maandag 14 november 2011

Wat in wurdboek

It is ôf, it Wurdboek fan de Fryske taal (WFT) is klear! Mei de publikaasje fan diel 25 op 11-11-11 is dit mânske projekt dan lang om let ôfsletten. Der is 73 jier oan it wurdboek wurke. By it begjin fan it wurk yn 1938(!) is alderearst begûn mei it sammeljen fan taalmateriaal. Dat materiaal bestiet út Fryske wurden en útdrukkings út boeken, taalenkêtes en út de sprektaal. En dan allinnich út it tiidrek 1800-1975.  Dy wurden en útdrukkings binne op mei-inoar mear as 2,5 miljoen systeemkaartsjes notearre en al dy kaartsjes binne opslein yn 472 houten laadsjes. Set men dy kaartsjes efterinoar, dan is dat in rige fan hast 300 meter!
Op elk kaartsje stiet ien wurd mei in sin dêr't it yn brûkt wurdt. Twa miljoen kaartsjes betsjut net twa miljoen ferskillende wurden, fan de measte wurden binne mear as ien kaartsje. In faak brûkt wurd as hâlde hat wol 40 aparte betsjuttings en der binne ek gâns siswizen en sprekwurden mei hâlde. Dy steane elk apart op in kaartsje, dêrom binne der hûnderten kaartsjes mei it wurd hâlde.
Mei help fan al dy kaartsjes hawwe mei-inoar 20 redakteuren tusken 1960 en 2009 oan it wurdboek skreaun. Yn it jier 1981 hat bygelyks ien redakteur sa'n trije moanne tiid nedich hân om it artikel hân, mei alle dialektynformaasje, útspraakgegevens, betsjuttings, siswizen en oare  útdrukkings te skriuwen. De siswize ‘it mei de hannen fertsjinje’ is hjir dan ek figuerlik fan tapassing. It úteinlike artikel hân stiet yn diel 8 fan it wurdboek en beslacht 15 bledsiden!

Net alle wurdboekartikels namen trije moanne tiid om te skriuwen. Koarte artikels as hânappel of helikopter sille grif binnen it kertier klear west hawwe om't se lang sa yngewikkeld net binne: se hawwe mar ien betsjutting en der besteane gjin sprekwurden of siswizen mei dy wurden. Se beslane ek mar twa of trije rigels yn it wurdboek.
Neist de 20 redakteuren hawwe troch de jierren gâns oaren (betelle krêften en frijwilligers) meiwurke oan it wurdboek. Hja hawwe de kaartebakken klearmakke foar gebrûk: wurden opsykje, op kaartsjes type, alfabetisearje. Hja hawwe ek de hânskreaune wurdboekteksten yn de kompjûter typt en alle wiidweidige korreksjewurk dien dat nedich wie om dy 25 dielen te publisearjen.

De wiidweidichheid, de frachten oan materiaal, de rykdom oan ynformaasje oer gebrûk, útspraak, bûgingsfoarmen, dialektfoarmen, siswizen en sprekwurden makket dit wurdboek unyk. It is ek bysûnder om't it in wittenskiplik wurdboek is. Dat hâldt yn dat alles wat beskreaun wurdt, ek te kontrolearjen is. It is troch de dokumintaasje allegear nei te gean hoe't de ynhâld fan it wurdboek ta stân kommen is.
No, mei de publikaasje fan diel 25, is dan dien wurk makke. Troch stoef troch te arbeidzjen is de ein besyld. En dat koe allinnich mar mei de wiisheid fan Waling Dykstra, dy't yn it Friesch Woordenboek út 1900 al sei: ‘Ta it bi-arbeidsjen fen in folslein wirdboek is in bulte kunde en geduld fenneden.’

