zaterdag 8 januari 2011

Dakjes en streekjes

Yn in Nederlânsk deiblêd stie koartlyn in advertinsje fan de bernsbern dy’t beppe mei har jierdei lokwinken. It gong sa sawat: ‘Beppe Aaltsje, lokwinske fan Kevin, Annouck, Sterre en Luna. Dikke tut!’ It is noch mar de fraach oft beppe wol sa bliid wie mei dy advertinsje. It is net omdat beppe hiel ûntankber is, mar mear om’t se net-bedoeld útmakke waard foar ‘dikke tut’ yn pleats dat se in leaf bedoelde tút krige.
Al of net in streekje op in letter makket dus hiel wat út. In wurd is opboud út lûden (‘klanken’) en by it skriuwen fan dy lûden brûke wy de letters fan it alfabet. It Frysk hat mear lûden as dat wy mei de 26 letters fan it alfabet oanjaan kinne. Om dy ekstra lûden te skriuwen kinne wy in dakje of in streekje op in letter sette. Mei in dakje op de e yn ‘wêze’ bedoele wy dat de e net as lange ee útsprutsen wurde moat. En mei in streekje op de ú yn ‘tút’ wolle wy beppe in ‘kus’ jaan en har net útskelle foar ‘tut’.

In ferskil tusken Frysk en Nederlânsk is dat de stavering fan it Frysk gebrûk makket fan dakjes en streekjes en it Nederlânsk net. Yn it Frysk hawwe wy aardich wat wurdpearen dêr’t it dakje of streekje op in letter útmakket wat de útspraak en de betsjutting is. Yn de folgjende sintsjes stiet it wurd hieltyd mei en sûnder sa’n teken: Lês dyn les ris wer. De krúk hong oan de kruk. Dus de dûs is stikken? Om it Frysk goed te skriuwen en te begripen hawwe wy de dakjes en streekjes dus perfoarst nedich.
Neist tút/tut binne der noch wol mear Frysk-Nederlânske wurdpearen dêr’t it dakje of streekje it iennichste ferskil is en dy’t yn it Nederlânsk oars útsprutsen wurde en hiel wat oars betsjutte: mûs/mus, klûs/klus, rêde/rede, dún/dun, nút/nut, plús/plus, nôch/noch, mêst/mest.

Dakjes en streekjes op letters binne lestich. It learen fan de stavering fan it Frysk is miskien dêrom ek wol sa dreech. En it Frysk-skriuwen mei help fan in kompjûter kostet mear ynspanning as wannear’t jo yn ’t Nederlânsk type. Dêrom ride de bussen yn Ljouwert grif ek nei de wyk Aldlan en net nei Âldlân. De kompjûter moat oars ynsteld wurde en foar elke letter mei in dakje of streekje moatte jo wol twa ekstra hannelings dwaan: de shift-knop en de knop mei it dakje of streekje yndrukke.
In Frysk sms’ke opstelle mei dakjes en streekjes jout ek ekstra wurk. Men moat in oantal kearen drukke foar de goede letter en dan tinke je al gau: lit mar. It gefolch is faak in ferkeard stavere Frysk sms-berjocht. As jo in sms krije dêr’t yn stiet ‘Der run in run op ’e runwei’, dan moatte jo wol goed neitinke oer wat it betsjut. Gelokkich krije jo net sa gau sokke nuvere berjochten, want it sms-boadskip dat jo it faakst krije is fansels: dikke tut!

Ferskynd yn Friesch Dagblad 8-1-2011