zaterdag 23 juni 2012

Pûs of poes?

‘De pûs en it spûk diene elk in skûch út.’ Mooglik sjogge jo dat der trije flaters yn dit sintsje sitte: pûs is dochs poes, spûk moat spoek wêze, en skûch heart dochs skreaun te wurden as skoech? Alle trije wurden lykje ferkeard stavere te wêzen, mar dochs binne se neffens de besteande regels goed opskreaun! Mar, hawwe jo it dan ferkeard leard? Steane der flaters yn de Fryske lear-, lês- en wurdboeken?
It giet by de neamde wurden om de klank /û/ dy't yn it Nederlânsk mei ‘oe’ skreaun wurdt (soep) en yn it Frysk mei ‘oe’ of ‘û’ (boek, koeke, pûde, hûs). It is yn it Frysk wat dreger mei de klank /û/ as yn it Nederlânsk, want de /û/ kin koart (pûde, droech) of lang (hûs, koeke) wêze. It Nederlânsk hat allinnich mar in koarte /û/ (koek, schroef).
Yn 1879 is de Fryske stavering fêststeld. Wurden mei it /û/-lûd moasten soms mei ou (joun) skreaun wurde, mar it meast waard de /û/-klank mei û of oe skreaun. Wannear hie men de oe of û te brûken? Wie it mûs of moes, fûst of foest? Om dat fêst te stellen moast bgl. nei it Nederlânsk of Stedfrysk sjoen wurde. Wie it yn dy talen in ui (muis) of ú (mús), dan wie it yn it Frysk û (mûs). Hie ien fan beide talen in oo of oe, dan krige it Fryske wurd in oe (Nederlânsk: kogel, Frysk: koegel). In rare regel, want lang net elk kin Stedfrysk. En wat te dwaan mei wurden as stûf en lûke dy't net (mear) yn it Nederlânsk foarkomme of nea yn dy taal bestien hawwe? De regel wie dus net dúdlik.
Yn 1945 waard de stavering wizige en moast dy ûndúdlikheid oer de skriuwwize fan it /û/-lûd weinommen wurde. It foarstel wie om foar de /û/ tenei altyd it teken û te brûken: pûs, drûch, bûk, hûke. Mar dan soe it wurdbyld foar elk dy't wend wie om boek, poes en hoeke te lêzen of te skriuwen  tefolle feroarje. Dêrom waard ôfpraat om hast alle /û/-wurden mei in û te skriuwen, mar wurden dy't yn it Aldfrysk útsprutsen waarden mei in lange /oo/ en yn ús moderne Frysk mei in /û/, dy moasten yn de ‘nije’ stavering mei in oe skreaun wurde. Boek, boef en broek (Aldfrysk  ‘book’, ‘boof’, ‘brook’) holden dêrom de oe-stavering. Mar poes en skoech hearre sûnt 1945 as mei û skreaun te wurden, want yn it Aldfrysk bestienen ‘poos’ en ‘skooch’ net.

Dizze staveringsregel is likegoed dreech, want wat witte skoalbern, amtners of sjoernalisten en elk dy't Frysk skriuwt fan it Aldfrysk? Neat (en dat hoecht ek net). De regel jout blykber safolle swierrichheden dat gjinien him der oan hâldt. Elk skriuwt poes, skoech en spoek, en sa stiet it ek yn de lear- lês- en wurdboeken. De fraach is no: moat de regel dochs tapast wurde? Dan moatte alle boeken oanpast wurde. Of moatte wy de stavering wizigje en de besteande praktyk yn in regel opnimme? Sis it mar ...

(Friesch Dagblad 23-6-2012)