zaterdag 1 februari 2014

Great, greuter, greotst



Yn Berltsum roint it, yn Drachten reint it en yn Twizelerheide reent it. Yn Koudum smarre se buter op 'e bôle, yn Damwâld bûter en yn Easternijtsjerk buotter. Binnen it Frysk besteane farianten dy't dialekten neamd wurde. De dialekten dy't it grutste gebiet beslane binne de Wâlden en de Klaai, lytsere dialekten binne it Dongeradielster Frysk,  it Súdhoeks en it Súdwesthoeks. Dat is sawat rûchwei de yndieling, de grinzen binne net skerp en hjir en dêr binne noch wer lytsere ‘enklaves’ dêr't se it noch krekt wer oars sizze. Dat der Fryske dialekten besteane is net útsûnderlik, it Nederlânsk hat ek sa syn dialekten.
It Nederlânsk hat in standerttaal, in taal dy't neist de dialektfarianten stiet en foaral as algemiene omgongs- en skriuwtaal brûkt wurdt. Dy standerttaal is troch de skiednis hinne ûntstien omdat er yn it ûnderwiis en de media, troch de oerheid en de tsjerke brûkt waard. Fierder is dy standerttaal yn wurdboeken en grammatika's fêstlein. Yn dy standerttaal spylje de dialekten amper of gjin rol: de dialektútspraak ‘teveul’ wurdt net yn de gewoane taal skreaun en stiet net yn it wurdboek, de standertfoarm ‘teveel’ dêrfoaroer wol.

Mei it Frysk is dat oars: yn de skriuwtaal komme fan in hiel soad wurden skriuwfoarmen foar út twa of mear dialekten. De û/o wiksel yn bûnt/bont en hûndert/hondert binne dêr foarbylden fan. Oare fariantepearen binne de ie/ee yn giel/geel, de a/e yn hawwe/hewwe. Dat soarte fan wurden steane hieltyd ek beide yn it wurdboek. Is der fan alle farianten dan in Fryske skriuwfoarm gongber? Nee, want neist lizze skriuwe wy net leze, neist neaken gjin nêken, neist keapje net keepje. En bealch, dat ek útsprutsen wurdt as beolch hat net de skriuwfoarm beolch. It wurd heit wurdt útsprutsen as heit, hait en hoit, mar wy skriuwe allinne heit. En wy skriuwe ‘ik kaam thús’ en net ‘ik kâm thús’. Om it mar net te hawwen oer woarst/wjarst of fuort/ fjort. En wat te sizzen fan grut: greut, greot (en earder great) wurdt ek sein, mar der is hjoed-de-dei mar ien staveringsfoarm: grut.

Lang net elke dialektfoarm wurdt dus skreaun. Dat guon foarmen net (mear) skreaun wurde, hat grif te meitsjen mei it feit dat it Frysk him stadichoan ûntwikkelet yn ’e rjochting fan in standerttaal mei meast ien skriuwfoarm foar in wurd. In soarte fan boppe-regionaal Frysk dat krekt as de Nederlânske standerttaal oanleard wurdt yn it ûnderwiis, brûkt wurdt troch media en oerheid en dat yn wurdboeken en grammatika’s fêstlein is. Tsjinstanners fan sa'n soarte fan standerdisearring fan it Frysk sizze dat minsken dan har eigen dialekt net mear skriuwe kinne, omdat dy foarmen ferkeard rekkene wurde soene. Lykwols, gjinien skriuwt syn eigen dialekt: it Frysk hat al in soarte fan standerttaal en in hiel soad dialektfoarmen wurde hielendal net skreaun.
Net omdat se net goed binne, mar fanwege it gemak fan in standert (ien skriuwfoarm leare en net trije). De kar tusken farianten as great, greuter, greotst is al lang makke: de standert is grut, grutter, grutst.

(Friesch Dagblad 1-2-2014)

Geen opmerkingen:

Een reactie posten