zaterdag 4 januari 2014

Fuort dermei

Yn ’e lêste moanne fan it krekt ôfsletten jier 2013 kamen wer allegear ferkiezings fan it moaiste wurd of taalferskynsel yn it nijs. Op de website fan Utjouwerij Van Dale koe men kieze foar it ‘woord van het jaar’. Van Dale hie al in foarseleksje makke mei dêryn wurden as socialbesitas, sletvrees, participatiesamenleving en selfie. Dat lêste wurd keazen de stimmers ta wurd fan it jier. Van Dale kaam der hiel faak mei yn it nijs en dat is fansels moaie fergeze reklame foar sa’n útjouwerij. Mar der binne mear wurden fan it jier. It genoatskip Onze Taal rôp participatiesamenleving út ta wurd fan it jier, in wurd dat by Van Dale ek meidie, mar it dêr net helle. Selfie is fansels in stik hipper as participatiesamenleving. It lêste wurd ropt miskien mear negative gefoelens op, want it wurdt al gau assosjearre mei besunigings en krisisellinde en dat kin in reden wêze om it wurd dan mar net mear sa moai te finen.

Der koe fierder stimd wurde op de moaiste ‘onjuiste’ spaasje. Wurden dy’t oaninoar skreaun wurde moatte, mar dat net binne en dy’t dêrtroch in (grappich) misferstân feroarsaakje. Der koe ûnder oaren keazen wurde út ‘weer updates’ (= weerupdates), ‘bronstige hertenimitator’ (= bronstigeherten-imitator) en noch fjouwer oare mispleatste spaasjewurden (of is it mispleatstespaasje-wurden?)

Dan wie der de ferkiezing fan de moaiste siswize fan 2013: Hee hef ooner ’n droad hen vretten, in siswize ‘oet Twente’ dy't betsjut dat er it mei in oare frou as syn eigen oanlein hat; de ferkiezing fan ‘de slechtste slogan van het jaar’: ‘It’s de Cock that makes the man’, fan kleanwinkel Jan de Cock yn Tilboarch, en de ferkiezing fan it anglisisme fan it jier. Dat wie ‘akward’, en dat betsjut pynlik (wêrom’t akward sein wurde moat as pynlik bedoeld wurdt, is my net alhiel dúdlik).

Foar it Frysk hat de Ried fan de Fryske beweging de wedstriid ‘Moaiste wurd 2013’ útskreaun: Tolve wurden ferfryskje, mei dêrby wer selfie en sletvrees, mar ek afhaakman, knuffelcrimineel, kauwdrug en scheefwerken.
De aardichste wurdferkiezing fan 2013 wie dy fan it Instituut voor Nederlandse Lexicologie: Weg met dat woord! Dêr moasten de stimmers oanjaan hokker wurd sa gau as mooglik út it Nederlânsk ferdwine moast. Men koe wer op selfie en participatiesamenleving stimme, mar dy waarden net útkeazen. Dat koe hast ek net oars, want dy wienen krekt by Van Dale en Onze Taal keazen ta it wurd fan 2013! It fuort te smiten wurd waard ‘kids’. Wy hawwe blykber ús nocht fan de kids en prate leaver wer oer de bern (of ‘kinderen’). Sa sjogge jo mar wer dat moadewurden soms mar in koart libben hawwe. As se faak en oant ferfelens ta brûkt wurde, krije wy ús nocht en begjinne wy sokke wurden te mijen.
 
Foar it Frysk is sa’n list fan wurden dy’t wy ‘as kyspijn misse’ kinne ek wol wat. Hokker wurden sizze jo fan: Fuort dermei! Hjir is myn top 10: ‘leuk’, ‘oant moarn’, ‘foedselbank’, ‘bêstgenôch’, ‘mienskip’, ‘hoihoi’, ‘erch’, ‘De Friese Meren’, ‘hokker’, ‘welke’.
Jou yn de kommentaar-opsje oan hokker/welk wurd(en) om jo wol fuort kinne.

4 opmerkingen:

  1. It wurd 'kyspijn' hoecht it Frysk net oer te nimmen of te lienen. It Frysk har ommers it wurd 'pinemûle'.
    Der wurde yn it taalgebrûk wol gauris wurden opnommen dêr't hielendal gjin ferlet fan is. Spitigernôch is dat yn it hânwurdboek ek bard; aldergelokst stiet der dan de H fan Hollannisme by. It Frysk hat in knoarre wurden dêr't in geef-Fryskprater wol fan ôf wolle soe, as wie it pinemûle (kiespijn?). Mar as der dan net in gaadlike ramplesant foar is, wat moatte jo dan? Sokke gefallen binne der faaks net folle. My tinkt dat it Frysk wurden en linigens genôch hat om fan alles útdrukke te kinnen.