It Wurdboek fan de Fryske taal is ek oer it ynternet te rieplachtsjen: www.fryskwurdboek.nl

zaterdag 15 oktober 2011

Juffershûntsje


It sil jo mar sein wurde dat jo it juffershûntsje (schoothondje) fan it kabinet binne. Of immen makket jo út foar âld nút, splyteach of manwiif. Soksoarte fan skelpartijen binne oer it generaal net ferheffend en foar deselde dy't de nammen neijûn kriget binne se misledigjend of kwetsend. Neffens it Frysk hânwurdboek is skelle: ‘misledigjende, kwetsende taal op rûge, fûle wize uterje’. Dy omskriuwing seit neat oer de reden wêrom't skelwurden brûkt wurde. Hiel faak is dat om jinsels boppe oaren te ferheffen ta skea fan in oar persoan. As men immen ferliket mei in juffershûntsje seit men dêrmei eins fan jinsels dat jo dat net binne. De oar hat de ferachte eigenskippen fan sa'n hûntsje of it ûngeunstich uterlik, mar jo net. As minsken begjinne te skellen wurde der gjin arguminten mear brûkt, it komt allinnich  noch oan op it rippetwaar oan skelwurden dat men hat en de ‘kreativiteit’ om yn in situaasje it meast gaadlike wurd te brûken.

Minsken wurde om ferskate redenen útskeld. It kin wêze om't immens uterlik of foarkommen jin net oanstiet. Dan komme der wurden as fjoertoer, brillejoad of strykplanke. It binne faak dingen dêr't sa'n persoan neat oan dwaan kin. Ek it uterlike oansjen lykas smoargens ropt ôfkear op dy't mei in skelwurd utere wurdt: aap, drint, podde, heiden, jakhals, fodze, kealkop.
It aparte, ôfwikende hâlden en dragen fan in persoan kin ek reden ta it brûken fan skelwurden wêze. Minsken dy't ûndogens, sloarderich, ferfelend, seurderich, ûnakseptabel, ûnfatsoenlik, ûnfoech, neibauwerich of âldsk dogge, krije wurden as bavianekop, bêdmiger, hûnelul, meubel, nút, rotsek of teanpluzer nei de holle slingere.
It ferûnderstelde minne karakter fan immen kin yn skelwurden ôfstraft wurde. Lju dy't kwea, dom, ferfeelsum, ferfelend, noartsk,  ûnsympatyk, ferachtlik, aaklik, bang, gemien, sleau of slûch binne, krije as label mei: ûngelok, boer, boerehufter, droechskiter, farken, hûn, huorrejong, ymbesyl, kaffer, kloat, koekje, kring, sekreet, tsjoarbolle, skytlak, dropke.
Lju mei in (ôfwikende) oertsjûging of oanhingers fan de oare partij krije der soms ek fan lâns. Yn sa'n gefal binne it finen, readen, swevers, geitehierren sokdragers, papen of heidenen.
Beroppen en funksjes kinne ek negative gefoelens oproppe dy't utere wurde yn skellerij. Immen op kantoar wurdt inketslabber neamd. In bouboer is in klútskopper, in dûmny is in preekrôt, in bakker in boltsjekniper. Amtners binne lânopfretters en doarwarders wurde útskeld foar dûbeltsjeman en griper.

Skellerij wurdt oer it algemien net akseptearre. Foaral as der grouwélige en ûnfoege wurden brûkt wurde, hoecht men net op ynstimming te rekkenjen. It brûken fan bistenammen foar minsken, it neamen fan aaklike sykten of slimme taboewurden stiet maatskiplik net yn oansjen. Troch de bank nommen wurdt skellen sjoen as ûnfatsoenlik en as bewiis fan ûnfermogen. Dochs is der blykber in maatskiplik ferlet om inoar útskelle te kinnen. Ek yn de Twadde Keamer is dat ferlet waarnimber, wat bliken docht út it brûken fan termen as juffershûntsje. It bliuwt fansels in fraach oft it brûken fan sokke wurden falt ûnder de neamer ‘doch normaal’.

