zaterdag 8 december 2012

It papier foarby (2)



De oare kear gong it yn Wurden oer de ynternetferzje fan de Dikke Van Dale. Mar hoe sit it eins mei de Fryske wurdboeken, binne dy al yn digitale foarm te rieplachtsjen? Sa foar en nei binne der by de Fryske Akademy aardich wat Fryske wurdboeken makke en by oare útjouwerijen kamen ek wurdboeken út. De meast brûkte binne de twatalige wurdboeken Nederlânsk-Frysk (1985) en Frysk-Nederlânsk (1984). Yn 2008 ferskynde it ientalige Frysk hânwurdboek en yn de jierren 1984-2011 seach ek noch it mânske meardielige Wurdboek fan de Fryske taal (WFT) it ljocht. Al dy wurdboeken binne echte papieren wurdboeken: tûzenen bledsiden fol wurden, mei oersettingen, betsjuttingen, foarbylden en útlis, stevich ynbûn yn in hurd kaft. De wurdboeken Frysk-Nederlânsk en Nederlânsk-Frysk binne op ynternet te finen, by it Frysk hânwurdboek is in cd-rom makke en it WFT stiet ek hielendal online. Fierder binne der apps om wurdboeken op de mobile telefoan te brûken.

Binne de Fryske wurdboeken dan no it papier foarby? Dy fraach mei ja te beantwurdzjen, dat giet wat te stoef, mar de oergong nei it digitale wurdboek is wol ynset. Minsken dy't in wurdboek brûke om teksten te skriuwen of om wat oer te setten, hawwe der baat by dat se maklik antwurden fine kinne op fragen as 'hoe sizze je dat ek al wer yn it Frysk?', 'is it no stoef of stûf?', 'hoe sette je overschrijden yn it Fryske oer?', 'wat is no krekt in wipperke en hat wipperke ek synonimen?'. Yn it papieren wurdboek moatte jo fan trefwurd nei trefwurd blêdzje; dêrfoaroer kinne jo yn it digitale wurdboek troch de hiele tekst hinne sykje. De antwurden op boppeneamde fragen fine jo troch digitaal yn de oersettingen,  betsjuttingen, foarbyldsinnen en synonimen te sykjen.

Foar de Fryske wurdboeken wurdt de takomst hieltyd mear digitaal. De Fryske Akademy is dwaande om de besteande wurdboeken sadanich te keppeljen en op ynternet te setten, dat mei ien sykfraach yn alle wurdboeken socht wurdt, net allinnich op trefwurd, mar yn de hiele tekst. Dat jout mear mooglikheden en alternativen by it oersetten en opstellen fan teksten. Wa't dan om 'wipperke' siket, wurdt suver dronken as al dy synonimen oer it skerm rôlje.
Oant no ta giet it noch om wurdboeken dy't earst op papier ferskynden en letter digitalisearre binne. Nije wurdboeken (wurdBOEK, is dat dan noch wol in goede namme?) sille alderearst op it ynternet stean. By it meitsjen fan sokke 'wurdboeken' sil de brûker sintraal stean: wat wol dy opsykje, hoe wol er it opsykje, wêr wol er it opsykje en mei watfoar apparaat wol er sykje? Dy brûker wol alles opsykje en it moat sa maklik mooglik te finen wêze. Hy moat oeral op 'e wrâld by it wurdboek kinne, mei smartphone, tablet, laptop of pc. En ek wichtich: it mei eins neat kostje. In papieren wurdBOEK foldocht net oan dy easken en dêrom hat it digitale 'wurdboek' de takomst. Is oer in jier as fyftjin it papieren wurdboek hielendal foarby?
(Friesch Dagblad  8 desimber 2012)

zaterdag 10 november 2012

It Papier foarby



Van Dale is mei in nije edysje fan syn wurdboek útkommen. No wie in nije Dikke Van Dale earder in reden om daliks nei de boekwinkel ta te draven en dan dat trijedielich pak wurdboeken te keapjen. Tink ris ta: mear as 4000 bledsiden taalgenot. Mar by de oankundiging fan dizze nije Van Dale soe dat in fergese loop west hawwe: de edysje 2012 is allinnich mar oer ynternet yn te sjen en it is noch mar de fraach of de Dikke Van Dale oait wol wer yn boekfoarm útkomt.

