Gelokkich
is dizze frjemde stavering net neifolge. Tiidgenoaten fan Sytstra hiene
al better foar it forstân dat as jo de minsken oan it Frysk-lêzen krije
wolle, dat de stavering
dan ienfâldich wêze moat. Yn 1879 kaem der in earste beregeling fan de
Fryske stavering. Dy staveringsregels hawwe it oant 1945 ta úthâldden en
liket noch wol aerdich op hoe't wy yn diztiid it Frysk skriuwe. In pear
fan de greate forskillen tusken de stavering
fan 1879 en fan 1945 binne to sjen yn dit sintsje: ‘Wy scille (sille)
det (dat) wirk (wurk) fen (fan) dy man yn stikken skûrre (skuorre).’
Tusken heakjes stiet de foarm neffens de regels fan 1945. Dit is al
better nei te kommen as it pseudo-Aldfrysk fan Harmen
Sytstra.
Miskien
binne jo aerdich bitûft yn it Frysk-lêzen: jo lêze elke dei in stikje
út de Fryske Bibel, alle wiken in Frysk boek en fansels alle moannen
dizze rubryk. Soenen jo dan
in boek fan Reinder Brolsma, Ulbe van Houten of Simke Kloosterman mei
wurden as ‘wirk’, ‘fen’, ‘scille’ ‘hjar’, ‘skûrre’ en ‘det’ net neikomme
kinne? Miskien moat it earst wol wat wenne, mar as it in goed boek is,
dan lêst it nei forrin fan tiid grif al flotter.
Yn
1980 is de Fryske stavering noch in kear foroare en fierder
forienfâldige. Inkelde wizigingen binne dat de ou yn wurden as joun en
goune feroare yn û ( jûn, gûne) en dat
de ae yn bygelyks aep en baen no aa (aap, baan) waerd. For- en bi- yn
wurden as foriening en bigeanber waerd wizige yn fer- en be- (feriening
en begeanber). De h foar hwer fordwoun en to waerd te. Oft it foar ús,
lêzers út 2014, no ek dreech wurden is om teksten
yn de âlde stavering fan foar 1980 te lêzen? As jo dit stikje goed
neikomme kinne, hawwe jo it antwurd.
Ja, ik fyn de âlde stavering lêstich. Yn it ramt fan Frysk B moat ik ek boeken lêze fan foar 1980 (1946 o/m 1975), mar ik haw der as ymport muoite mei. Ik bin ommers krekt wend oan de hjoeddeistige stavering...
BeantwoordenVerwijderen