zaterdag 13 oktober 2012

De dingen by de namme neame



Hoefolle Culex pipiens hawwe jo fan't simmer yn jo sliepkeamer deaslein? En hawwe jo ek argewaasje fan de Bellis perennis dy't it egale grien fan jo bleekje fersteurt? Giet it hjir om eksoatyske bisten en planten dy't troch it opwaarmjen fan it klimaat ús kontreien opsykje? Net hielendal, de Culex pipiens is de stekneef (Nederlânsk mug) en de Bellis perennis hjit gewoanwei koweblomke (madeliefje). Beide útwrydske wurden binne de saneamde wittenskiplike namme foar dy ynsekte- en plantesoarten. Biologen en oare leafhawwers oer de hiele wrâld witte by it gebrûk fan dy nammen wêr't it oer giet. Se steane los fan de nammen dy't bisten of planten yn de lâns- of streektaal hawwe.

Noch in reden om in wittenskiplike namme te kiezen, is dat yn in taal faak mear nammen foar ien en deselde soarte brûkt wurde. En sa'n namme wurdt soms ek noch wer foar oare planten of ynsekten brûkt  Tsjin de al neamde stekneef wurdt yn it Frysk bygelyks ek wol langpoat sein. Mar de namme langpoat is ek wer de namme foar in net-fleanend spineftich bist dat ek wol heawein hjit. En it is in namme foar in ûnbehelperich fleanend ynsekt mei poaten fan wol 3-4 sintimeter (Tipula maxima). En dat lêste bist hat wol wer tsien oare Fryske nammen: joustermerkefeint, langbonk, langpoatmich, langskonke mich, langskonkmich, rienster,  rienstermerke, rienstermerkeman, rienstermerkemich, rienstermerkereizger en skriele hâns.

Dat der sa'n fariaasje oan nammen foarkomt hat faak as reden dat elk plak of gea syn eigen namme jout. Dat kin bygelyks sjoen wurde oan de al neamde joustermerkefeint. Dy namme sil grif yn de omkriten fan 'e Jouwer ûntstien wêze en net yn Kollumersweach of Drachten. Foar it koweblomke besteane ek gâns Fryske farianten, faak allinnich gongber yn in beskate hoeke fan Fryslân: skieppeblom meast yn it súdwesten, teeblomke yn de Lege Midden, finneblom yn it noarden en koweblom yn it sintrale en eastlike part fan Fryslân. Yn it Nederlânsk hat dit plantsje ek mear as ien namme. De meast bekende is wol madeliefje, mar dêrneist besteane oantsjuttingen as meizoentje, meibloem, weidebloem, koebloem, landbloem, margriet, paasbloem en meelzoet. Foaral it easten fan Nederlân (Oerisel, Gelderlân) brûkt meizoen. Madelief(je) is gongber yn it westen (Hollân, Utert) en ek yn Drinte. Yn Drinte sizze de lju ek meibloem, dat dêrneist ek foarkomt yn de oare eastlike provinsjes fan ús lân. De neamde nammen binne dan de meast frekwinte, mar pleatslik besteane der tsientallen oare farianten: bleekbloem, boddelief, boterbloem, brinkbloem, dijkbloem, goddelief, grasbloemetje, kerkhofbloem ensfh.).
En om it noch dreger te meitsjen: ús koweblom is yn it Frysk èk noch de namme foar reade en wite klaver en foar see-gers. En see-gers is wer de namme foar de gersanjelier, foar kweldergers en de see-aster. En mei fûgels is it oangeande de nammen net oars: de bûnte lyster hjit ek wol grauklyster, gastlyster, oastmantsje, sjonglyster, túnlyster. Yn Amsterdam is it makliker, dêr ûnderskiede se mar twa soarten fûgels: sijsies en drijfsijsies. Soks mei dan wittenskiplik net ferantwurde wêze, mar dúdlik is it wol.

Mear ynformaasje:
D. Franke en D.T.E. van der Ploeg, Plantenammen yn Fryslân. Ljouwert 19842
Wurdboek fan de Fryske taal: koweblom
Dialectkaart Meertensinstituut: madelief