zondag 8 december 2013

Skriuwe wy ergens yn it Frysk?

Geef Frysk is net wichtich of belangryk, wie in pear wike lyn in diskusjestelling by Omrop Fryslân. Genôch reden dus foar fûle striidpetearen oer de kwaliteit fan it Frysk. Sille wy al dy Hollanismen derút kneppelje en sa de taal suver hâlde? Of moatte wy it mar moai gewurde litte, want it is gewoan in taalferoaring.
It is soms lestich om út te meitsjen wat al of net echt (geef) Frysk is. ‘Suver Frysk’ bestiet net, gjin inkelde taal is ‘suver’, want talen dy't kontakt mei-inoar hawwe, beynfloedzje inoar oer en wer. Sa lient it  Frysk al mear as fiifhûndert jier Nederlânske wurden en it Nederlânsk hat ek wolris wat út it Frysk liend. De iene fynt dat slim, al dy lienwurden, foaral as der wol goede Fryske wurden foar besteane. En in oar seit, och lit mar gewurde, at de minsken my mar begripe, want dêr giet it op 't lêst om.

Yn it moderne Frysk wurde mear en mear Nederlânske wurden brûkt. Hjir binne in pear foarbylden fan sinnen mei wurden deryn dy't streekrjocht út it Nederlânsk komme: We krije iten fan de ‘voedselbank’. Dan is it ‘over en uit’. We ‘hure in wenning’. Der ‘binne’ genôch ‘kijkers’ west. Ik kom fannemiddei wer ‘even in besoekje bringen’.
It is foaral de sprektaal dy't gefoelich is foar Nederlânske lienwurden. Dat leit ek wol foar de hân, want men heart in soad Nederlânsk om jin hinne en wit net altiten wat it goede Fryske wurd is. Betink sa gau mar ris it Fryske wurd foar ‘juichen’ yn in sin as ‘we moeten niet te vroeg juichen’. As men gewoan in praatsje hat, is der gjin tiid om dêr oer nei te tinken en dan seit men sa'n sin hast letterlik yn it Nederlânsk: we moatte net te ‘froech juiche’.
As it der net mear ta docht oft men Hollanismen yn de de sprektaal brûkt, dan komt ek de fraach op hoe't je dy dan skriuwe moatte. Moatte se oanpast wurde oan de Fryske skriuwregels of moatte se mar yn it Nederlânsk skreaun wurde. Is it dan ‘foedselbank’ of ‘voedselbank’ (yn it Frysk begjinne de wurden net mei in v). En as in Fryskprater ‘huren’ seit en dat ek skriuwe wol, hoe moat dat dan: ‘ik huer in hûs’ of ‘ik huur in hûs’. En hoe moat it Nederlânske ‘ergens’ yn it Frysk, skriuwe je dat as ‘erges’, wat men hjir en dêr wol sjocht? As de stomme n dêr net skreaun wurdt, moat dan de stomme r yn bygelyks fee-arts dan ek net weilitten wurde: ‘de fee-ats hat Bijke litte ynsliepen’.

As geef Frysk dan net sa belangryk mear is, dan moatte de foarstanders fan dy stelling har wol realisearje dat de skriuwwize fan dat nije Frysk fragen opropt: de Hollanismen gewoan mar oernimme of oanpasse oan de Fryske skriuwwize. Wy kinne ek besykje om dochs goed en fersoarge Frysk te skriuwen. It skreaune Frysk mei allegear Hollanismen, ergens liket it nergens nei!