It is gjin nijs dat troch de komst fan kompjûter en ynternet de wrâld feroare is. Hast alles wat earder skriftlik dien waard, kin (en moat) no elektroanysk: it belestingpapier ynfolje, de meterstannen trochjaan, krantlêze. It skriuwen fan teksten (tink oan stikjes yn wykkrantsjes, bijdragen foar weblogs, eamelstikjes op Twitter) wurdt hast altyd digitaal dien. Dit elektroanysk tiidrek hat ek foar wurdboeken in omslach teweibrocht. In trijedielich wurdboek as dat fan Van Dale nimt 30 sintimeter plak yn in boekekast yn en weaget 3 kilo. Op in kompjûter, webserver of usb-stick nimt in digitaal wurdboek amper of gjin plak yn en mei in app op de smartphone kinne je der altyd by. It opsykjen giet folle flugger en makliker. Yn it papieren wurdboek sykje jo alfabetysk nei in trefwurd, yn in digitalenien sykje jo troch de hiele tekst hinne, ek yn de betsjuttingen, de foarbylden, siswizen en sprekwurden.
Van Dale anno 2012 is útwreide mei wol 1500 nije wurden. Dat binne wurden as ‘grexit’ (Grikelân dat fuortgiet út de Euro), ‘graaibonus’ en ‘poenpakker’, dy't soms wol grappich binne, mar no net daliks in wichtige tafoeging oan de Nederlânske taal binne. Om yn Van Dale te kommen moat in wurd sawat trije jier frekwint yn it Nederlânsk foarkomme. It falt te betwiveljen oft it wurdboek foar alle wurden dat kritearium brûkt hat. Sa is yn 2010 it wurd ‘voetbalueel’ tafoege. As men dat wurd op Google opsiket, komt it mar fiif kear foar. Mar nije wurden as ‘Spaanse griep’, ‘wordfued’ en ‘ontvrienden’ binne wol de muoite wurdich om no op te nimmen.

In foardiel fan it elektroanysk wurdboek is dat it altyd by de tiid is. Earder moast men jierren wachtsje foar de nije edysje, no kin by wize fan sprekken elke minút nije wurden taheakke wurde. Neidielen binne der ek: de ynternet-VanDale is prizich: 75 euro yn it jier (en dat dus elk jier wer!). In oar neidiel is dat it wurdboek op ûngelegen tiden net beskikber is. Wylst ik dit stikje skriuw en Van Dale oer it ynternet rieplachtsje wol foar moaie foarbylden, krij ik de melding: ‘Geachte bezoeker, Vanwege een te groot aantal gelijktijdige bezoekers is de server van Van Dale Online tijdelijk overbelast. Probeer het over enkele minuten nog een keer. Excuses voor het ongemak.’ Mar och, ek by in papieren wurdboek is de kâns oanwêzich dat ien fan de bern of in kollega krekt it boek hat dat jo ynsjen wolle...
Klik hjir foar mear ynfo oer VanDale

zaterdag 13 oktober 2012

De dingen by de namme neame



Hoefolle Culex pipiens hawwe jo fan't simmer yn jo sliepkeamer deaslein? En hawwe jo ek argewaasje fan de Bellis perennis dy't it egale grien fan jo bleekje fersteurt? Giet it hjir om eksoatyske bisten en planten dy't troch it opwaarmjen fan it klimaat ús kontreien opsykje? Net hielendal, de Culex pipiens is de stekneef (Nederlânsk mug) en de Bellis perennis hjit gewoanwei koweblomke (madeliefje). Beide útwrydske wurden binne de saneamde wittenskiplike namme foar dy ynsekte- en plantesoarten. Biologen en oare leafhawwers oer de hiele wrâld witte by it gebrûk fan dy nammen wêr't it oer giet. Se steane los fan de nammen dy't bisten of planten yn de lâns- of streektaal hawwe.

Noch in reden om in wittenskiplike namme te kiezen, is dat yn in taal faak mear nammen foar ien en deselde soarte brûkt wurde. En sa'n namme wurdt soms ek noch wer foar oare planten of ynsekten brûkt  Tsjin de al neamde stekneef wurdt yn it Frysk bygelyks ek wol langpoat sein. Mar de namme langpoat is ek wer de namme foar in net-fleanend spineftich bist dat ek wol heawein hjit. En it is in namme foar in ûnbehelperich fleanend ynsekt mei poaten fan wol 3-4 sintimeter (Tipula maxima). En dat lêste bist hat wol wer tsien oare Fryske nammen: joustermerkefeint, langbonk, langpoatmich, langskonke mich, langskonkmich, rienster,  rienstermerke, rienstermerkeman, rienstermerkemich, rienstermerkereizger en skriele hâns.

