zaterdag 28 mei 2011

In Frysk riedsel

It is grien en driuwt op it wetter. It is read  tusken wyt en blau en weaget yn ’e wolken. Twa riedsels mei ien en itselde antwurd: in pompeblêd. It earste riedling ferwiist nei it blêd fan de swanneblom (waterlelie) of fan de giele plomp. De op it wetter driuwende blêden fan beide planten binne ovaal of rûn mei in kylfoarmige ynsnijing. It twadde riedling doelt op elk fan de sân reade, stilearre figueren dy't ôfbylde binne yn de wite banen fan de Fryske flagge. Dy reade blêden yn de flagge steane foar de sân Fryske seelannen. Yn de midsieuwen wiene dat de selsstannige gebieten yn it âlde Fryslân (û.o. Westergoa, Oastergoa, Sânwâlden en de Ommelannen). De Ommelannen lizze hjoed-de-dei yn Grinslân en yn it provinsjewapen fan Grinslân komt ek in ôfbylding foar mei skeane banen dy't op de Fryske flagge liket. Yn it printsje op dat wapen steane lykwols gjin sân pompeblêden, mar alve reade hertsjes. Dy hertfiguerkes steane foar alve kriten dêr't de trije Grinzer Ommelannen (Hunsingo, Fivelingo en Westerkwartier) yn opdield wienen.

Der is in Frysk liet fan Jan fan 'e Gaestmar (pseudonym fan Jan Jelles Hof) dêr't de Fryske flagge yn besongen wurdt: >Sjoch, sjoch dy skeane banen, / Dat weagjend wyt en blau, / Dy reade pompeblêden, / Dat âlde byld fan trou!= Dy flagge is sûnt 1958 de offisjele provinsjeflagge fan Fryslân en is tige populêr. Der is gjin provinsje dêr't de eigen provinsjeflagge safolle útstutsen wurdt as yn Fryslân. Ek as byldmerk of logo wapperet de flagge op gâns plakken. Hy stiet op de ferpakking fan suvelprodukten, op fuotbalshirts, klompen, ûnderbroeken en holledoeken. Der is in beppefyts mei de Fryske flagge en sels it folksliet op de jasbeskermers. Fierder rydt de Fryske flagge libbensgrut troch de provinsje op de jarretenks fan in transportbedriuw út Bitgummole. Hoe moai kin in flagge op in strontpream wêze!
Allinnich it pompeblêd as symboal fan Frysk en Fryslân komt ek foar: De Fryske F16's raze troch de loft mei pompeblêden op 'e sturt. Guon Fryske bedriuwen sette it pompeblêd as puntsje op de i yn har bedriuwsnamme. In koekebakker út Molkwar bakt koeken yn de foarm fan in pompeblêd. En men sjocht pompeblêdspjeldsjes foar op ’e klean, dêr’t immen mei seit dat er Fryslân en it Frysk heech hat. Der binne plakplaatsjes mei de sin 'Ik [pompeblêd] Fryslân'. Hjir stiet it blêd symboal foar 'hâlde fan' en sa komt de relaasje fan it pompeblêd mei it hert werom.
It Pompeblêd as logo of byldmerk is bedoeld om jin te ûnderskieden, om mei wat unyks oandacht te lûken. As de Fryske flagge of it pompeblêd troch elkenien oates en toates brûkt wurdt, ferliest it dan lykwols net syn unike, ûnderskiedende krêft? As elk it brûkt, falle jo dan noch wol op as koar, korps, klup, bedriuw of ynstelling? Binne jo dan noch wol unyk? En is sa'n âld symboal yn dizze tiid wol 'flitsend' en trendy? Dat riedsel meie jo sels it antwurd op jaan!

Publisearre yn Friesch Dagblad, 28 maaie 2011