zaterdag 4 januari 2014

Fuort dermei

Yn ’e lêste moanne fan it krekt ôfsletten jier 2013 kamen wer allegear ferkiezings fan it moaiste wurd of taalferskynsel yn it nijs. Op de website fan Utjouwerij Van Dale koe men kieze foar it ‘woord van het jaar’. Van Dale hie al in foarseleksje makke mei dêryn wurden as socialbesitas, sletvrees, participatiesamenleving en selfie. Dat lêste wurd keazen de stimmers ta wurd fan it jier. Van Dale kaam der hiel faak mei yn it nijs en dat is fansels moaie fergeze reklame foar sa’n útjouwerij. Mar der binne mear wurden fan it jier. It genoatskip Onze Taal rôp participatiesamenleving út ta wurd fan it jier, in wurd dat by Van Dale ek meidie, mar it dêr net helle. Selfie is fansels in stik hipper as participatiesamenleving. It lêste wurd ropt miskien mear negative gefoelens op, want it wurdt al gau assosjearre mei besunigings en krisisellinde en dat kin in reden wêze om it wurd dan mar net mear sa moai te finen.

Der koe fierder stimd wurde op de moaiste ‘onjuiste’ spaasje. Wurden dy’t oaninoar skreaun wurde moatte, mar dat net binne en dy’t dêrtroch in (grappich) misferstân feroarsaakje. Der koe ûnder oaren keazen wurde út ‘weer updates’ (= weerupdates), ‘bronstige hertenimitator’ (= bronstigeherten-imitator) en noch fjouwer oare mispleatste spaasjewurden (of is it mispleatstespaasje-wurden?)

Dan wie der de ferkiezing fan de moaiste siswize fan 2013: Hee hef ooner ’n droad hen vretten, in siswize ‘oet Twente’ dy't betsjut dat er it mei in oare frou as syn eigen oanlein hat; de ferkiezing fan ‘de slechtste slogan van het jaar’: ‘It’s de Cock that makes the man’, fan kleanwinkel Jan de Cock yn Tilboarch, en de ferkiezing fan it anglisisme fan it jier. Dat wie ‘akward’, en dat betsjut pynlik (wêrom’t akward sein wurde moat as pynlik bedoeld wurdt, is my net alhiel dúdlik).

Foar it Frysk hat de Ried fan de Fryske beweging de wedstriid ‘Moaiste wurd 2013’ útskreaun: Tolve wurden ferfryskje, mei dêrby wer selfie en sletvrees, mar ek afhaakman, knuffelcrimineel, kauwdrug en scheefwerken.
De aardichste wurdferkiezing fan 2013 wie dy fan it Instituut voor Nederlandse Lexicologie: Weg met dat woord! Dêr moasten de stimmers oanjaan hokker wurd sa gau as mooglik út it Nederlânsk ferdwine moast. Men koe wer op selfie en participatiesamenleving stimme, mar dy waarden net útkeazen. Dat koe hast ek net oars, want dy wienen krekt by Van Dale en Onze Taal keazen ta it wurd fan 2013! It fuort te smiten wurd waard ‘kids’. Wy hawwe blykber ús nocht fan de kids en prate leaver wer oer de bern (of ‘kinderen’). Sa sjogge jo mar wer dat moadewurden soms mar in koart libben hawwe. As se faak en oant ferfelens ta brûkt wurde, krije wy ús nocht en begjinne wy sokke wurden te mijen.
 
Foar it Frysk is sa’n list fan wurden dy’t wy ‘as kyspijn misse’ kinne ek wol wat. Hokker wurden sizze jo fan: Fuort dermei! Hjir is myn top 10: ‘leuk’, ‘oant moarn’, ‘foedselbank’, ‘bêstgenôch’, ‘mienskip’, ‘hoihoi’, ‘erch’, ‘De Friese Meren’, ‘hokker’, ‘welke’.
Jou yn de kommentaar-opsje oan hokker/welk wurd(en) om jo wol fuort kinne.