(Friesch Dagblad 15-10-2011)

zaterdag 17 september 2011

Yn runen ritst


Aib kabu deda habuku. Fjouwer frjemde wurden dy't op it earste besjen fraachtekens oproppe en grif  net yn de 'Wat & hoe taalgids Fries' steane. En dochs binne it Fryske wurden en se hearre ta it âldste Frysk dat ús oerlevere is. Dizze koarte tekst stiet op in hoarnen kaam út de achtste ieu en is deryn ritst (skrast) yn runetekens. Runen binne Germaanske skrifttekens dy't yn West- en Noard-Europa brûkt waarden fan it begjin fan de jiertelling ôf oant sawat 1500 ta. Foaral yn Skandinavië brûkte men dat skrift, hoewol't it Latynske skrift dat wy hjoed-de-dei noch brûke doe ek wol bekend wie. Runeynskripsjes besteane út tekens of 'stêven' dy't elk in lûd foarstelle. Troch stúdzje en ferliking hawwe gelearden útfûn hokker letters de tekens foarstelle.
Runen binne spitigernôch sûnt de nazitiid yn in ferkeard deiljocht kommen. De nasjonaalsosjalisten ferhearliken de Germanen en misbrûkten hiel wat âlde symboalen foar har eigen waantinkbylden. Op dy wize hawwe se om it Germaanske ferline hinne in mystike ideologyske wrâld betocht dêr't goaden en runen in rol yn spilen. It bekendste misbrûk fan runen is wol it ss-teken. Lykwols hawwe de oarspronklike âlde runen neat mei dy Dútske útfynsels út de foarige ieu te meitsjen. De midsieuske runen funksjonearren gewoan as kommunikaasjemiddel.

De measte Fryske runeynskripsjes steane op foarwerpen dy't yn de ôfrûne ieu foar it ljocht kamen by terpôfgravingen en argeologyske opgravingen. It giet dan om kammen, swurden en munten. Mei-inoar binne der 21 runeynskripsjes fûn dêr't Fryske wurden op steane. De foarwepen mei de runen binne ûnderbrocht yn bygelyks it Fries Museum en it Groninger Museum. Net altyd is dúdlik te ûntsiferjen wat op de foarwerpen stiet en net altyd kin fan in wol ûntsifere tekst sein wurde wat it betsjut, mar fan fierwei de measten is it wol bekend. En sa beskikke wy oer in bestân fan sa'n 50 Aldfryske wurden út de iere midsieuwen. It âldste Fryske wurd dat wy kenne is 'skanumodu'. It stiet yn runen skreaun op in munt en betsjut safolle as 'skjinne moed', oftewol 'goede moed'. Yn it wurd 'skanu' is 'skjin' werom te finen en yn 'modu' sjocht men al gau it wurd 'moed'.

Dat âldste Frysk is sûnt 16 septimber ek op ynternet nei te gean, want de Fryske Akademy hat op dy dei in databank mei Aldfrysk op it ynternet publisearre. De wurden dêr't it om giet binne der allegear yn te finen en fan in oantal runeynskripsjes binne ek foto's te besjen. It is al in kontrast dat jo mei sok nijmoadrich kompjûterark neigean kinne wat in tige âlde ynskripsje as 'Aib kabu deda habuku' betsjut. 'Aib' is in manljusnamme, 'Habuku' dy fan in frou. Deda (fgl. nijfrysk 'dwaan') betsjut 'makke' en 'kabu' is 'kaam'(fgl. Ingelsk 'comb'). Der stiet dus dat Aib dizze kaam makke foar Habuku. It stiet dan wol net yn de 'Wat & hoe taalgids Fries', mar gelokkich al yn de taaldatabank fan de Fryske Akademy.

