zaterdag 8 december 2012

It papier foarby (2)



De oare kear gong it yn Wurden oer de ynternetferzje fan de Dikke Van Dale. Mar hoe sit it eins mei de Fryske wurdboeken, binne dy al yn digitale foarm te rieplachtsjen? Sa foar en nei binne der by de Fryske Akademy aardich wat Fryske wurdboeken makke en by oare útjouwerijen kamen ek wurdboeken út. De meast brûkte binne de twatalige wurdboeken Nederlânsk-Frysk (1985) en Frysk-Nederlânsk (1984). Yn 2008 ferskynde it ientalige Frysk hânwurdboek en yn de jierren 1984-2011 seach ek noch it mânske meardielige Wurdboek fan de Fryske taal (WFT) it ljocht. Al dy wurdboeken binne echte papieren wurdboeken: tûzenen bledsiden fol wurden, mei oersettingen, betsjuttingen, foarbylden en útlis, stevich ynbûn yn in hurd kaft. De wurdboeken Frysk-Nederlânsk en Nederlânsk-Frysk binne op ynternet te finen, by it Frysk hânwurdboek is in cd-rom makke en it WFT stiet ek hielendal online. Fierder binne der apps om wurdboeken op de mobile telefoan te brûken.

Binne de Fryske wurdboeken dan no it papier foarby? Dy fraach mei ja te beantwurdzjen, dat giet wat te stoef, mar de oergong nei it digitale wurdboek is wol ynset. Minsken dy't in wurdboek brûke om teksten te skriuwen of om wat oer te setten, hawwe der baat by dat se maklik antwurden fine kinne op fragen as 'hoe sizze je dat ek al wer yn it Frysk?', 'is it no stoef of stûf?', 'hoe sette je overschrijden yn it Fryske oer?', 'wat is no krekt in wipperke en hat wipperke ek synonimen?'. Yn it papieren wurdboek moatte jo fan trefwurd nei trefwurd blêdzje; dêrfoaroer kinne jo yn it digitale wurdboek troch de hiele tekst hinne sykje. De antwurden op boppeneamde fragen fine jo troch digitaal yn de oersettingen,  betsjuttingen, foarbyldsinnen en synonimen te sykjen.

Foar de Fryske wurdboeken wurdt de takomst hieltyd mear digitaal. De Fryske Akademy is dwaande om de besteande wurdboeken sadanich te keppeljen en op ynternet te setten, dat mei ien sykfraach yn alle wurdboeken socht wurdt, net allinnich op trefwurd, mar yn de hiele tekst. Dat jout mear mooglikheden en alternativen by it oersetten en opstellen fan teksten. Wa't dan om 'wipperke' siket, wurdt suver dronken as al dy synonimen oer it skerm rôlje.
Oant no ta giet it noch om wurdboeken dy't earst op papier ferskynden en letter digitalisearre binne. Nije wurdboeken (wurdBOEK, is dat dan noch wol in goede namme?) sille alderearst op it ynternet stean. By it meitsjen fan sokke 'wurdboeken' sil de brûker sintraal stean: wat wol dy opsykje, hoe wol er it opsykje, wêr wol er it opsykje en mei watfoar apparaat wol er sykje? Dy brûker wol alles opsykje en it moat sa maklik mooglik te finen wêze. Hy moat oeral op 'e wrâld by it wurdboek kinne, mei smartphone, tablet, laptop of pc. En ek wichtich: it mei eins neat kostje. In papieren wurdBOEK foldocht net oan dy easken en dêrom hat it digitale 'wurdboek' de takomst. Is oer in jier as fyftjin it papieren wurdboek hielendal foarby?
(Friesch Dagblad  8 desimber 2012)