zaterdag 17 augustus 2013

Himelsk harplûd



Fyftich-plussers dy't kristlik ûnderwiis folge hawwe heucht it noch wol dat hja psalmferskes út 'e holle leare moasten. Bekende psalms sitte der noch goed yn: ‘’t Hijgend hert der jacht ontkomen’. Wol spitich dat it almeast de Hollânske psalms wienen, yn de âlde of nije beriming, en net de Fryske. Yn dy taal hie like goed kinnen, want ek yn it Frysk binne de psalms berime. Se steane gewoan yn it Lieteboek foar de tsjerken. De santjinde-ieuske dichter Gysbert Japix hie yn syn tiid ek al in oantal psalms berime en yn syn sammele wurken út 1668 wurde dy psalms ‘Hymmilsch Harp-luwd’ neamd. De Gysbert-psalms kinne songen wurde op de gewoane wizen, mar de teksten binne foar ús moderne Friezen minder goed nei te kommen: ‘Az in Hert wirt toarst-hiet jachtge, / Graeyt in kierm't ney kieltme' in focht; / Allijck gâlt mijn siel, forsmachtge / Ney God’ (toarst-hiet = hjit fan toarst, jachtge = opjage, Graeyt = gûlt, kieltme = koelte, gâlt = ropt).

It wurd psalm komt út it âlde Gryks en betsjut ‘liet dat by de harp of siter songen wurdt’. It is dus gjin oarspronklik Frysk wurd en dat kin men sjen oan de ps- oan it begjin fan it wurd, want dy komt net foar oan it begjin fan gewoane Fryske wurden. Allinnich frjemde wurden as pseudo en psyche hawwe dy ps-. Mooglik dat dêrom ek yn âlder Frysk en Nederlânsk de p foar de s ek wol weilitten waard. Dan seinen (en skreaunen) de minsken ‘salm’. Yn in Aldfryske tekst út 1570 stiet: ‘... dij  23 salm song er in zyn siocht’ (de 23ste psalm song er doe't er siik wie). En yn in Middelnederlânske tekst út de trettjinde ieu stiet: ‘In Moysess wet ende in den propheten ende in den salmen’.

Psalm komt ek foar yn ôfliedings, sa wurdt de dichter fan psalms wol ‘psalmist’ neamd en it hiele bibelboek fan de psalms hjit fan ‘psalter’. Apart foar it Frysk is de ôflieding ‘psalmje’ dat psalmsjonge betsjut. Yn it Friesch Woordenboek fan Waling Dykstra stiet: Us faem docht fen 'e moarn neat as salmjen en galmjen (zingt allerlei liederen). Dichter Douwe Tamminga brûkt earne it wurd ‘psalmje’ ek yn de betsjutting fan it berymjen fan psalms. Yn gearstallings komt psalm ek foar: lofpsalm, boetpsalm, tankpsalm. Fierders bestiet ek noch de ûngetiderspsalm. De ûngetiid wie de tiid dat it gers meand en it hea ynhelle waard. Dan hienen de minsken it fleanende drok en wie der nei it hastich behimmele miel iten gjin tiid mear om in stik út de bibel te lêzen. Dan lies men wol psalm 117, in koarte psalm fan mar twa fersen. Dêrfoaroer stiet de langste psalm, de 119de. Dy hat yn de bibel 176 fersen en telt yn de (Nederlânske) beriming fan 1773 88 kûpletten. Sa’n moai liet hielendal te lêzen of te sjongen is net geskikt as men gleonhastich is, mar ek hjir jildt it sprekwurd: Alle lofsangen nimme in ein, de 119de psalm ek (oan alle moaie dingen komt in ein).