woensdag 27 november 2013

Woordeboek fan 't Bildts

Yn Fryslân wurdt troch de measte minsken Frysk praat. Dêrneist hawwe wy ûnder oaren noch it Nederlânsk, it Stellingwerfsk en it Stedfrysk. Yn de noardwesthoeke fan de provinsje fine wy it Bilts. Dy streektaal is nei fyftjinhûndert ûntstien yn it ynpoldere part fan de Middelsee dat hjoed-de-dei de gemeente It Bilt foarmet. Lju út it doetiidske Hollân krigen konsesjes om de krite tusken Stiens en Berltsum yn te polderjen en oan te meitsjen. Yn it nije lân ûntstienen letter doarpen as ‘Onze Lieve Vrouwenparochie’ en ‘Sint Jacobiparochie’. It (Súd-Hollânsk) komôf fan de Biltkers fine wy werom yn nammen as Kuik, (van) Kuiken, Wijngaarden en Wassenaar.
De taal dy't de Hollânske polderjonges sprieken, kaam yn kontakt mei it Frysk fan de omlizzende gritenijen en der ûntstie in nije fariant, it Bilts. Yn dy taal fine wy ynfloeden dy't op it Frysk tebek geane, mar ek it Nederlânsk is der yn werom te kennen. Yn in sin as ‘’t is soa hyt dat de protters doad fan 't dak fâle’ is dat sichtber. ‘Protters’ is bygelyks dúdlik Frysk en ‘doad’ wiist op it Nederlânsk.
Bilts wurdt troch in pear tûzen minsken op it Bilt praat en der wurdt ek yn skreaun. As it op it skriuwen fan it Bilts oankomt moat hjir it Woordeboek fan 't Bildts neamd wurde. Dat boek kaam foar it earst yn 1996 út. Pionier op it mêd fan de Biltse taalkunde en grûnlizzer fan it wurdboek wie Hotze Sytzes Buwalda. Hy en syn frou Tytsy Buwalda-Veenbaas hawwe by harren libben in fracht oan Bilts materiaal sammele oer ûnder oaren keatsen, lânbou, faktaal en bernespultsjes. It materiaal waard fierder oanfolle en bewurke troch Sytse Buwalda, soan fan Hotze en Tytsy. Ek gâns oare Biltkers droegen by oan it gehiel. Yn de njoggentiger jierren waard op de Fryske Akademy it materiaal troch Anne van der Burg ferwurke ta in mânsk wurdboek. Al rillegau rekke de earste edysje (oplage 750 eksimplaren) útferkocht. Dêrmei waard it Bilts wurdboek it bêst ferkochte streektaal-wurdboek fan Nederlân. Der wie noch altyd fraach nei it wurdboek en dêrfandinne dat der no in twadde edysje ferskynt. Sytze Buwalda hat de tekst fan de earste edysje bewurke en oanfolle mei trije tûzen nije wurden. It boek telt no sa’n ienentweintich tûzen trefwurden. De ynhâld is op de Fryske Akademy nochris neigien troch Hindrik Sijens. Fierder is it staveringsboekje ‘Hoe skrive wy ’t in ’t Bildts’, dat Hotze Buwalda yndertiid skreaun hat, ek opnommen yn it nije wurdboek.
Efteryn yn it wurdboek stiet in yndeks Nederlânsk-Bilts. Dy is opnaam ta geriif fan de net-Biltse brûkers. As men dêryn bygelyks siket op it Nederlânske ‘geit’, fynt men as oersetting: ‘bok’. It Biltse ‘met ’e bok na de ram gaan’ betsjut dus dat men de geit dekke lit troch in bok. Bok is hjir in saneamde ‘falske freon’. As men dat net wit, sjit men dêr op It Bilt seker in rare bok!
De nije edysje fan it ‘Woordeboek fan ’t Bildts’ is op 15 novimber ferskynd en is yn de boekwinkels te krijen. It kostet € 38,95.