maandag 24 juni 2013

Lange wurden

Okkerwyks wie yn it nijs dat de Dútske dielsteat Mecklenburg-Vorpommern besletten hie om it 63 letters tellende wurd Rindfleischetikettierungsüberwachungs-aufgabenübertragungsgesetz út syn wetsteksten te skrassen. Om sa'n wurd te begripen moatte sels Dútsers it mear as ien kear lêze en wy net-Dútsers stammerje der alhielendal in moai skoft op om. It wurd tsjut op in wet oangeande de delegaasje fan it tafersjoch op ettikettearring fan kowefleis. It giet hjir om in steapeling fan gearstalde wurden dy't amper of net yn de gewoane omgongstaal brûkt wurdt en alhielendal net yn it wurdboek stiet. As men op it ynternet sneupt fynt men ek Nederlânske wurden fan wol 60 letters, mar dat binne allegear betochte wurden dy't net yn de gewoane taal funksjonearje. It programma Lingo kaam jierren lyn alris mei it langste Nederlânske wurd: kindercarnavalsoptochtvoorbereidingswerkzaamhedencomitéleden. Dit is grif net it langst mooglike wurd, want mei wat kreativiteit kinne je dêr ek noch wat efter plakke, bygelyks verjaardagspartij en dan krije je: kindercarnavalsoptochtvoorbereidingswerkzaamhedencomitéledenverjaardagspartij. Moai betocht, mar it wurdt fierder net brûkt en stiet net yn it wurdboek. It langste wurd dat wol yn Van Dale stiet, is meervoudigepersoonlijkheidsstoornis. De langere wurden yn 'e wurdboeken binne faak gemyske ferbinings as wetterstofsyanide en natriumwetterstofkarbonaat. Dat binne mear formules as echte omgongswurden. Yn it Ingelsk is oait sa'n formulewurd makke dat sá lang is, dat it wol 15 minuten kostet om it te sizzen. It begjint sa: Methionylalanyl ... en hâldt sa op: ... glycylprolylprolylprolylleucine. Op papier beslacht it fyftjin A4’kes.
De langste Fryske wurden dy't yn it Frysk Hânwurdboek steane binne arbeidsûngeskiktheidsfersekering en rioelwettersuveringsynstallaasje. Foardat josels oan it tellen slagge: se hawwe elk 32 letters. Oare lange wurden yn it Frysk binne minderweardichheidskompleks, ûnderwiisbegeliedingstsjinst, postkonsintraasjekampsyndroom en libbensfersekeringsmaatskippij. Yn de Taaldatabank fan de Fryske Akademy (in databank mei 24 miljoen wurden) telle de langste wurden sa'n 26-27 letters. Dat binne faak gewoane wurden as frijwilligersorganisaasje en  finansieringsmaatskippij. Mar ek ûngewoane gelegenheidswurden as bûtengenedestruktuerlik en amerikareisiepenbiering komme foar.
In aardige fraach yn dit ferbân is oft Fryske wurden gemiddeld like lang, langer of koarter binne as Nederlânske wurden. Om dêr in goed antwurd op jaan te kinnen, freget aardich wat rekkenderij. Mooglik dat de wurden yn it Frysk gemiddeld wat langer binne as dy yn it Nederlânsk. Oanwizings dêrfoar kinne wêze dat it Frysk mear bylûdkombinaasjes hat fan trije letters (bygelyks skr, skj, dzj en zje). It Frysk hat boppedat ek mear wurden mei lange, twa- en trijelûden dy't hieltyd mei twa of trije letters skreaun wurde. Ek by ien-op-ien oersettings yn wurden as veiligheidsdienst/feilichheidstsjinst of maansverduistering/moannefertsjustering brûkt it Frysk gauris mear letters as it Nederlânsk.
Ta beslút: by al dat lettergeweld yn lange drege wurden is der ien treast: de measte en gewoanste Fryske wurden binne ienfâldich: noas, gers, wurd, mûts. En se binne koart: ik, de, op, en, yn.