Dat der sa'n fariaasje oan nammen foarkomt hat faak as reden dat elk plak of gea syn eigen namme jout. Dat kin bygelyks sjoen wurde oan de al neamde joustermerkefeint. Dy namme sil grif yn de omkriten fan 'e Jouwer ûntstien wêze en net yn Kollumersweach of Drachten. Foar it koweblomke besteane ek gâns Fryske farianten, faak allinnich gongber yn in beskate hoeke fan Fryslân: skieppeblom meast yn it súdwesten, teeblomke yn de Lege Midden, finneblom yn it noarden en koweblom yn it sintrale en eastlike part fan Fryslân. Yn it Nederlânsk hat dit plantsje ek mear as ien namme. De meast bekende is wol madeliefje, mar dêrneist besteane oantsjuttingen as meizoentje, meibloem, weidebloem, koebloem, landbloem, margriet, paasbloem en meelzoet. Foaral it easten fan Nederlân (Oerisel, Gelderlân) brûkt meizoen. Madelief(je) is gongber yn it westen (Hollân, Utert) en ek yn Drinte. Yn Drinte sizze de lju ek meibloem, dat dêrneist ek foarkomt yn de oare eastlike provinsjes fan ús lân. De neamde nammen binne dan de meast frekwinte, mar pleatslik besteane der tsientallen oare farianten: bleekbloem, boddelief, boterbloem, brinkbloem, dijkbloem, goddelief, grasbloemetje, kerkhofbloem ensfh.).
En om it noch dreger te meitsjen: ús koweblom is yn it Frysk èk noch de namme foar reade en wite klaver en foar see-gers. En see-gers is wer de namme foar de gersanjelier, foar kweldergers en de see-aster. En mei fûgels is it oangeande de nammen net oars: de bûnte lyster hjit ek wol grauklyster, gastlyster, oastmantsje, sjonglyster, túnlyster. Yn Amsterdam is it makliker, dêr ûnderskiede se mar twa soarten fûgels: sijsies en drijfsijsies. Soks mei dan wittenskiplik net ferantwurde wêze, mar dúdlik is it wol.

Mear ynformaasje:
D. Franke en D.T.E. van der Ploeg, Plantenammen yn Fryslân. Ljouwert 19842
Wurdboek fan de Fryske taal: koweblom
Dialectkaart Meertensinstituut: madelief  


zaterdag 15 september 2012

Nei it bûtenlân


Yn it Frysk sprekke wy de namme fan de ivige stêd út as Jeruzalim, mei de klam op de u. De namme fan de haadstêd fan Israel is yn ús taal al hiel lang bekend en dêrom jouwe dy skriuwwize en útspraak gjin swierrichheden. De Israeliërs sizze yn har taal sokssawat as Jeroesjalajim, mei de klam op de twadde a en se skriuwe it mei hiele oare lettertekens as wy. Sa'n foarm yn de eigen taal (Jeruzalim) foar in bûtenlânske ierdrykskundige namme (Jeroesjalajim) wurdt in eksonym neamd. Oare foarbylden fan eksonimen yn it Frysk binne Berlyn en Parys.
   
