zaterdag 20 juli 2013

Smoarch fanke

Begjin july wie yn it nijs dat in Japanner de Japanse omrop foar it rjocht daget omdat er fynt dat dy tefolle Ingelske lienwurden yn 'e programma's brûkt. As âldere man kin er de programma's net mear folgje, want hy ken gjin Ingelsk. Dêrom easket er in skeafergoeding fanwege it emosjoneel leed dat him oandien wurdt. Dit foarfal lit sjen dat taal in tige hechte ferbining mei de minske hat: jins taal is in part fan jinsels en is middel om jin te uterjen en om kennis fan de wrâld ta jin te nimmen. Omdat de Japanner fanwege frjemd taalgebrûk behindere wurdt yn syn funksjonearjen, spant er in saak oan.
Taal is wol faker reden om in rjochtsaak te begjinnen, net allinnich omdat men mient tekoart dien te wêzen, mar ek yn it strafrjocht. Fanwege it Frysk hawwe der ek wol rjochtsaken west. Ien fan de bekendste foarbylden is de saak tsjin Fedde Schurer. Hy waard yn 1951 dage om't er in offisier fan justysje misledige hawwe soe dy't minachtsjend oer it Frysk praat hie yn in rjochtsaak. De rjochtsaak  tsjin Schurer dêroer, op freed 16 novimber 1951, rûn út op reboelje. Dy dei hjit sûnt Kneppelfreed.
In oar justisjeel gefal  dêr't it Frysk in rol yn spile, is in saak út 1892-'93. Kastlein Koert Nijland fan Haulerwyk hie op in gearkomste fan wurkleaze arbeiders sprutsen en besleat syn ferhaal neffens de krante mei de wurden ‘... en zelfs ons smerig Koninginnetje werkt niet en die geeft men daarvoor dagelijks vierdehalf duizend gulden'. Dat ‘smerig Koninginnetje' foel net goed en waard sjoen as mislediging fan de foarstinne. De kastlein moast foar it rjochter ferskine en de fraach wie doe oft hjir wol sprake wie fan majesteitsskeining. Fûn Nijland dat de keninginne ‘smerig' wie yn de betsjutting fan aaklik, ferfelend, mislik (‘rot op, smerig mens'), of bedoelde er ‘smerig' mei as strekking ‘noch net folwoeksen', sa't it yn it Frysk foarkomt. Wilhelmina wie doe ommers noch mar tolve jier,  ‘noch mar in smoarch fanke' dus! Yn dy tiid koenen de Friezen minder goed Nederlânsk as hjoed-de-dei en Nijland hie Nederlânsk praat en koe dy taal net sa goed dat er wist dat ‘smerig' yn it Nederlânsk net de  betsjutting fan ‘net folwoeksen' hat. De rjochter wie lykwols net gefoelich foar dat argumint. Nijland waard foar ‘majesteitsschennis' feroardiele en moast in moanne sitte, yn dy tiid in gewoane straf foar majesteitsskeining.
Sokke taalmisbegripen wurde falske freonen neamd en komme wol faker foar, meast tusken twa talen dy't in soad mei-inoar te meitsjen hawwe en opelkoar lykje. Hiel bekend is fansels it foarbyld fan ‘it kin net' dat yn it reklamefilmke foar bearenburch troch ûnwittende Hollanders ynterpretearre waard as ‘het kan net'. Dêrnei stapten se op it net-fertroude iis en sakken dertroch. Sy koenen de humor der wol fan ynsjen en dit misbegryp einige yn it kafee ynstee fan yn 'e rjochtbank. Mar yndertiid wie dat oars mei it ‘smerig Koninginnetje', dat ek noch in ‘valse vriend' wie...
Literatuer:
Bastiaan van der Velden, ‘Waar gaan wij heen met het Fries?'. Nijmegen 2004, pp. 48-57.