De taaldatabank is te finen op  http://tdb.fryske-akademy.eu/.

zaterdag 20 augustus 2011

It Frysk ô-fbre-kke

Is 'wodanstimpel' in timpel fan Wodan of in stimpel fan Wodan? In minske mei wat algemiene ûntwikkeling seit fansels dat it de timpel fan Wodan is en dat de oare opsje net wierskynlik is. Dochs is de fraach net hielendal sûnder belang as it om it ôfbrekken fan wurden yn boeken, kranten en tydskriften giet. Dat ôfbrekken wurdt automatysk dien troch de kompjûter dy't brûkt wurdt by it ferwurkjen fan de teksten. De kompjûter brekt ôf neffens regels, want men kin in wurd net samar eigenwillich ôfbrekke. It moat op 't lêst allegear ek wat lêsber bliuwe.
By wodanstimpel hawwe wy in wurd dêr't de regels sekuer tapast wurde moatte. Ien fan de regels is dat gearstalde wurden ôfbrutsen wurde tusken de parten dêr't it wurd út bestiet: aai-wyt, kant-line, pike-poat. As de kompjûter dy regel tapast komt er op wodan-stimpel, wylst jo daliks sjogge dat it wodans-timpel wêze moat. Dy -s- tusken wodan en timpel makket it foar de kompjûter dreech: hy heart net by de wurden wodan en timpel, mar wurdt apart ynfoege as dy twa in gearstalling foarmje. En yn dat gefal moat er by goed ôfbrekken oan wodan sitten bliuwe.

Meastal giet it ôfbrekken wol goed. Wurden as 'men', 'kin', 'in', 'wurd', 'net' kinne hielendal net ôfbrutsen wurde, en dêr rêdt de kompjûter him wol mei. Dochs komt it dus geregeld foar dat it misbeteart en mei it Frysk noch faker as mei it Nederlânsk. Foarbylden dêrfan út it Nederlânsk binne 'slap-lantje' (sla-plantje) en 'be-kaf' (bek-af). Dat it yn it Frysk faker misgiet as yn it Nederlânsk komt om't de measte kompjûters de Nederlânske regels tapasse wylst it Frysk syn eigen ôfbrekregels hat. Dat is omdat der aparte letterkombinaasjes binne dy't yn it Frysk net ôfbrutsen wurde meie en yn it Nederlânsk wol. Of de oarsaak is dat dy kombinaasjes net yn it Nederlânsk foarkomme. Foarmen as /ea/ /oa/ /ij/ en /uo/ yn wurden as 'beam', 'smoar', 'snuorje' en 'ynsnijing' wurde yn kranten geregeld ôfbrutsen as 'be-am', 'smo-ar', 'snu-orje' en 'ynsni-jing'. En by wat langere wurden krije wy dit: 'nettsjinste-ande', 'ûnferste-anber', 'ferso-arger', 'boereko-alsplant'.  Oare nuvere fersinnen binne 'rekreaasjes-wimmen', 'bes-warden', 'nês-taai', 'boekes-tander'. It komt ek foar dat ôfbrekkings neffens de regels dochs ûndúdlik binne: 'be-kerfol', 'beu-kerferske', 'bol-lekeal', 'ferse-gelje'. Foar dûbele, dus ek ûndúdlike útlis komme yn oanmerking 'apen-út', 'boeken-út' en 'fers-topje'.
Soms binne de regels sa dreech dat jo in kompjûter hiel wat leare moatte eardat er it goed docht. Sa kin fan it wurd 'fisk' it tiidwurd 'fiskje' makke wurde (ik fiskje, do fiskest, ensfh.) en it ferlytsingswurd 'fiskje'. It tiidwurd moat ôfbrutsen wurde as fis-kje en it ferlytsingswurd as fisk-je. It is al apart.

Der steane hiel wat goedbe-doelde ôfbrekstreekjes yn dizze ôflevering fan Wurden, mar it kin wêze dat de kompjûter by de opmaak fan dit stikje ûnbed-oeld in pear fers-innen makket. Yn it fo-ar bi-ed ik myn ferûnts-kuldi-gingen dêrfoar oan.