Yn de neamde gefallen giet it om eksonimen dy't yn it Frysk al bekend binne. Jeruzalim is ta ús kommen troch de Bibel en it kristendom. Nammen as Aken en Wenen binne troch histoaryske kontakten ek al sûnt ieuwen bekend. It brûken derfan is ek hiel gewoan, gjinien sjocht jo der raar om oan as jo Fryske eksonimen as Berlyn of Parys brûke.
De definysje fan eksonym hat it oer ‘bûtenlânske ierdrykskundige nammen’, mar it is miskien better om dat te ferfangen troch ‘oarstalige ierdrykskundige nammen’. Want is it net sa dat wy yn it Frysk ek eigen Fryske foarmen foar Nederlânsktalige nammen hawwe? Tink mar oan Grins, Grinslân, Drinte, Stienwyk, Sânhuzen, Bloksyl, Gruttegast, de Isel, Oerisel. En fanâlds besteane nammen fan stêden as Deventer, Swolle en Utrecht yn it Frysk as Dimter, Swol en Utert.
Foaral by nammen dy't in Nederlânsk elemint yn har hawwe bestiet de oanstriid om dat elemint te ferfryskjen. As bygelyks in lân- of provinsjenamme op -land útgiet, meitsje wy dêr -lân fan: Gelderlân, Ruslân. By Duitsland meitsje wy fan de ui ek noch in ú (krekt as yn in persoansnamme as Bruinsma-Brúnsma). En in lange oo wurdt yn ferfryske nammen oa: Polen-Poalen, Noorwegen-Noarwegen. Ek it elemint 'wijk' lit him maklik ferfryskje sûnder dat men daliks in ‘hyperfryske’ foarm kriget: Koatwyk, Hurderwyk. Miskien komt dat omdat der ek Fryske nammen binne mei -wyk: Haulerwyk, Langewyk. Ek Hurder- foar Harder- yn de namme Harderwijk is om dy reden grif net frjemd, want wy hawwe in soartgelikens elemint yn Hurdegaryp.

Mar hoefier kin soks gean? Kin men alle oer te setten eleminten ek oersette om in Frysk eksonym te krijen? Kinne dan hoog en veen yn Hoogeveen ferfryske wurde om it eksonym Hegefean te meitsjen? En burg, dat yn it Frysk boarch is, kin dat brûkt wurde om Limboarch of De Boarch (Den Burg op Tessel) te foarmjen? En Zandvoort, is dat dan Sânfurd? As dat dien wurdt, dan moat der wol om tocht wurde dat net elk elemint is wat it liket te wêzen. Haar yn Haarlem is net hier (‘Hierlim’). Ham yn Hamburg is net Skinke (‘Skinkeboarch’). En Os yn Oslo is net Okse (‘Okselo’). Om it mar net te hawwen oer Riermûle (Roermond), Brûsboarch (Doesburg) en Moardrjocht (Moordrecht). It brûken fan dat soarte fan frjemdfoarmingen is ôf te rieden. Al wie it allinnich al omdat kaart- en navigaasjeprogramma's jo by it yntypen fan de namme fan sokke oarden by Dokkum om nei Nergenshuizen-Nearnehuzen stjoere.

(Friesch Dagblad 15-9-2012)

zaterdag 18 augustus 2012

her en wer


It kin wêze dat dizze collumn jo sa foldocht dat jo him nochris lêze wolle. Yn it Nederlânsk soe foar ‘nochris lêze’ it wurd herlezen brûkt wurde: ‘De collumn herlezen,’ of: ‘ze hebben haar gevraagd om alle 3000 dossiers te herlezen.’ Mei it wurdsje of foarheaksel her- wurdt yn it Nederlânsk oanjûn dat in hanneling nochris of opnij útfierd wurdt. Herlezen: in collumn lêze en dan nochris lêze. Soms feroaret of wiziget der by dat opnij útfieren wat. Yn ‘hij herziet zijn mening’ foarmet immen syn miening nochris, mar hy feroaret dy miening tagelyk ek. En her- kin ek brûkt wurde om eat yn de oarspronklike tastân werom te bringen: yn ‘de fyts herstellen’ wurdt de stikkene fyts wer yn syn oarspronklike tastân werombrocht.

It foarheaksel her- komt al hûnderten jierren yn it Nederlânsk foar. Neist dat it al âld is, is it ek produktyf: it kin brûkt wurde om nije wurden mei te foarmjen. Herlezen en herstellen besteane al lang, nijere wurden mei her- binne bygelyks herbevolking, herneembaar, herevalueren, herprioriteren of herintreden.
Yn it Frysk komt her- fanâlds net foar. Der bestiet in algemien gefoel of idee dat it gjin goed Frysk is en dat wurden mei her- yn it Frysk net kinne. Mar it Frysk hinget by it foarmjen fan nije wurden tige fan it Nederlânsk ôf. In Nederlânsk wurd as heractiveren kinne wy ek brûke, mar it moat dan noch wol efkes oerset wurde nei it Frysk. En omdat wy fine dat her- eins gjin goed Frysk is, brûke wy wer-, want dat betsjut ommers krekt as her- ‘noch in kear, opnij’. En sadwaande ferskine yn Fryske teksten wurden as werstelle, werlibje, wersjen en werrinnerje foar herstellen, herleven, herzien en herrineren. Foaral yn de media, mar ek op weblogs, Twitter of Facebook komt men soksoarte nijfoarmingen oates en toates tsjin yn sinnen as: ‘De Amsterdamske band sil Johnny Cash werlibje litte’, ‘Ik werinnerje my de diskusjes yn de gemeenteried’ en ‘de foarsitter is foar trije jier werbeneamd’.

En dochs, dy foarmen mei wer- lykje wol Frysk, mar it fielt lang net altyd goed. It hat faak wat keunstmjittichs, it is soms kramtriedderich. Meastal kin it mei in oar wurd of in omskriuwing krekt wat liniger en moaier sein wurde, bygelyks mei opnij: herbeginnen - opnij begjinne, herboren - opnij berne (sa bgl. yn de Bibel, Johannes 3:4). In oare opsje is oer-: herstemmen - oerstimme, herdopen - oerdope. Nederlânsk herkennen wurdt omset ta werkenne: ‘ik werkende him daliks’. Mar Frysker is fansels: ‘ik koe him daliks wer’. Fan herkauwen en hernemen kin wjerkôgje en wjernimme makke wurde.
Dochs kin men soms net om wer- hinne. Herverkiezing is net opnij ferkiezing of sa, mar werferkiezing. Wy soenen her- fansels ek liene kinne, en gewoan as ‘her-wurden’ yn it Frysk opnimme? De tsjerke is op 't lêst ek al ieuwen ‘herformd’ en net ‘werfoarme’. En op televyzje sjogge wy leaver de herhelling fan dy moaie goal as de werhelling? En dizze collumn, foldocht er sadanich, dat jo him leaver herlêze as werlêze?

zaterdag 21 juli 2012

Noflike fakânsje!

Minsken dy't it goed mei jo foar hawwe, winskje jo it bêste ta. Oan it begjin fan de dei winskje se jo in goede dei ta. As se nei tolven oer de drompel stappe, sizze se goeiemiddei en by de kassa roppe se ‘fijne dag’ (sûnder jo fierder oan te sjen). En fan ’t simmer winskje se jo in noflike fakânsje ta.
It wurd fakânsje komt út it midsieusk Latyn (vacantia) en betsjutte oarspronklik ‘frijstelling’, ‘it net wurksum wêzen’ en hat ferbân mei it Latynsk wurd vacare dat ‘frij wêze’ betsjut. Der is ek ferbân mei it wurd fakant, dat ek ‘frij, ûnferfolle’ betsjut. In gemeente mei in ûnferfolle dûmnysplak is bygelyks fakant. Yn it Frysk en Nederlânsk komt fakânsje al sûnt de fyftjinde ieu foar. De oarspronklike betsjutting fan fakânsje yn dy beide talen wie ‘tiidrek, skoft sûnder rjochtsittingen’. Letter wreide dy betsjutting him út nei skoallen en universiteiten: ‘tiidrek dat gjin les, kolleezje jûn waard’. En sa kenne wy it wurd fakânsje hjoed-de-dei noch. Dat it begryp fakânsje foaral mei frij fan skoalle te meitsjen hat kin men ûnder oaren sjen oan de gearstalde wurden dy't ûntstien binne mei fakânsje as earste of twadde lid: skoalfakânsje, aaisikersfakânsje, jirpelfakânsje, kachelfakânsje en fakânsjewurk. Ek in ferbining lykas grutte fakânsje ferwiist nei de liddige tiid op skoalle, dy’t yn dit gefal fiif of seis wike duorret.
Fakânsje is fierder populêr wurden yn de tiid dat de wolfeart tanaam en wurknimmers ek mear frij, dus fakânsje krigen. Meidat it hawwen en trochbringen fan dizze frije tiid hieltyd mear foar brede lagen fan de befolking beskikber kommen is, binne ek wurden ûntstien as fakânsjepark, fakânsjebestimming, fakânsjeleafde, fakânsjetaslach, fakânsjelân en boufakfakânsje. Fierders binne der dochfakânsjes, fytsfakânsjes, taalfakânsjes en skyfakânsjes. Dy lêste fjouwer wurden ferwize foaral nei de aktiviteiten dy't men útfiert yn de fakânsje. It wurd fakânsje doelt neist frij fan skoalle of wurk ek op de reis dy't men makket yn de fakânsjetiid. Dat docht bliken út wurden as fakânsje-adres, fakânsjebestimming, fakânsjebuorkerij, fakânsjefile, fakânsjeferkear, fakânsjefoto, fakânsjegids.
De betsjutting fan fakânsje as tiid dat eat stil leit, wreidet him ûnderwilens fierder út. Neist frij fan skoalle of it wurk, kin men ek fan oare ferplichtings frijsteld wurde. Sa bestiet der de houliksfakânsje, dêr't mei bedoeld wurdt dat in troud pear in skoftsje frijwillich útinoar giet om de spanning yn it houlik wat delbêdzje te litten. En in rintefakânsje is in skoft dat men frij is fan it beteljen fan (hypoteek)rinte, om't jins ynkommen te leech is. Ek by in tarikkend ynkommen is sa'n fakânsje oars wol noflik.
Dûmnys hawwe ek fakânsje en net allinnich simmerdeis. Sa waard ris fan in dûmny sein: Hy is yn ’e grutte fakânsje. Dêrmei waard bedoeld dat er yn de wintermoannen altyd âlde preken hâlde (en in soad frije tiid hie dus). Foar de gemeente dêr't dit spile mei men hoopje dat dûmny syn knyntsjedagen gau foarby wienen, itsij trochdat der nije preken kamen of troch in fakante perioade.

(Friesch Dagblad 21-7-2012)

zaterdag 23 juni 2012

Pûs of poes?

‘De pûs en it spûk diene elk in skûch út.’ Mooglik sjogge jo dat der trije flaters yn dit sintsje sitte: pûs is dochs poes, spûk moat spoek wêze, en skûch heart dochs skreaun te wurden as skoech? Alle trije wurden lykje ferkeard stavere te wêzen, mar dochs binne se neffens de besteande regels goed opskreaun! Mar, hawwe jo it dan ferkeard leard? Steane der flaters yn de Fryske lear-, lês- en wurdboeken?
It giet by de neamde wurden om de klank /û/ dy't yn it Nederlânsk mei ‘oe’ skreaun wurdt (soep) en yn it Frysk mei ‘oe’ of ‘û’ (boek, koeke, pûde, hûs). It is yn it Frysk wat dreger mei de klank /û/ as yn it Nederlânsk, want de /û/ kin koart (pûde, droech) of lang (hûs, koeke) wêze. It Nederlânsk hat allinnich mar in koarte /û/ (koek, schroef).
Yn 1879 is de Fryske stavering fêststeld. Wurden mei it /û/-lûd moasten soms mei ou (joun) skreaun wurde, mar it meast waard de /û/-klank mei û of oe skreaun. Wannear hie men de oe of û te brûken? Wie it mûs of moes, fûst of foest? Om dat fêst te stellen moast bgl. nei it Nederlânsk of Stedfrysk sjoen wurde. Wie it yn dy talen in ui (muis) of ú (mús), dan wie it yn it Frysk û (mûs). Hie ien fan beide talen in oo of oe, dan krige it Fryske wurd in oe (Nederlânsk: kogel, Frysk: koegel). In rare regel, want lang net elk kin Stedfrysk. En wat te dwaan mei wurden as stûf en lûke dy't net (mear) yn it Nederlânsk foarkomme of nea yn dy taal bestien hawwe? De regel wie dus net dúdlik.
Yn 1945 waard de stavering wizige en moast dy ûndúdlikheid oer de skriuwwize fan it /û/-lûd weinommen wurde. It foarstel wie om foar de /û/ tenei altyd it teken û te brûken: pûs, drûch, bûk, hûke. Mar dan soe it wurdbyld foar elk dy't wend wie om boek, poes en hoeke te lêzen of te skriuwen  tefolle feroarje. Dêrom waard ôfpraat om hast alle /û/-wurden mei in û te skriuwen, mar wurden dy't yn it Aldfrysk útsprutsen waarden mei in lange /oo/ en yn ús moderne Frysk mei in /û/, dy moasten yn de ‘nije’ stavering mei in oe skreaun wurde. Boek, boef en broek (Aldfrysk  ‘book’, ‘boof’, ‘brook’) holden dêrom de oe-stavering. Mar poes en skoech hearre sûnt 1945 as mei û skreaun te wurden, want yn it Aldfrysk bestienen ‘poos’ en ‘skooch’ net.

