zaterdag 14 september 2013

In bêst stik húsried?

Der sille grif huzen wêze dêr't in tegeltsje mei de spreuk 'it bêste stik húsried is in goed wiif' oan 'e muorre hinget. Neffens it Frysk Hânwurdboek fan 2008 betsjut dat sprekwurd 'yn in húshâlding sûnder frou rint alles yn it hûndert', en ek 'in sunige húsfrou is beskiedend foar de wolstân fan in húshâlding'. Net elk sil hjoed-de-dei like wiis wêze mei krekt dit sprekwurd. It is 'tegeltsjewiisheid' út it perspektyf fan de man wei, dy't de frou dêr't er mei troud is foaral sjocht as húshâldster. Yn ús tiid fan lykweardichheid fan man en frou, is it byld fan de frou oars as yn earder tiden.
It wurd 'húsried' betsjut 'alles wat by de ynrjochting fan it hûs heart'. It komt al foar yn it Aldfrysk en ek yn it Middelnederlânsk. Yn in tekst út Limboarch fan it jier 1240 stiet it as 'husrat'. It twadde lid 'ried' betsjut safolle as 'wat nedich is, helpmiddel'. It komt ek foar yn 'foarried', en yn de ferbining 'foar eat riede' dat 'foar eat soargje', 'rêde mei eat' betsjut. It Dútsk hat it wurd ek yn de foarm 'Hausrat' mei deselde betsjutting as yn it Frysk en Nederlânsk.
Neist de letterlike betsjutting fan húsried komme der yn 'e rin fan de tiid ek figuerlike betsjuttingen op. Foaral de persoanen dy't yn 'e hûs wenje wurde mei húsried ferlike. In minske kin bygelyks in raar of ûnnut stik húsried wêze. En it kin sawol op manlju as op froulju slaan, mar it falt wol op dat in frou faker as húsried beneamd wurdt as in man. Dat komt miskien omdat de frou eartiids meast it hûs as ferbliuwsplak hie. Dat in frou oerdrachtlik sjoen waard as hearrend by it hûs komt foar yn in sitaat as: 'Zaon stik huisree is net te heeg te agtjen' (sa'n stik húsried kin net te heech oanslein wurde) út 1802. Hjir wurdt it posityf bedoeld, mar it kin ek oarsom. Yn in ferhaal fan de Halbertsma's út 1834 fine wy dat 'in kwea frommes in min stik húsried' is.

De spreuk 'it bêste stik húsried is in goed wiif' giet troch foar écht Frysk, mar soe dat wol sa wêze? Yn it wurk fan de santjinde-ieuske skriuwer Jacob Cats fine wy it al yn it Nederlânsk fan dy tiid: 'Een goet wijf is een goet stuck huysraets'. En it Dútsk hat ek farianten fan it sprekwurd yn 'e foarm fan 'Eine gute Hausfrau ist der beste Hausrat', en in bytsje oars: 'Es ist der beste Hausrat, der ein fromm Weib hat'. 'Vader' Cats wurdt wol oanmurken as de betinker fan it sprekwurd, mar omdat it Dútsk it ek hat, is it bêst mooglik dat it yn syn tiid al in gewoane spreuk wie dy't ûnder it folk húsriem wie. Anno 2013, 400 jier letter, wurdt it minder op priis steld dat it wiif as in bêst stik húsried sjoen wurdt. Ofwaskmasine, stofsûger en magnetron binne der foar yn 't plak kommen.


(Ek publisearre yn Friesch Dagblad 14-9-2013)