zaterdag 15 september 2012

Nei it bûtenlân


Yn it Frysk sprekke wy de namme fan de ivige stêd út as Jeruzalim, mei de klam op de u. De namme fan de haadstêd fan Israel is yn ús taal al hiel lang bekend en dêrom jouwe dy skriuwwize en útspraak gjin swierrichheden. De Israeliërs sizze yn har taal sokssawat as Jeroesjalajim, mei de klam op de twadde a en se skriuwe it mei hiele oare lettertekens as wy. Sa'n foarm yn de eigen taal (Jeruzalim) foar in bûtenlânske ierdrykskundige namme (Jeroesjalajim) wurdt in eksonym neamd. Oare foarbylden fan eksonimen yn it Frysk binne Berlyn en Parys.
   
Yn de neamde gefallen giet it om eksonimen dy't yn it Frysk al bekend binne. Jeruzalim is ta ús kommen troch de Bibel en it kristendom. Nammen as Aken en Wenen binne troch histoaryske kontakten ek al sûnt ieuwen bekend. It brûken derfan is ek hiel gewoan, gjinien sjocht jo der raar om oan as jo Fryske eksonimen as Berlyn of Parys brûke.
De definysje fan eksonym hat it oer ‘bûtenlânske ierdrykskundige nammen’, mar it is miskien better om dat te ferfangen troch ‘oarstalige ierdrykskundige nammen’. Want is it net sa dat wy yn it Frysk ek eigen Fryske foarmen foar Nederlânsktalige nammen hawwe? Tink mar oan Grins, Grinslân, Drinte, Stienwyk, Sânhuzen, Bloksyl, Gruttegast, de Isel, Oerisel. En fanâlds besteane nammen fan stêden as Deventer, Swolle en Utrecht yn it Frysk as Dimter, Swol en Utert.
Foaral by nammen dy't in Nederlânsk elemint yn har hawwe bestiet de oanstriid om dat elemint te ferfryskjen. As bygelyks in lân- of provinsjenamme op -land útgiet, meitsje wy dêr -lân fan: Gelderlân, Ruslân. By Duitsland meitsje wy fan de ui ek noch in ú (krekt as yn in persoansnamme as Bruinsma-Brúnsma). En in lange oo wurdt yn ferfryske nammen oa: Polen-Poalen, Noorwegen-Noarwegen. Ek it elemint 'wijk' lit him maklik ferfryskje sûnder dat men daliks in ‘hyperfryske’ foarm kriget: Koatwyk, Hurderwyk. Miskien komt dat omdat der ek Fryske nammen binne mei -wyk: Haulerwyk, Langewyk. Ek Hurder- foar Harder- yn de namme Harderwijk is om dy reden grif net frjemd, want wy hawwe in soartgelikens elemint yn Hurdegaryp.

Mar hoefier kin soks gean? Kin men alle oer te setten eleminten ek oersette om in Frysk eksonym te krijen? Kinne dan hoog en veen yn Hoogeveen ferfryske wurde om it eksonym Hegefean te meitsjen? En burg, dat yn it Frysk boarch is, kin dat brûkt wurde om Limboarch of De Boarch (Den Burg op Tessel) te foarmjen? En Zandvoort, is dat dan Sânfurd? As dat dien wurdt, dan moat der wol om tocht wurde dat net elk elemint is wat it liket te wêzen. Haar yn Haarlem is net hier (‘Hierlim’). Ham yn Hamburg is net Skinke (‘Skinkeboarch’). En Os yn Oslo is net Okse (‘Okselo’). Om it mar net te hawwen oer Riermûle (Roermond), Brûsboarch (Doesburg) en Moardrjocht (Moordrecht). It brûken fan dat soarte fan frjemdfoarmingen is ôf te rieden. Al wie it allinnich al omdat kaart- en navigaasjeprogramma's jo by it yntypen fan de namme fan sokke oarden by Dokkum om nei Nergenshuizen-Nearnehuzen stjoere.

(Friesch Dagblad 15-9-2012)