Dizze staveringsregel is likegoed dreech, want wat witte skoalbern, amtners of sjoernalisten en elk dy't Frysk skriuwt fan it Aldfrysk? Neat (en dat hoecht ek net). De regel jout blykber safolle swierrichheden dat gjinien him der oan hâldt. Elk skriuwt poes, skoech en spoek, en sa stiet it ek yn de lear- lês- en wurdboeken. De fraach is no: moat de regel dochs tapast wurde? Dan moatte alle boeken oanpast wurde. Of moatte wy de stavering wizigje en de besteande praktyk yn in regel opnimme? Sis it mar ...

(Friesch Dagblad 23-6-2012)

zaterdag 26 mei 2012

Ien omballing?


In eigenskip fan haadwurden (zelfstandige naamwoorden) is dat se in meartal hawwe kinne. Men kin ien krante of twa kranten keapje. Troch efter in haadwurd bygelyks in -n of -s te setten jout men oan dat it om mear as ien fan it neamde wurd giet. Sa ek yn dizze foarbylden: ien wurd, twa wurden; ien kompjûter, twa kompjûters; ien museum, twa musea; ien molke, twa molken; ien finânsje, twa finânsjes. By de earste trije wurdpearen sille jo meistimme dat it om ien of mear giet, mar by de lêste twa foarbylden moat de twivel wol taslaan. Kin dat: Ien molke, twa molken? Molke as ‘wite floeistof’ kin net teld wurde, krekt as ‘goud’ en ‘izer’. Dat binne saneamde stofnammen en dy kinne gjin meartal hawwe. En kin dat, ien finânsje en twa finânsjes? Ferlykje de folgjende sinnen mar ris: ‘De minister fan finânsje’, en ‘hja hat har beide finânsjes regele.’ Nee, finânsjes bestiet allinnich as meartal en finânsjes kin ek net teld wurde:‘ien, twa finânsjes’ kin net.

Ek harsens, manufaktueren, notulen en wetterpokken kinne allinnich mar yn it meartal stean. Besykje mar ris in sintsje te meitsjen mei sa’n wurd yn it inkeltal: ‘Hokker notúl bedoele jo?’, ‘Hoe krije jo it yn ’e harsen?’ It wol net en it kin net. Sa’n wurd dat allinnich mar yn it meartal stiet, neame taalkundigen in plurale tantum, in term dy’t út it Latyn komt.
In skift fan wurden dêr’t sokke meartallen faak by foarkomme, is dat fan lichemsdielen en organen: harsens, urinewegen, luchtwegen, genitaliën. It Nederlânsk hat by dit skift ek ingewanden en hurken. Hurken komme allinnich foar yn de fêste ferbining: ‘op z’n hurken zitten.’ Yn it Frysk hawwe wy foar hurken: de hoksen. Dat wurd komt krekt as de hurken ek yn in fêste ferbining foar: ‘yn ’e hoksen sitte’. Mar oars as it Nederlânsk kin it yn it Frysk wol frij (net yn ferbining) en yn it inkeltal brûkt wurde: ‘de linker hokse jokket my.’ Yn it Nederlânsk kin ‘mijn linker hurk jeukt’ út noch yn net. Neist lichemsdielen besteane der ek sykten dy’t allinnich as plurale tantum foarkomme: mûzels en wetterpokken.
Der binne ek wurden dy’t wol yn it inkeltal steane, mar yn ien fan syn betsjuttings perfoarst yn it meartal moatte. Ferlykje marris: ‘Grutte wâlden mei miljoenen beammen’ en: ‘Burgum en Eastermar lizze yn de wâlden.’ It earste wâlden kin wol yn it inkeltal (‘in grut wâld’), mar it twadde net. ‘Burgum leit yn it wâld’ is net goed, of it moat wêze dat de sprekker bedoelt dat Burgum yn in wâld mei beammen (in bosk) leit. Mar dat is besiden de wierheid.

Neist de al neamde pluralia tantum, besteane der noch folle mear soksoarte meartalswurden:  Avesearskuon, kosten, klean, innen en oanen. En fierder noch wurden as babbelegûchjes, gibeltsjes, kluchten, grysjes, tûkelteammen, omballingen. Dát binne saken dêr’t je soms fan woenen dat der mar ien fan bestie, mar dat kin spitigernôch net ...