maandag 4 oktober 2010

Noflik wenjen

Het hele werkwoord
It Friesch Dagblad komt sneons geregeld mei de bylage Noflik wenjen. In ekstra krante fol mei foto's, teksten en advertinsjes oer moaie huzen, eigentiidske wenningynrjochting, keukens, sliep- en badkeamers en wat al net mear. De titel fan dy bylage, Noflik wenjen, dêr is wat mei. Noflik is goed Frysk en wenjen ek. It leit dus net oan de wurden, mar wol oan de foarm. Wat is der no krekt ferkeard oan de foarm fan dat sintsje. Om dat dúdlik te meitsjen earst in pear regels út de Fryske en Nederlânske grammatika.
Noflik wenjen is mooglik in oersetting fan Nederlânsk aangenaam wonen. It wurd wonen is in saneamd tiidwurd of yn it Nederlânsk in werkwoord. It 'keale' tiidwurd, dat is it 'hele werkwoord', is de gewoane foarm. Mei in taalkundige term neame wy dy foarm de ynfinityf. Yn it Nederlânsk hawwe alle ynfinitiven as lêste letter in -n: wachten, wonen, zitten, schrijven, trouwen, transpireren, slopen. Yn it Frysk geane de ynfinitiven fan hast alle tiidwurden út op in -e: wachtsje, wenje, wurkje, sitte, skriuwe, trouwe, switte, slope. De tiidwurden stean, gean, jaan, dwaan, slaan, tsjen, sjen geane net op -e út, mar op -n, mar dat is yn dit stikje net wichtich.

Twa soarten 'hele werkwoorden'
Ien fan de ferskillen tusken Frysk en Nederlânsk is dat der yn it Frysk twa foarmen fan it hiele tiidwurd binne. Dat binne earst de al neamde foarmen op -e, lykas wenje, wurkje, drave, skriuwe ensfh. Mar der bestiet ek in twadde foarm: in ynfinityf dy't op in -n útgiet. Yn dy gefallen krije wy: wenjen, wurkjen, draven, skriuwen ensfh. De foarm sûnder -n is de gewoane foarm, mar yn guon gefallen wurdt de foarm op -n brûkt:
1.    as it tiidwurd brûkt wurdt mei it derfoar: it rinnen wol net mear, troch it waskjen ferkleuret it rokje, it noflike wenjen op in doarp.   
2.    as der te foar stiet: der is jild nedich om dat te keapjen, geskikt om te bewenjen, ik kom om help te freegjen.   
3.    mei gean en/of bliuwe, yn kombinaasje mei de folgjende tiidwurden: ik gean/bliuw sitten, stean, hingjen lizzen; ik bliuw rinnen, dêr wenjen, stykjen   
4.    yn guon oare konstruksje mei in oar tiidwurd: ik hear him sjongen.   

Wenje of wenjen?
As der dan in foarm wenjen bestiet, werom is de titel fan de bylage dan net goed? Dat leit him oan de regels wannear't dy -n efter wenje stean mei en wannear net. Yn de titel Noflik wenjen, heart it gewoan it 'keale' tiidwurd te wêzen. Dêr moat dus de foarm sûnder -n stean: noflik wenje. Der stiet ommers gjin it of te foar (regel 1 en 2)  en it hat gjin oar tiidwurd by him (regel 3 en 4). Wat neffens de regels wol kin is: it wenjen foldocht my goed of sy komt op in flatsje te wenjen. Wat neffens de regels net kin is noflik wenjen.
Dêrmei is de les foarby, no mar wer noflik krantlêzen? Nee no: noflik krantlêze.
(Earder publisearre yn Friesch Dagblad 4-9-2010)

Geen opmerkingen:

Een reactie posten