zaterdag 3 maart 2012

Mooi ien ut Friesk twitterje


Yn ’e foarige ôflevering fan ‘Wurden’ seagen wy dat it Frysk in (beskieden) plakje op Twitter hat, mar de fraach wie oft dat genôch is om te sizzen dat it Frysk in libbene taal is. Dêrom noch mar ris in stikje oer Twitter, om te sjen hoe’t dêr oan Frysk dien wurdt. De Fryske twitterders skriuwe sels berjochtsjes of antwurden op dy fan oaren. Dy eigen berjochten binne Frysktalich, de antwurden binne of Frysk of Nederlânsk. Frysk wurdt brûkt tsjin minsken dy't yn it Frysk twitterje, Nederlânsk tsjin Nederlânsktalige twitterders. Dy twatalichheid slút hielendal oan by de wizânsje yn it mûnlinge taalferkear yn Fryslân. De measte Friezen prate dêr ûnderinoar Frysk en skeakelje daliks oer nei it Nederlânsk as se dêr yn oansprutsen wurde. Sit dêr noch altyd it idee achter dat de oar jo net ferstiet of jo stikje net lêze kin? It giet der by kommunikaasje op 't lêst om dat in oar jo begrypt en dan kiest men foar alle wissichheid leaver foar it Nederlânsk.

De Fryske skriuwers staverje it Frysk gauris fonetysk (neffens de útspraak): ‘Dan mat we ek eefkes om skwon sjen’. Ek komt moai foar it ljocht as in twitterder yn in Frysk dialekt skriuwt: ‘... en don harre we t wer hoan fjar disse wieke!’ De skeanprinte wurden binne typysk Wâldfrysk. Neffens de útspraak opskreaun is ek de folgjende meidieling: ‘vemidje ryde?’ Offisjeel heart it ‘fan ’e middei ride?’ te wêzen. Mar tweets wurde meast mei in mobyltsje of ‘smart phone’ makke en dy hawwe lytse toetskes om mei te typen en dat is lestich. Dan moat it sa koart as mooglik, bygelyks ‘wrm net’ (wêrom net). Je kinne de wurden ek ferkoartsje troch sifers te brûken of de klank fan letters. Dat skeelt yn it oantal lettertekens as jo mar 140 brûke meie. Foarbylden dêrfan binne ‘Dr88’ (Drachten) en ‘wist ut no cker’? (seker). By dat gebrûksgemak past ek dat der gjin dakjes en streekjes brûkt wurde. Yn ‘Mat alinne om 5oere wolwer thus wese’ moat thus ‘thús’ wêze en in dakje op de e yn wese (wêze).
Geregeld wurde de staveringsregels ferkeard tapast. Yn ‘vemidje ryde?’ stiet ride mei in y yn stee fan in i. Deselde twitterder skriuwt ek: ‘joen te rieden?’, ride no ynienen dus mei ie. Yn de folgjende sintsjes noch inkelde foarbylden fan wurden dy't neffens Nederlânske regels skreaun binne: ‘ik ha jet fan moarn mar wit net zeker’, ‘dan kin we mij us centsjes die we vertsjinne ha mij 'skyscraper' mooi een my little pony hus keapje’, ‘volgens mij ol.’ De stomme h foar in j (jir) mist wol gauris en der stiet ek wol in h dêr't it net moat: ‘Hjoen wer lekker frikandelbroodjes’.

It binne meast jonge minsken dy’t it Frysk ‘yn libben’ hâlde op Twitter. It is allinnich spitich dat se hast allegear de staveringsregels net tapasse. Komt dat om’t hjir sprake is fan in ûnderwiisefterstân? Dan leit der in moaie taak foar it Frysk ûnderwiis.

4 opmerkingen:

  1. Do bedoelst it Frysk ûnderwiis dat op de legere skoalle oantangele sit mei in ûnwurkbere lesmetoade, wylst der gjin rop te fernimmen is om in oarenien, en wylst de ûnderwiisynspeksje by it hearren fan it wurd 'Frysk' dalik de oare kant út sjocht?

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Ja, dat. Der is altyd oe sa'n opskuor oer ûnderwiisefterstannen, mar dan giet it noait oer de efterstân oangeande it Frysk. Ik wit fansels net oft de knoffelichheid fan de twitterkes allinnich komt troch in 'ûnderwiisefterstân'. Myn lyts skôginkje oer twitterfrysk is net hielendal wittenskiplik ferantwurde, mar ik sinjalearje wol in trend.

    BeantwoordenVerwijderen
  3. Komt seker troch it ûnderwiis. Ik haw op skoalle noait ek mar ien letter Frysk skriuwen leard...

    BeantwoordenVerwijderen
  4. Goeie Hindrik, soene wy meikoarten in kear in ôfspraak meitsje kinne? Der is in moai Idee yn it ramt fan 2018, soe ik graach oer prate wolle. Myn mail is abedevries@hotmail.com. Groetnis!

    BeantwoordenVerwijderen