    Samar in skot foar de boech ...
    Ed Knotter

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Smyt bêstgenôch mar fuot. Piter Wilkens sjongt der ek oer. Ik fyn it sa twadde kar. 't Koe better mar 't is bêst genôch. Fuot mei dat wurd, elk hat rjocht op it allerbêste ;-)

    BeantwoordenVerwijderen
    Reacties
    1. It alderbêste is fansels bêstgenôch ...
      Ik fyn it hiel aardich dat der oer guon wurden soms hiel ferkillend tocht wurdt. De gefoelswearde kin soms hiel bot ferskille. Ik haw ris ien sizzen heard, doe't him frege waard hoe't it mei him wie: "Ah goed ju, it hoevht net better." Dêr spruts in tige tefreden gefoel út en dy tefredenens hear ik ek yn dat aparte wurdsje 'bêstgenôch'. It kin faaks altyd noch better; better as bêst? Ik gun Sjoerdtsje de Vries ek it alderbêste! Mar as ik dat te faak sizze soe, soe de betsjutting dochs wat ôfslite kinne. Dat jildt grif foar alle wurden yn in taal; ek foar bêstgenôch. As men it foar it earst heart, hat it wat grappichs, mar dat giet der op 't lêst wol ôf. Lykwols fyn ik it in wurd dat wat spesjaals útdrukt en treflik yn it Frysk past.
      Net alte faak brûke, mar perfoarst net fuortsmite.

      Ed Knotter

      Verwijderen
  3. Wat kinne wy (net) misse?

    Wurden derút smite dy't net yn 'e taal sitte …, hoe soe dat moatte? Yn in skot foar de boech haw ik al oanjûn dat der wurden yn it Frysk opnommen wurde (en faak sels yn it hânwurdboek steane mei de H fan hollanisme der by), dy't der net yn thús hearre. Wêrom in wurd liene út in oare taal as der al in eigen wurd beskikber is? Sa'n frjemd wurd ha wy gjin ferlet fan en as wy it net oernimme, hoecht it letter ek net wer út 'e taal skrast te wurden. Sa hoege wy leuk net, welke net en Friese Meren ha wy ek net. Wêrom soe it Frysk syn eigen wurden dêrfoar oan 'e kant sette?
    Soms komme der nije begripen dêr't it Frysk (noch) gjin wurd foar hat. Dan moat der liend of wat nijs betocht wurde. Jo fine net samar in Fryske wjergader foar voedselbank (foedsel is gjin Frysk). As foedselbank al yn 'e taal sit, kin it der better mar wer út, mar dan moat der al in nij wurd foar komme. As dúdlik is oan hokfoar begryp of oan hokfoar aspekt fan dat begryp oft wy útdrukking jaan wolle (yn dit gefal goedkeape itenswaar of de fergese distribúsje dêrfan), dan is der grif in goed Frysk wurd foar te betinken.
    It Frysk hat wurden (en dat sil yn oare talen fansels ek sa wêze) dy't yn in beskate perioade sa faak brûkt wurde dat de ynhâld ôfswakket en syn kleur ferliest. Dan wolle jo dy wurden net mear hearre, foar in skoft alteast. As wy hieltyd mar wer it moaie fan ús mienskip beneame wolle en it oant ferfelens ta hawwe oer de mieskip dit en de mienskip dat, ja, dan is it op 't lêst in útkôge wurd en soenen wy it hast wol kwyt wolle. Sa'n wurd in skoftsje mije, is dan mar it bêste, want de taal kin it wurd fansels net misse. As wy it oer in beskaat begryp hawwe wolle, sille wy ommers it wurd brûke moatte dat wy dêr foar ta ús foldwaan hawwe.
    Fansels sil it sa wêze dat der linkenoan oars oer beskate begripen tocht wurde sil (opfettings feroarje en tiden hawwe tiden); dan ferskoot de ynhâld fan de wurden en dy sille faaks oars brûkt wurde. Dat is dochs net slim? Sa kin taal feroarje en dat is bêstgenôch.
    Net samar fuortsmite wat wy hawwe, mar tsjinkeare wat wy net hawwe wolle!

    Ed Knotter

    BeantwoordenVerwijderen