zaterdag 23 juni 2012

Pûs of poes?

‘De pûs en it spûk diene elk in skûch út.’ Mooglik sjogge jo dat der trije flaters yn dit sintsje sitte: pûs is dochs poes, spûk moat spoek wêze, en skûch heart dochs skreaun te wurden as skoech? Alle trije wurden lykje ferkeard stavere te wêzen, mar dochs binne se neffens de besteande regels goed opskreaun! Mar, hawwe jo it dan ferkeard leard? Steane der flaters yn de Fryske lear-, lês- en wurdboeken?
It giet by de neamde wurden om de klank /û/ dy't yn it Nederlânsk mei ‘oe’ skreaun wurdt (soep) en yn it Frysk mei ‘oe’ of ‘û’ (boek, koeke, pûde, hûs). It is yn it Frysk wat dreger mei de klank /û/ as yn it Nederlânsk, want de /û/ kin koart (pûde, droech) of lang (hûs, koeke) wêze. It Nederlânsk hat allinnich mar in koarte /û/ (koek, schroef).
Yn 1879 is de Fryske stavering fêststeld. Wurden mei it /û/-lûd moasten soms mei ou (joun) skreaun wurde, mar it meast waard de /û/-klank mei û of oe skreaun. Wannear hie men de oe of û te brûken? Wie it mûs of moes, fûst of foest? Om dat fêst te stellen moast bgl. nei it Nederlânsk of Stedfrysk sjoen wurde. Wie it yn dy talen in ui (muis) of ú (mús), dan wie it yn it Frysk û (mûs). Hie ien fan beide talen in oo of oe, dan krige it Fryske wurd in oe (Nederlânsk: kogel, Frysk: koegel). In rare regel, want lang net elk kin Stedfrysk. En wat te dwaan mei wurden as stûf en lûke dy't net (mear) yn it Nederlânsk foarkomme of nea yn dy taal bestien hawwe? De regel wie dus net dúdlik.
Yn 1945 waard de stavering wizige en moast dy ûndúdlikheid oer de skriuwwize fan it /û/-lûd weinommen wurde. It foarstel wie om foar de /û/ tenei altyd it teken û te brûken: pûs, drûch, bûk, hûke. Mar dan soe it wurdbyld foar elk dy't wend wie om boek, poes en hoeke te lêzen of te skriuwen  tefolle feroarje. Dêrom waard ôfpraat om hast alle /û/-wurden mei in û te skriuwen, mar wurden dy't yn it Aldfrysk útsprutsen waarden mei in lange /oo/ en yn ús moderne Frysk mei in /û/, dy moasten yn de ‘nije’ stavering mei in oe skreaun wurde. Boek, boef en broek (Aldfrysk  ‘book’, ‘boof’, ‘brook’) holden dêrom de oe-stavering. Mar poes en skoech hearre sûnt 1945 as mei û skreaun te wurden, want yn it Aldfrysk bestienen ‘poos’ en ‘skooch’ net.

Dizze staveringsregel is likegoed dreech, want wat witte skoalbern, amtners of sjoernalisten en elk dy't Frysk skriuwt fan it Aldfrysk? Neat (en dat hoecht ek net). De regel jout blykber safolle swierrichheden dat gjinien him der oan hâldt. Elk skriuwt poes, skoech en spoek, en sa stiet it ek yn de lear- lês- en wurdboeken. De fraach is no: moat de regel dochs tapast wurde? Dan moatte alle boeken oanpast wurde. Of moatte wy de stavering wizigje en de besteande praktyk yn in regel opnimme? Sis it mar ...

(Friesch Dagblad 23-6-2012)

3 opmerkingen:

  1. Logysk is om de û oan te hâlden. Minsken sille dêr wol oan wenne moatte, mar is dat net altyd sa mei alles?

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Bêste Hindrik,

    as trou lêzer fan dyn Wurden (ik haw der wakker niget oan) stean ik gauris op it punt fan reagearjen, mar it komt der dochs net altyd fan. Diskear al.
    It û-lûd is yn 'e Fryske stavering frijwat oerbelestige, learde Adam Zantema my. Mar feroarjen jout in hiel o-heden.
    Wy hawwe de oe en de û en dy stean beide foar sawol it koarte as it lange ienlûd en de oe ek noch foer it twalûd.
    Sille wy de oe dan ek mar allinnich foar it twalûd reservearje? Dan is dat dúdlik. Sa liket it alteast, mar dan sitte we wer mei it betsjuttingsferskil tusken wurden mei de oe of û as iennichst ûnderskiedend foneem, lykas boek/bûk.
    It koart of lang útsprekken fan de û wit ik ek gjin goede oplossing foar. Jo soenen tinke kinne oan it ferdûbeljen fan it folgjend bylûd, mar dat jout by wurden fan ien wurdlid sa'n nuver wurdbyld: mûs (lang) en pûss (koart). Dêrom kin ik dêr net foar wêze.
    Der binne wol regels foar, dat it is wol te begripen, mar it is wat rommelich en sûnder yngripende staveringswiziging sil it dat ek bliuwe.

