zaterdag 10 november 2012

It Papier foarby



Van Dale is mei in nije edysje fan syn wurdboek útkommen. No wie in nije Dikke Van Dale earder in reden om daliks nei de boekwinkel ta te draven en dan dat trijedielich pak wurdboeken te keapjen. Tink ris ta: mear as 4000 bledsiden taalgenot. Mar by de oankundiging fan dizze nije Van Dale soe dat in fergese loop west hawwe: de edysje 2012 is allinnich mar oer ynternet yn te sjen en it is noch mar de fraach of de Dikke Van Dale oait wol wer yn boekfoarm útkomt.

It is gjin nijs dat troch de komst fan kompjûter en ynternet de wrâld feroare is. Hast alles wat earder skriftlik dien waard, kin (en moat) no elektroanysk: it belestingpapier ynfolje, de meterstannen trochjaan, krantlêze. It skriuwen fan teksten (tink oan stikjes yn wykkrantsjes, bijdragen foar weblogs, eamelstikjes op Twitter) wurdt hast altyd digitaal dien. Dit elektroanysk tiidrek hat ek foar wurdboeken in omslach teweibrocht. In trijedielich wurdboek as dat fan Van Dale nimt 30 sintimeter plak yn in boekekast yn en weaget 3 kilo. Op in kompjûter, webserver of usb-stick nimt in digitaal wurdboek amper of gjin plak yn en mei in app op de smartphone kinne je der altyd by. It opsykjen giet folle flugger en makliker. Yn it papieren wurdboek sykje jo alfabetysk nei in trefwurd, yn in digitalenien sykje jo troch de hiele tekst hinne, ek yn de betsjuttingen, de foarbylden, siswizen en sprekwurden.
Van Dale anno 2012 is útwreide mei wol 1500 nije wurden. Dat binne wurden as ‘grexit’ (Grikelân dat fuortgiet út de Euro), ‘graaibonus’ en ‘poenpakker’, dy't soms wol grappich binne, mar no net daliks in wichtige tafoeging oan de Nederlânske taal binne. Om yn Van Dale te kommen moat in wurd sawat trije jier frekwint yn it Nederlânsk foarkomme. It falt te betwiveljen oft it wurdboek foar alle wurden dat kritearium brûkt hat. Sa is yn 2010 it wurd ‘voetbalueel’ tafoege. As men dat wurd op Google opsiket, komt it mar fiif kear foar. Mar nije wurden as ‘Spaanse griep’, ‘wordfued’ en ‘ontvrienden’ binne wol de muoite wurdich om no op te nimmen.

In foardiel fan it elektroanysk wurdboek is dat it altyd by de tiid is. Earder moast men jierren wachtsje foar de nije edysje, no kin by wize fan sprekken elke minút nije wurden taheakke wurde. Neidielen binne der ek: de ynternet-VanDale is prizich: 75 euro yn it jier (en dat dus elk jier wer!). In oar neidiel is dat it wurdboek op ûngelegen tiden net beskikber is. Wylst ik dit stikje skriuw en Van Dale oer it ynternet rieplachtsje wol foar moaie foarbylden, krij ik de melding: ‘Geachte bezoeker, Vanwege een te groot aantal gelijktijdige bezoekers is de server van Van Dale Online tijdelijk overbelast. Probeer het over enkele minuten nog een keer. Excuses voor het ongemak.’ Mar och, ek by in papieren wurdboek is de kâns oanwêzich dat ien fan de bern of in kollega krekt it boek hat dat jo ynsjen wolle...
Klik hjir foar mear ynfo oer VanDale