vrijdag 20 augustus 2010

deaslaan mei deadwaners

Op serieuze fragen moat serieus antwurde wurde. Jonge bern stelle yn eigen eagen earnstige fragen en wolle altyd fan alles witte. Se sitte by it opgroeien yn in faze dat it wol liket as bestiet har wurdskat mar út ien wurd: 'wêrom'. 'Mêêêm, wêrom ...' en folje sels mar út eigen ûnderfining wei yn wat it bern witte wol. En as mem nei de safolste wêrom-fraach der flau fan wurdt is it simpele antwurd: 'dêrom'. Of ien is lilk en wurdt frege: 'Wêrom bist lilk? Dan kin it wêze dat men it net sizze kin of wol en wurdt ek algau 'dêrom' sein. Noch sa'n foarbyld is: 'Reitsje dat ding net oan! - Wêrom net? - Dêrom net!'
Neist it bywurd 'dêrom' kinne op sa’n wêromfraach ek oare neatsizzende antwurden jûn wurde: 'samar, no gewoan, omtoch'. Op de fraach 'wat ite wy hjoed' antwurdet de kok: opbakte finsterbanken (en brette hânsfodsjes). En wolst witte 'Wa hat dat dien' dan is it antwurd (fan de mooglike dieder?): 'nimmen net'. Op in hiele gewoane fraach as 'hoe let is it', jout de lolbroek it platte antwurd 'kertier foar 't skiten, doch de broek mar fêst los'.

Yn it offisjele, formele domein komt dit deromhinne-draaien ek foar. Politisy, bestjoerders of managers binne hiel betûft yn it jaan fan dizige antwurden. As trouwe boarger of wurknimmer freget men bygelyks oandacht foar in saak dy't jin oan it hert giet of stelt men in serieuze fraach. De frou of man sjocht jin mei niget oan en seit dan: 'it hat myn omtinken'. Dêrnei hearre jo der noait wer wat fan. In oare baas of bestjoerder seit 'dat nimme wy mei' of 'ik kom der op werom' en it resultaat is itselde. Soenen jo by in folgjende moeting wol wer wat sizze tsjin of freegje oan sa'n frou of man?

Dit soarte fan neatsizzende antwurden en reaksjes op driuwende fragen wurde deadwaners neamd. It Dútsk hat der in moai wurd foar: in Totschlagargument. It is in stylfiguer dy't al of net bewust brûkt wurdt om it petear te beynfloedzjen en om it stil te lizzen. Yn de kommunikaasje komt it oer as flau of ferfelend omdat men in serieuze fraach stelt en in serieus antwurd ferwachtet.
Yn in earnstige situaasjes kinne deadwaners krekt it tsjinoerstelde útwurkje as dêr't se foar bedoeld binne. Sa libje der by in kalamiteit of brân mei in soad stjonkerij of reek, by de minsken in soad fragen. De autoriteiten wolle de minsken gerêst stelle en sizze algau dat der gjin gefaar foar de folkssûnens is. Mar mei sa'n algemien antwurd is men krekt hielendal  net gerêst. Hjir wurket it (miskien goed bedoelde) delbêdzjen earslings: de ûnwissens wurdt net weinaam en de noed om sûnens en feilichheid wurdt noch grutter.

De konklúzje is dat taal brûkt wurde kin om in boadskip goed oer te bringen of krekt net. It beslút fan dit stikje is yn styl: freegje troch en lit jo net deaslaan mei in deadwaner.
(Earder publisearre yn Friesch Dagblad 24-7-2010)