zaterdag 16 oktober 2010

Help de pake- en beppesizzer troch de tiid

Yn de hjerstfakânsje dogge Fryske musea har bêst om derfoar te soargjen dat pake en beppe har net ferfele sille. Under it motto 'Help pake & beppe de vakantie door', moatte bern dêrom de âlders fan har âlders meinimme nei in museum. Krekt as hienen pake en beppe thús net genôch âld guod om te besjen. Dêrby kin der ek oan twivele wurde oft de âlde minsken har wier wol ferfele. De measte pakes en beppes hawwe genôch wurk mei it oppassen op de bern har bern. En dêr komt noch by dat foaral beppe it noch drok hat om har ferneamde appeltaart, tomatesop of sûpenbrij te meitsjen. 'Oma weet Raad', dus oan in museum komt beppe net mear ta. En pake sit yn it dowehok, is oan it biljerten, skoffelet de folkstún of fermakket him as hingâldere yn it winkelsintrum.

Yn it Frysk waarden pake en beppe earder ek wol oarreheit en oarremem neamd. De 'oare' heit of mem dus, as ûnderskied fan de 'gewoane' heit en mem. En de heit en mem fan oarreheit en oarremem wienen oeroarreheit en oeroarremem. Dy oantsjuttings foar (oer)pake en (oer)beppe binne yn it begjin fan de foarige ieu lykwols ferdwûn en komme allinnich noch mar yn âlde romans en wurdboeken foar.
De wurden pake en beppe steane noch aardich sterk yn it Frysk. Sels bern dy't yn it Nederlânsk opbrocht wurde, sille it Frysktalige foargeslacht noch pake en beppe neame. It yntime karakter fan famyljerelaasjes en de frekwinsje fan dy wurden sille dêr oan meihelpe. Yn in Hollânsk fermidden wurde wurden as pake, beppe, heit, mem wol akseptearre. It past ek wol by de status dy't it Frysk sa njonkelytsen hat: in taal goedernôch foar wat losse wurden en titels. Op harsels steande Fryske sintsjes en wurden dogge it dan wol goed. In wenningbedriuw neamt himsels Elkien, it bedriuw dat de smoargens oprommet hjit Omrin. Eveneminten as Kulturele Haadstêd of Ljouwert Culinair krije in Fryske namme, mar fierders is it allegear Nederlânsk. Geveltsjefrysk dus.

No werom nei de famylje. De bern fan jo bern neame jo pake of beppe. Mar wat sizze jo tsjin de bern fan jo bern? Opa en oma hawwe it oer de kleinkinderen en yn it Frysk wurdt hjoed-de-dei de term lytsbern faak brûkt. Dat is in letterlike oersetting fan it Nederlânsk. Op himsels is it net frjemd dat men in wurd út in oare taal lient en dan oerset nei de eigen taal. Sokke lienoersettings sit it Frysk fol fan, tink oan in wurd as hingâldere of oerbuorman. Mar it Frysk hat fanâlds foar kleinkinder(en) wol wurden: bernsbern, pakesizzer, beppesizzer of pake- en beppesizzer.
Der wurdt wol klage dat de bern sok min Frysk prate, mar dat is net altyd wier. Dêr't pake en beppe it hjir wat sitte litte, hâlde yn dit gefal de bern de Fryske kop der foar. Dêrom in oprop foar oarreheit en oarremem: help de pake- en beppesizzer troch de tiid. 
(earde publisearre yn Friesch Dagblad 16-10-2010).

Geen opmerkingen:

Een reactie posten