Publisearre yn Friesch Dagblad, 20 augustus 2011

zondag 24 juli 2011

Froulike foarmen

Koartlyn wie yn it nijs dat yn Sweden in sekseneutraal pjutteboartersplak bestiet dêr’t bern amper of net konfrontearre wurde mei harren geslacht. De wurden ‘har’ en ‘him’ wurde mijd en ek oare oantsjuttings dy’t ferwize nei it geslacht besjocht men dêr mei in skalk each. It sil lykwols foar dy’t dat nedich fynt in toer wurde om bern folslein geslachtsleas op te bringen. Biologysk is it ûnmooglik en taalkundich jout it ek genôch tûkelteammen. De taal sit ommers fol ferwizings nei it manlik en froulik geslacht. Wy ferwize bygelyks mei foarnamwurden as ‘hja’, ‘sy’, ‘har’ nei in frou, en nei in man mei ‘hy’, ‘er’ en ‘him’. In alternatyf dêrfoar, foar wa’t dat perfoarst wol, is net beskikber.
As it oer manlik en froulik yn de taal giet, is der yn ’e skiednis wol wat feroare. Sa wienen fan âlds yn it Frysk en Nederlânsk haadwurden ek manlik en froulik. Yn de tiid foar 1500 bestie dat ferskil noch dúdlik en hie it gefolgen foar de bûging fan wurden, op deselde wize as hjoed-de-dei noch yn it Dútsk. Yn dy taal sjocht men noch oan it lidwurd (der Mann, die Frau, das Kind) oft in wurd manlik, froulik of ûnsidich is. It wurdgeslacht is ek yn de namfalsútgongen werom te finen (ein, eine, eines, einem, einen). Ek it Frânsk tsjut de haadwurden oan mei ‘le’ (manlik) of ‘la’ (froulik).
Oan de sin ‘Ik bin studint’ sjocht men net oft it om in manlike of froulike studint giet. Yn prinsipe binne studint, bakker, Fries, dûnser, dokter ensafuorthinne wat it geslacht oangiet neutraal, it giet om in man óf in frou. Wol men útdruklik oanjaan dat it om in froulike útoefener fan in berop of útfierder fan in aksje giet, dan brûke wy de efterheaksels -ske, -esse, -inne, -e en -ster: studinte, bakkerinne, dokterske, skriuwster, ferliedster. Wurden op -ske binne ferâldere en soms krije de foarmen in negative bybetsjutting.
Mei it efterheaksel -inne wurdt ek nei in froulik dier ferwiisd: apinne, ezelinne, bearinne. By bisten kinne mantsje en wyfke elk ek in aparte namme hawwe: bear en sûch (en net bearinne!) by bargen, rikel en teef by hûnen, raam en ei by skiep en kninen. Nei manlike of froulike bisten wurdt ek wol ferwiisd troch der mantsje- of wyfke- foar te setten: wyfkeknyn, wyfkeljip, wyfkeskiep. En by einsluten is it sa dat wyfkebisten oantsjut wurde kinne mei ferlytsing: it doke, ljipke, eintsje. Frouljusnammen wurde ek wol fan manljusnammen ûnderskaat troch ferlytsing: Bauke-Baukje, Jan-Jantsje, Klaas-Klaske.
De taal sit dus fol mei froulike foarmen en men is fansels no wol benijd wat striders foar de sekseneutraliteit dogge mei de froulike efterheaksels yn keninginne en prinsesse. It deseksualisearjen fan de taal kriget sa mooglik noch grutte maatskiplike gefolgen: wurdt Máxima skielk kening en gjin keninginne? En binne Amalia, Alexia en Ariane gjin prinsessen mar prinsen? It sil ús, har en him ris benije.

zaterdag 25 juni 2011

Ofkoartingen ensfh.