    Mar no dy âlde ou-stavering; wie dat wol de werjefte fan it û-lûd? Houn is hûn wurden, mar dat liket my op staveringsútspraak. Ik hear no noch faak de útspraak "hoon" of eins "ho-ûn" y.p.f. hûn. De lange o dy't oergiet yn û (in soarte fan o-twalûd).
    Om fan 'e betizing mei ou en au ôf te wêzen wie it tûk om de ou net mear te brûken foar wat no de û is. De ou is no boun (nee, bûn) oan de au en hat neat mear mei it û-lûd te krijen. Dat de âlde ou-stavering feroare is yn û is arbitrêr en ek net hielendal wier. It wurd jûn foar joun hie faaks ek "joon" wurde kinnen. Want wy hearre ek wittefaak "fan 'e jonne". Nou nou is no no wurden en net nû nû. En wat tochtst fan ús ko (net kû), dat fan kou (oo-û) komt. Yn it Ingelsk giet de mûle krekt wat fierder iepen by de útspraak fan cow (au-û). Ik bin der net wis fan oft it Frysk eartiidsk de foarm "kow" hân hat, mar it soe my net fernuverje.
    Hawar, it is kompleks en de konklúzje moat wêze om net te hastich mei staveringsoanpassings te kommen. Stavering moat de útspraak werjaan en in útspraakferoaring troch in wizige stavering liket my net winsklik.

    Mei freonlike groetnisse,
    Ed Knotter

    BeantwoordenVerwijderen
  3. Stavering jout ynformaasje. Dat kin wêze hoe't it wurd sein wurdt, mar ek bygelyks hokfoar funksje it hat: sjoch yn it earste part fan dizze sin mar nei "wurd" en "wurdt". De kar foar oe/û jout ekstra ynformaasje oer it Aldfrysk. Foar de taalwittenskip faaks in goed ding, mar foar it brûken fan de taal minder wichtich.

    Dy bân mei it Aldfrysk wurdt ek nochris net oanleard: Wat der leard wurdt is dat de kar ôfhinget fan de stavering fan it Hollânsk, útsein wêr't yn stee dêrfan de stavering fan oare Germaanske talen folge wurdt. Sadwaande moat men gau fjouwer talen behearskje om Frysk staverje te kinnen, en dan noch is der gjin regel dy't seit hokfoar taal hoenear tapast wurde moat.

    Dat, wy hawwe in ûnderskie tusken oe/û dat foar deistich gebrûk fan de taal gjin doel hat, en dat by it oanlearen in regel hat dêr't net fan bepaald wurde kin hoenear at dy net jildt. Yndie, de trije foarbylden binne alle trije gefallen dêr't de regel om nei it Hollânsk te sjen net jildt. Foar immen dy't neat fan Aldfrysk wit, is der neat dat oanjout dat dy regel hjir net jildt, dat de oanlearde regel wurdt al brûkt, mei dit ôfwikend risseltaat.

    Wie it dan better om wier altiten nei it Hollânsk te sjen? Om my net; ik fyn it in kriem om oerskeakelje te moatten op in frjemde taal foar gjin oar doel dan om te witten hoe't ik it Frysk skriuwe moat. Dat is persoanlik argumint, mar in oar argumint is der ek: In taal is makliker te learen at der mear ferbân is tusken de skreaune taal en de sprutsen taal. Wat dúdliker de stavering oerienkomt mei de útspraak wat better. Dat is ris útsocht, fanwege de problemen om Japansk te learen, at ik it noch wit sa't it wie. Dat immen dy't leart hoe't in wurd sein wurdt daalks ek wit hoe't it skreaun wurdt, en oarsom, dat is skynber in foardiel sa grut: oare ynformaasje dy't út stavering helle wurde kin, is ornaris it ferlies fan dat fêste ferbân net wurdich.

    Faaks binne der yndie wurden dêr't al in û-lûd skreaun wurdt mar eins net sein; foar dy wurden soe dan in better ferbân tusken útspraak en stavering socht wurde moatte. Mar foar alle wurden dêr't in û sein wurdt, moast keazen wurde foar ien stavering dy't dêr mei oerienkomt, en foar de Fryske stavering dy't wy no hawwe is dat in û. Dat wie blykber it útstel yn 1945, en dat hie doe oannaam wurde moatten.

    Fêsthâlde oan in mindere staveringsregel om wurden net te feroarjen, dat is foar ien generaasje. Kieze foar in bettere staveringsregel dy't wurden al feroaret, dat is foar alle generaasjes dy't dy stavering brûke sille.

    Mysha

    BeantwoordenVerwijderen