdreaun flyt docht op syn folkstúntsje de 'bouboer' neamd. It is humoristysk en tagelyk lytsachtsjend bedoeld. Spot en skellerij, pynlik foar de persoan yn kwestje, mar net ûnfoech.

    Ed Knotter,
    De Sweach.

    BeantwoordenVerwijderen