In wike as wat lyn fertelde in Friesch Dagblad-redaktrise yn har column dat se mooglik in ûnbekend Frysk muzykynstrumint sjoen hie: de ‘ensfh.’ It gong lykwols net om in nij ynstrumint, mar om de ôfkoarting ensfh. dy’t stiet foar ‘ensafuorthinne’. In ôfkoarting is in ferkoarting fan in bekend wurd of begryp. It is wol handich om se te brûken want it skeelt romte. Foaral faak foarkommende wurden of wurdgroepen wurde ôfkoarte, want in tekst lêst makliker as ôfkoartings brûkt wurde. Tink der bygelyks mar oan as hieltyd ferwiisd wurdt nei in oare bledside earder of fierderop. Dan is it handiger om ‘sj. bls. 131’ te skriuwen as folút ‘sjoch bledside hûndertienentritich’. En ûnder in foto stiet faker ‘f.l.n.r.’ as folút ’fan lofts nei rjochts’. In ôfkoarting seit ek makliker: ‘dvd’ leit better yn ’e mûle as ‘digital versatile disc’.

Miskien sjogge jo dochs nuver tsjin Fryske ôfkoartings oan. De measte Friezen lêze ommers makliker Nederlânsk as Frysk. In Fryske tekst lêze falt noch wol ta as de wurden lykje op Nederlânske wurden mei deselde betsjutting. De sin ‘Ik kom thús’ leveret gjin swierrichheden op. It wurdt al dreger as yn it Frysk wurden brûkt wurde dy’t yn it Nederlânsk hiel oars binne: ‘De tsjirk en it waarlamke wjukkelje boppe de finne’ (= De tureluur en watersnip fladderen boven het weiland). Sa giet it ek mei Fryske ôfkoartings: der binne guon dy lêze makliker (r.-k. = rooms-katolyk, bgl. = bygelyks) mar as jo net in oefene lêzer binne, dan sjogge jo der soms nuver tsjinoan. Besykje dizze ôfkoartings mar ris folút te sizzen: ûsb, bouj., jkfr. De kâns bestiet dat jo no ek in nij muzykynstrumint sjogge of dat jo miene Russysk te lêzen. Dat falt wol wat ta, it bliuwt Frysk, se steane foar ‘ûnreplikesaakbelesting’, ‘boujier’ en ‘jonkfrou’. Yn in omtekst wurdt faak wol dúdlik wat bedoeld is en soms helpt it om it wurd earst folút te skriuwen en dêrnei de ôfkoarting te brûken.
Sa ek de sin ‘ús Femke giet nei it tmbû en net nei it twû’. It is mar goed dat yn it nije Frysk Hânwurdboek stiet dat mei tmbû ‘tariedend middelber beropsûnderwiis’ bedoeld wurdt, en dat der ferwiisd wurdt nei ‘vmbo’ (voorbereidend middelbaar beroepsonderwijs); en dat twû stiet foar ‘tariedend wittenskiplik ûnderwiis’ mei in ferwizing nei vwo (voorbereidend wetenschappelijk onderwijs). Soms is it goed dat ek yn it Frysk Nederlânske ôfkoartings brûkt wurde kinne. Femke mei nei it vmbo om in moai fak te learen, en hoecht dêrfoar net nei it vwo.

