zaterdag 21 juli 2012

Noflike fakânsje!

Minsken dy't it goed mei jo foar hawwe, winskje jo it bêste ta. Oan it begjin fan de dei winskje se jo in goede dei ta. As se nei tolven oer de drompel stappe, sizze se goeiemiddei en by de kassa roppe se ‘fijne dag’ (sûnder jo fierder oan te sjen). En fan ’t simmer winskje se jo in noflike fakânsje ta.
It wurd fakânsje komt út it midsieusk Latyn (vacantia) en betsjutte oarspronklik ‘frijstelling’, ‘it net wurksum wêzen’ en hat ferbân mei it Latynsk wurd vacare dat ‘frij wêze’ betsjut. Der is ek ferbân mei it wurd fakant, dat ek ‘frij, ûnferfolle’ betsjut. In gemeente mei in ûnferfolle dûmnysplak is bygelyks fakant. Yn it Frysk en Nederlânsk komt fakânsje al sûnt de fyftjinde ieu foar. De oarspronklike betsjutting fan fakânsje yn dy beide talen wie ‘tiidrek, skoft sûnder rjochtsittingen’. Letter wreide dy betsjutting him út nei skoallen en universiteiten: ‘tiidrek dat gjin les, kolleezje jûn waard’. En sa kenne wy it wurd fakânsje hjoed-de-dei noch. Dat it begryp fakânsje foaral mei frij fan skoalle te meitsjen hat kin men ûnder oaren sjen oan de gearstalde wurden dy't ûntstien binne mei fakânsje as earste of twadde lid: skoalfakânsje, aaisikersfakânsje, jirpelfakânsje, kachelfakânsje en fakânsjewurk. Ek in ferbining lykas grutte fakânsje ferwiist nei de liddige tiid op skoalle, dy’t yn dit gefal fiif of seis wike duorret.
Fakânsje is fierder populêr wurden yn de tiid dat de wolfeart tanaam en wurknimmers ek mear frij, dus fakânsje krigen. Meidat it hawwen en trochbringen fan dizze frije tiid hieltyd mear foar brede lagen fan de befolking beskikber kommen is, binne ek wurden ûntstien as fakânsjepark, fakânsjebestimming, fakânsjeleafde, fakânsjetaslach, fakânsjelân en boufakfakânsje. Fierders binne der dochfakânsjes, fytsfakânsjes, taalfakânsjes en skyfakânsjes. Dy lêste fjouwer wurden ferwize foaral nei de aktiviteiten dy't men útfiert yn de fakânsje. It wurd fakânsje doelt neist frij fan skoalle of wurk ek op de reis dy't men makket yn de fakânsjetiid. Dat docht bliken út wurden as fakânsje-adres, fakânsjebestimming, fakânsjebuorkerij, fakânsjefile, fakânsjeferkear, fakânsjefoto, fakânsjegids.
De betsjutting fan fakânsje as tiid dat eat stil leit, wreidet him ûnderwilens fierder út. Neist frij fan skoalle of it wurk, kin men ek fan oare ferplichtings frijsteld wurde. Sa bestiet der de houliksfakânsje, dêr't mei bedoeld wurdt dat in troud pear in skoftsje frijwillich útinoar giet om de spanning yn it houlik wat delbêdzje te litten. En in rintefakânsje is in skoft dat men frij is fan it beteljen fan (hypoteek)rinte, om't jins ynkommen te leech is. Ek by in tarikkend ynkommen is sa'n fakânsje oars wol noflik.
Dûmnys hawwe ek fakânsje en net allinnich simmerdeis. Sa waard ris fan in dûmny sein: Hy is yn ’e grutte fakânsje. Dêrmei waard bedoeld dat er yn de wintermoannen altyd âlde preken hâlde (en in soad frije tiid hie dus). Foar de gemeente dêr't dit spile mei men hoopje dat dûmny syn knyntsjedagen gau foarby wienen, itsij trochdat der nije preken kamen of troch in fakante perioade.

(Friesch Dagblad 21-7-2012)