zaterdag 1 maart 2014

Karen Bies skriuwt Grut Frysk Diktee 2014

Woansdei 16 april wurdt de finale fan it tolfde Grut Frysk Diktee hâlden. It evenemint fynt lykas wenst plak yn de Steateseal fan it Provinsjehûs yn Ljouwert. Tekstskriuwer en foarlêzer is dit jier Omrop  Fryslânpresintatrise Karen Bies. Oaninoar of los, Haadletter of net, û of oe, f of v, streekje of gjin streekje, hjerring of hearring, frjemde of âlde wurden? Karen sil de dielnimmers útdaagje om op har iepenst te wêzen foar dat soarte fan tûkelteammen en ûnferwachte ynstjonkers. It diktee is stavere neffens de jildende regels foar de Fryske stavering.
Meidwaan oan de finale
Wat moatte jo dwaan om kâns te meitsjen op in finaleplak by it Grut Frysk Diktee? Streekje de flaters yn ûndersteand kwalifikaasjediktee oan en set efter elke sin hoefolle flaters oft jo yn dy sin fûn hawwe. Tel dêrnei alle flaters op en skriuw ek it totaal op. Stjoer it kwalifikaasjediktee mei jo namme, adres, telefoannûmer (en e-mailadres) nei: Diktee 2014, p/a Fryske Akademy, Postbus 54, 8900 AB Ljouwert. De bêste 40 ynstjoerders wurde útnoege om mei te dwaan oan de finale op 16 april. Jo ynstjoering moat foar 25 maart ynkommen wêze. Finalisten krije yn ‘e wike dêrnei berjocht.
  1. De omslag dy’t revolúsjes tewei bringe kinne somstiden de wrâld sadanich yn disoarder bringe dat neitiid, as der wêr wat oarder yn de gaös kommen is, de wrâld amper mear werom te kinnen is.
  2. Der binne refolten dy’t mei gewelt en fordrukking minskerjochten teskuorre en tegnjidzje; en der binne revolúsjes dy’t sûnder houwerij de boel ûnderstboppe keare.
  3. De Yndustriele Revolúsje mei de feroaring fan de agraryske maatskippij nei de mear megansyke maatskippij mei massaproduksje en kapitalisme makke oarsoartiche slachtoffers as de Russyske Revolúsje, wêr’t geweren en bommen de sfeer bepaalden.
  4. De útfining fan de boekdrukunst is ek sa’n omkear dy’t in sadanigen impakt op de wrâldskiednis hawn hat dat wy, de minsken fan dêrnei, ús amper of net yntinke kinne hoe’t it dêrfoar west hat.
  5. De digitale revolúsje sette út ein mei de útfining fan de kompjoeter, mar de trochbraak kaam mei de yntroduksy fan ynternet, mei de yntree fan apensturt en epost, mei it yndrukken fan ctrl+alt+delete, en mei sms-kes, Whattsapp-en, de snoadfoan en it tablet.
  6. Mei spionnearjende Amearikaanske websneupers en oeral big brother-eftige gnúfkamera’s as moderne strúnjagers is jins privasy net mear feilich.
Oplossings oer de e-mail rjochtsje oan: fryskdiktee@fryske-akademy.nl

Geen opmerkingen:

Een reactie posten