Ien en oar makket wol dúdlik dat it brûken fan ôfkoartings yn teksten of taal mei ferdrach moat.
Ofkoartings (ôfk.), soms moatte se mei haadletters, dan wer mei lytse letters. De iene kear  mei punten en de oare kear net. Dy regels binne in apart taalstikje wurdich. As ôfsluting noch in puzeltsje. En dan bin ik foaral benijd wat jo tinke dat de lêste fan it rychje betsjut: APF, apk, y.t.t., D.V., ADHD, FA, Afûk, hPa, heechl., Heechl., FD, Fr.D., H.K.H., n, n., N, N., Ned. Herf, PKN, r.-k., rk, CGK, pf, pffff!

zaterdag 28 mei 2011

In Frysk riedsel

It is grien en driuwt op it wetter. It is read  tusken wyt en blau en weaget yn ’e wolken. Twa riedsels mei ien en itselde antwurd: in pompeblêd. It earste riedling ferwiist nei it blêd fan de swanneblom (waterlelie) of fan de giele plomp. De op it wetter driuwende blêden fan beide planten binne ovaal of rûn mei in kylfoarmige ynsnijing. It twadde riedling doelt op elk fan de sân reade, stilearre figueren dy't ôfbylde binne yn de wite banen fan de Fryske flagge. Dy reade blêden yn de flagge steane foar de sân Fryske seelannen. Yn de midsieuwen wiene dat de selsstannige gebieten yn it âlde Fryslân (û.o. Westergoa, Oastergoa, Sânwâlden en de Ommelannen). De Ommelannen lizze hjoed-de-dei yn Grinslân en yn it provinsjewapen fan Grinslân komt ek in ôfbylding foar mei skeane banen dy't op de Fryske flagge liket. Yn it printsje op dat wapen steane lykwols gjin sân pompeblêden, mar alve reade hertsjes. Dy hertfiguerkes steane foar alve kriten dêr't de trije Grinzer Ommelannen (Hunsingo, Fivelingo en Westerkwartier) yn opdield wienen.

Der is in Frysk liet fan Jan fan 'e Gaestmar (pseudonym fan Jan Jelles Hof) dêr't de Fryske flagge yn besongen wurdt: >Sjoch, sjoch dy skeane banen, / Dat weagjend wyt en blau, / Dy reade pompeblêden, / Dat âlde byld fan trou!= Dy flagge is sûnt 1958 de offisjele provinsjeflagge fan Fryslân en is tige populêr. Der is gjin provinsje dêr't de eigen provinsjeflagge safolle útstutsen wurdt as yn Fryslân. Ek as byldmerk of logo wapperet de flagge op gâns plakken. Hy stiet op de ferpakking fan suvelprodukten, op fuotbalshirts, klompen, ûnderbroeken en holledoeken. Der is in beppefyts mei de Fryske flagge en sels it folksliet op de jasbeskermers. Fierder rydt de Fryske flagge libbensgrut troch de provinsje op de jarretenks fan in transportbedriuw út Bitgummole. Hoe moai kin in flagge op in strontpream wêze!
Allinnich it pompeblêd as symboal fan Frysk en Fryslân komt ek foar: De Fryske F16's raze troch de loft mei pompeblêden op 'e sturt. Guon Fryske bedriuwen sette it pompeblêd as puntsje op de i yn har bedriuwsnamme. In koekebakker út Molkwar bakt koeken yn de foarm fan in pompeblêd. En men sjocht pompeblêdspjeldsjes foar op ’e klean, dêr’t immen mei seit dat er Fryslân en it Frysk heech hat. Der binne plakplaatsjes mei de sin 'Ik [pompeblêd] Fryslân'. Hjir stiet it blêd symboal foar 'hâlde fan' en sa komt de relaasje fan it pompeblêd mei it hert werom.
It Pompeblêd as logo of byldmerk is bedoeld om jin te ûnderskieden, om mei wat unyks oandacht te lûken. As de Fryske flagge of it pompeblêd troch elkenien oates en toates brûkt wurdt, ferliest it dan lykwols net syn unike, ûnderskiedende krêft? As elk it brûkt, falle jo dan noch wol op as koar, korps, klup, bedriuw of ynstelling? Binne jo dan noch wol unyk? En is sa'n âld symboal yn dizze tiid wol 'flitsend' en trendy? Dat riedsel meie jo sels it antwurd op jaan!

Publisearre yn Friesch Dagblad, 28 maaie 2011