zaterdag 26 april 2014

Lawabbels en hingelmatten



Yn ien fan syn ferhalen skriuwt de njoggentjinde-ieuske auteur Joast Halbertsma: ‘ Noch ferachtliker neamden se him lawabbel, omdat er net by de man stie lykas de spekstro, of de earte en beane.’ Dêr stiet ien wurd yn dat net misstien hie yn it Grut Frysk Diktee fan 16 april: lawabbel. Giet it hjir miskien om in persoan? Mar dan is de ferbining mei spekstro (spekpankoeken), earte en beane wat nuver. Nee, in lawabbel is in ierappel. Halbertsma ferbasteret it wurd ierappel op humoristyske wize om goed útkomme te litten dat ierappels sa streksum net binne as spekstro, earte en beane.
It wurd ierappel is foarme út ierde en appel. Yn it Frysk is ierappel yn 'e rin fan 'e ieuwen ferbastere ta foarmen as earappel, earpel,  jerappel, rjappel en ierpel. It aparte is dat elke hoeke fan Fryslân syn eigen útspraak fan ierappel hat.

Der binne yn it Frysk en Nederlânsk mear wurden dy't sa ferbastere binne, dat jo net mear sjen kinne wat it oarspronklike wurd west hat. By ierappels’ tinkt men net mear oan ‘appels’ út de ‘ierde’ en dêrom is yn 'e rin fan de ieuwen de útspraak sa feroare dat men it oarspronklike wurd net mear werom ken. Sa sjogge jo oan lawabbel net dat it in ferfoarming fan ierappel is. En wat soenen jo meitsje fan ferbasteringen as tusearte, stynske weet, leghorn, gouden lyskes of titelroas? Yn en om Drachten sizze de minsken tusearte foar (griene) beantsjes. Dat komt fan Turkse earte. Stynske weet is mais en komt fan Eastynjeske weet (‘Oostindische tarwe’). ‘Leg’ yn it Nederlânske ‘leghorn’ hat neat mei ‘leggen’ (lizze, aaien lizze) te meitsjen, nee it hinneras ‘leghorn’ is in ferbastering fan de Italiaanske plaknamme Legorno (hjoed-de-dei bekend as Livorno). Gouden lyskes binne appels fan it ras golden delicious. En titelroas (‘narcis’) komt fan ‘tideloas’ dat wer fan it Nederlânske ‘tijloos’ komt (fgl. ‘herfsttijloos’).

Yn leghorn, gouden lyskes en titelroas komme wy yn leg-, lyskes en -roas bekende wurddielen tsjin. Mar dy hawwe dus neat te krijen mei it tiidwurd ‘leggen’, de namme ‘Lyske’ of mei ‘roazen’. Dy bekende wurden of wurddielen binne ûntstien omdat de minsken eartiids de oarspronklike wurden ‘legorno’, ‘delicious’ en ‘tideloas’ net (mear) begriepen. Dêrnei binne se yn it gewoane taalgebrûk ferbûn mei wurden dy't wol bekend wienen: leg-, lyske en -roas. En hjoed-de-dei tinke wy by leghorn, gouden lyskes en titelroazen dat it om ‘leggen’, ‘Lyske’ of ‘roazen’ giet. Mar sa sit it dus net!
Noch sa’n gefal is it Nederlânske ‘hangmat’. Dat komt net fan ‘hang’ en ‘mat’, mar fan it Spaanske ‘hamaca’, dat ûntliend is oan it Taino, de taal fan de Arawak-yndianen op Haïty. It betsjut ‘hingjend sliepplak’. It moaiste is noch dat ‘hangmat’ dêrnei yn it Frysk oerset is ta ‘hingelmatte’. Joast Halbertsma ferbastere yn syn tiid as grap de ierappel ta lawabbel. De taalpuristyske, hyperkorrekte ‘hingelmatte’ is lykwols perfoarst gjin grap: it is as serieus wurd opnommen yn de Fryske wurdboeken. Lawabbels en hingelmatten moatte wy mar mei in kerreltsje sâlt nimme.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten